De faam

Antsje, dy’t as faam tsjinnet yn in yngenieurshúshâlding, hat in brief fan har frou Styn yn ‘e hannen krige mei yntime geheimen. Dêr sjantearret se Styn mei.
Yngenieur Cor is op reis en Antsje docht wat se wol. Se lit Styn it wurk dwaan, hâldt dêr in jierdeifeestje yn ‘e hûs en sa mear.
Styn rekket der skjin mei oan en wit har op ’t lêst gjin ried.
As har man thúskomt fertelt se him alles. Mei jild en drigeminten keapet er it brief fan Antsje werom.

//Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.

As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.

Wespen

‘Wespen’ is spesjaal foar it amateurtoaniel skreaun, nei oanlieding fan in kranteberjocht. Troch it hiele stik komme wespen as in tema oan’e oarder. Andree hat, troch in wespestek, in auto-ûngelok krigen en leit mei in brutsen foet op bêd. Syn frou, Sylvia, is de hiele dei by him. Har grutste winsk is in bern te krijen, mar dat lit op him wachtsje. Harren relaasje is net sa goed, mar der wurdt net in soad oer praten. Sylvia rekket oerspand en wol sa slim dat se yn in psychose rekket. Dit resultearret yn in sêne dy’t har werklikheid op dat stuit ferbyldet. As it mei Andree wer wat better giet dan sit Sylvia ûnder de medisinen en is der sleau fan. De dokter seit dat it mei har ek better giet. Op it ein stjert de heit fan Andree. Troch it besef dat hy syn âlders nea sa goed kennen leard hat liket it derop dat Andree en Sylvia besykje sille wat tichter byelkoar te kommen.

As de keallen op it iis dûnsje

Gerard Groen besteget syn frije tiid oan it besjen fan ‘e stjerren. Benammen it stjerrebyld Lyra, dat seit him wat. Op in jûn, as der in moannefertsjustering ferwachte wurdt, jout hy him der sa yn, dat er de libbene Lyra as in prachtich jongfaam by him de keamer ynkommen sjocht. Hja seit dat hy har roppen hat en dat hja him helpe wol syn problemen op te lossen. Sa wol hja helpe om syn ferkearing mei Andrea troch middel fan in leafdesdrank op it goede spoar te setten. Mar dat rint út ‘e hân. Want behalve Andrea reitsje ek oaren, dy ’t dêr thús hearre of dêr komme, ûnder ynfloed fan dy drank. Dat binnen syn keamermaat Fred en dy syn faam Selena, Roas, in buorfamke, en Gab, de monteur fan it G.E.B. Gerard syn mem bliuwt der frij fan, dat dy kin gewoan mei Lyra prate. As de betsjoening, troch yn ‘e hannen te klappen, ophâldt, is it smoarfereale-wêzen oer en giet elk wer gewoan syn wegen. Sagau hawwe Gerard en Andrea, frou Groen de doar net útlitten, of hja falle mekoar om ‘e hals en wurde it iens.
Lyra besjocht noch efkes it resultaat fan har wurk en reizget dan tefreden ôf nei it plak, dêr ’t hja weikommen is en thús heart.

Skaakstik

Twa freonen spylje in spultsje skaak om in frou. It seit himsels dat de spanning by it spul ôfgryslik grut is. De ynset blykt by ien fan de twa sa grut, dat er it net mear oan kin en de stikken fan it boerd reaget.
Dan wurdt der in brief besoarge dêr ’t de frou yn ferklearret dat se fan beide likefolle hâldt. Sy wol en kin net kieze en nimt ôfskie fan harren mei dizze brief.

Tink om’e buorlju

Dokter Pil hat by syn jubileum in reis oanbean krige en sil 4 wike mei de frou fuort, buorman van Dalen en’e frou sille sa lang op it hûs passe. No hat it feest foar dokter gâns mear koste as de kollekte yn it doarp opbrocht hat en van Dalen, dy’t skathâlder fan’e feestkommisje wie, sit mei in tekoart fan sa’n f. 1.500,00. Hy wol besykje dat jild boppe wetter te krijen troch it doktershûs twa wike lang oan fakânsjegongers te ferhieren. Der komme pensjongasten, mar ek Jos, de dochter fan dokter, komt ûnferwachts in pear dagen thús…
It seit himsels dat der hiel wat keunstgrepen útfûn wurde om alles yn goede banen te hâlden. De brike sitewaasjes dy’t har foardogge, sille de fleur der by it publyk wol yn bringe.

Nacht

Nacht bestiet út in dialooch tusken in man en in frou. Se binnen troud en + 40 jier âld. It is jûn en hy wol mei syn frou op bêd. Hy besiket de goede sfear te skeppen troch it begjin fan harren leafde te beskriuwen. Sy hat lykwols hiele oare oantinkens. Se komme net tichter by mekoar.
KOMMINTAAR:
Hoe minsken wol mei mekoar prate, mar net by mekoar komme kinne. Prachtig oefenstikje om foaral it goede ritme en de sfear fan de tekst te ûndersykjen.

SP

Pech

In jonge skilder, dy’t wennet en wurket yn in souder-atelier, stjit op in man fan de geheime plysje, dy’t him ferstoppet yn in kast. De autoriteiten fertinke de skilder fan moard en it dwaan fan noch oare misdieden yn ‘e takomst. De fertochte ferdigenet himsels heftich, mar sûnder súkses. Hy hjit net foar neat Pech. As hy sjocht dat ek syn freondinne de beskuldigings begjint te leauwen sjit hy de geheime plysje dea. Dêrmei hat it rezjym de moardner krigen dy’t it nedich hat om it optreden fan de oerheid te legitimearjen. De oerheid bewiist dus syn besteansrjocht troch misdieden ‘oan te pakken’ dy’t sels útlokke hat.

Kommintaar:
Wrange kommeedzje dy’t inte is op de ûnderdrukkende situaasje yn de Eastbloklannen, foar it fallen fan de Berlynske Muorre yn 1989.
De Tsjech Pavel Kohout wie (mei de hjoeddeiske presidint en skriuwer Vaclav Hável) ien fan de meast promininte figueren yn de perioade fan de Praachske Maitiid, ein sechtiger jierren. Doe’t dy delslein waard, waarden Kohout, Hável en safolle oaren oer de mûle slein. Kohout sels kaam in tal jierren letter syn eigen lân net mear yn nei in reis nei it bûtenlân.
Syn stikken binne humoristysk, skerp en tige ûnderhâldend. It probleem is allinne dat de stikken spylje yn in situaasje dy’t net uzes is en dat de krityk dy’t yn de stikken besletten leit, foar ús dan ek wol hiel maklik is. Wa’t foar dit probleem in ynteressante oplossing wit te betinken hat hjir in moai stik yn hannen, dat ek troch amateurs goed te spyljen is.

HB

Hearlike Dagen

Oant har middel yngroeven yn in heuveltsje sit in grou frommes fan middelbere jierren.
Is hja yngroeven yn it sân oan it strân?
Dêroer lit de skriuwer him net út. Wol is it oeral keal, ljocht en waarm.
It liket der wol op dat Winny, sa hjit de frou, dêr altyd sit, dei en nacht. Hja hat in simmersk boesgroentsje oan, in pearelsnoer en bleate earms.
Neist har leit in taske mei guod.
Efter it heuveltsje sit har man, krekt net sichtber foar Winny, mar ek it publyk kriget hast net mear fan him te sjen as de efterkant fan syn strânhuodsje. Winny kletst wat ôf oer de lytse dingen fan it libben, de drege dingen, de oangename dingen, de wûndere dingen.
Hja docht dat faak hiel fleurich, mar ûnder dy fleurigens priuwe jo de wanhoop fan it doelleaze alledeiske libben. Datselde jildt foar de krekte hannelingen dy’t it ritme fan it deiske libben útmeitsje: toskepoetse, hierkamme, opmeitsje, de wekker sette.
Sa no en dan giet der in belle en dan wit Winny: no is it tiid om yn ‘e spegel te sjen, no is it tiid om dy ree te meitsjen foar de nacht, ensafh. Sûnder dy regelmjittigens is it libben hielendal in einleaze flakte, mar ûnder dat oerflakkige gehakketak priuwe jo de twifel oan de sin fan dy oardering.
De rol fan har man Willy yn dit alles is minuskúl. Hy seit amper in wurd, krûpt wei yn syn hol as de tiid dêr is – koartsein hy libbet noch wol, ,mar mear as in opdroege gewoante.
Yn de twadde helte fan it stik sit Winny oant har hals yn it sân. Nettsjinsteande dy tanommen beheining fan har bewegingsfrijheid, bliuwt hja har fleurigens behâlden. Jo fiele dat de ein tichteby is, mar wat moat men oars? Winny besiket har seinings te tellen en as de belle foar de lêste kear giet sjocht hja nochris leafdefol nei Willy.

Kommintaar:
Winny hat wat fan tante Pollewop fan Godfried Bomans. Deselde ûnferwoastbere fleurigens en frommes-eftige nuodlikens. Mar dan in tante Pollewop dy’t fuortsinkt yn it moeras fan it deistige libben. Oan dat libben seit eins kop noch sturt: it begjint like tafallich as it einigje sil, likefolle as it gerinkel fan de belle yn dit stik.
Dochs kinne wy, krekt as Winny, net oars as besykjen bliuwe om de dingen in namme te jaan, te beskôgjen, de sin en ûnsin dêryn besykje te ûntdekken. De rol fan de taal dêryn is hiel wichtich. Faak dûke der yn Winny har holle taalfoarmen op dy’t út it ferline of fan earne oars komme: klisjees, útdrukkings, gebeden, gedichtsjes. De taal dy’t hja nedich hat as middel om de werklikheid te begripen, blykt sels like wûnderbaarlik te wêzen as de barrens en de dingen dy’t hja yn de werklikheid oantreft. Hja besjocht har eigen sizwizen, lykas de tafallich foarbykommende mychimmel dy’t hja troch har fergrutglês bestudearret.
De grutte fraach dêr’t de auteur jin foar stelt is dan ek: wat kinne jo eins fan de werklikheid begripe, as it middel dêr’t jin dat mei dwaan moat allike tsjuster is?
Beckett brûkt gjin metafoaren om de grutte tema’s fan it libben mei te symbolisearjen. En syn stik is ek net tryst. Hy lit in gewoane frou skynber sûnder gearhing in ein fuortrattelje, op in wize dy’t faak tige fermaaklik is en wêr’t jo by alle oerflakkigens dochs it gefoel krije: hjir giet it yn it libben oer.
Foar in aktrise dy’t mei minimale middels it ûnderste ris út ‘e kast helje wol is dit in prachtich stik.

HB