Spul om ‘e baas

Tema: in bolderbast, dy’t elk om ‘e finger wynt, oant….
It stik spilet yn in húshâlding fan man, frou en dochter, dêr’t se der ek noch in húsfeint op nei hâlde. De man is de baas, better sein de tiran yn ‘e hûs: elk is like benaud fan him. Dochter Maaike hat lykwols in feint, Jan, en dy wol graach mei har trouwe. Fierder is der noch in bankdirekteur, dy’t ek gading makket nei de dochter.
As Jan him op in dei moed yn dronken hat om de baas te freegjen oft er mei Maaike trouwe mei, dan fynt er de bankdirekteur as konkurrint op syn paad. Mei dy konkurrint wit de baas wol ôf te weven, mar dat slagget him mei Jan net, krektoarsom: Jan kriget de baas alhiel yn ‘e macht en it slagget him op it lêst de baas yn in kast op te sluten dêr’t er him net earder wer útlit as dat er syn jawurd jûn hat mei de romte fan tasizzingen dêr omhinne.
Hindrik, de húsfeint, spilet it hiele stik troch de wat ûnnoazele húsfeint, dy’t ivich en altyd elkenien gelyk jout en nei de mûle praat.

Bytiden is it te let

It liket hast gewoanterjocht te wurden dat Frâns fan Lierstra syn frou alles foar him en de beide grutte bern weinimt. Elk tinkt allinne mar oan himsels en “mem” is it sloofke, dat alles wol goed fynt. Dit begjint mem hieltyd mear tsjin te stean, foaral as dêr noch by komt dat har man omgong hat mei in oare frou. Op in stuit is it har oer en docht se ek allinne mar wat foar harsels nedich is en lit se de oaren oanmodderje. It komt mei Frâns safier dat er mear by dy oare frou is, as op’e saak en dat hat fan gefolgen dat dy saak slim yn’t neigean rekket. Dan grypt syn heit yn en Frâns moat him, fan ûnderen op, op’e nij wier meitsje.
Mem hat yntusken ek net stil sitten, sy fertelt op in stuit dat se troch it skriuwen fan boeken gâns in ynkommen hat. Noch hat it thúsfront in boerd foar de holle, sy binne yn gedachten al mei mem har jild oan it ferpartsjen. Sy binne lykwols te let, mem docht út’e doeken, dat se in hûs kocht hat dêr’t se har, mei har âldelju, nei wenjen sette sil en dat se skiede wol.
De egoïsten moatte har no sels mar rêde.