Alle dagen snein

Georges en Marie binne troud en we sjogge harren yn harren deistige libben. Georges is krekt mei de VUT en timmert no wat yn syn hok om, Marie docht it hûshâlden. Se prate in soad byinoar lâns en hawwe it in soad oer de tiid. Se wenje bûtenút, Marie is dêr net bliid mei, de bern komme hast noait mear del. It binne twa minsken yn it lêst fan harren dagen. Wat moatte jo noch dwaan? Wêr moatte jo it noch oer hawwe? Georges fersûpt him yn syn wurk om hjir mar net oan te tinken. Marie wol graach leuke dingen dwaan no’t Georges der einlik tiid foar hat. Dan ferstjert Marie.

Ferbining ferbrutsen

In frou skillet mei de man dy’t koartlyn de relaasje mei har ferbrutsen hat. Syn stimme is net te hearren.
Hy hat har nei fiif jier ferlitten om mei in oare frou te trouwen. Sy is lykwols sa ôfhinklik fan him, dat se dit gesprek oangrypt as lêste mooglikheid om kontakt mei him te hawwen. Se makket harsels allegear ferwiten: sy woe te graach lokkich wêze, se hie it witte kinnen, soks hâldt in kear op. Ut har monolooch kinne je opmeitsje dat hy har allinne bellet omdat er meilijen mei har hat en boppedat, hy moat noch in pear saken hawwe dy’t by har steane. Sels al fertelt er dat er mei dy oare frou nei Marseille sil, dan fynt se him dochs hiel leaf omdat er oan har winsk foldwaan sil, net nei it hotel te gean dêr’t sy altyd tegearre wiene. Dan hinget er op en sy hat wilens de tillefoantried om har nekke dien en se smoart harsels.