Beton

In soan komt op besite by syn al âldere heit en mem yn harren lúkse oanleunbungalow.
De soan is net wurden wat heit en mem hope hiene. Froeger skopte hy tsjin alles oan dêr’t syn
heit foar stie, tsjin de wrâld fan it grutte jild en alles dat ‘boargerlik’ wie. En al is hy yntiid
sels miskien in bytsje boargerlik wurden, noch altyd hat hy in hiel muoisume ferhâlding mei
syn heit. Dizze besite oan heit en mem is dan ek in seldsume gebeurtenis.
Op dizze dei is ek syn suster Lucy der. Op har liket neat oan te merken – al wie it mar omdat
se har as in goede dochter sûnder kleien oer har âlde lju ûntfermet. Koartsein, it belooft as
fanâlds in drege en stroefe famyljegearkomste te wurden
En dan komt pynlik oan it ljocht dat heit en mem yntiid folle mear help noadich ha as dat
elkenien tocht hie. En heit en soan moatte ek noch it ien en oar oersljochtsje fan wat der
froeger allegear gebeurd is.

Cruise

Neidat de man fan Betty stoarn, en Fieps skieden is,
beslute de beide skoansusters dat se fieder tegearre troch it libben sille.

Dat feroaret as in eardere eks fan Betty op deselde cruise sit as de beide froulju.

Nije Buorlju

Herman hat in ferrassing foar syn frou Barbara, sy hat altyd graach op in buorkerijke wenje wollen, ergens oan de râne fan in doarp. Oant no ta wennen se yn de stêd, mar no’t se wat âlder wurde, wurdt ek it langstme nei dat buorkerijke grutter.

Herman hat, sûnder dat Barbara dat wist, in buorkerijke kocht, ergens fier bûten de stêd. Barbara wurdt sechstich en dit is neffens Herman it perfekte kado foar dit heuchlike feit. Yn it geheim riedt hy in grut feest ta yn it krekt oankochte buorkerijke.

Hy hat lykwols gjin rekken holden mei de nije buorlju. At dy der achter komme dat Herman miskien wol in hiel grut geheim mei him mei draacht, is de hikke fan de daam. Farsk fleis yn it doarp wurdt altyd mei arguseagen besjoen.
Mar is dat wol terjochte?

De kloklieders

Op útnûging fan har earste leafde Gilbert, dy’t koster is, sjocht Justine op in jûn, boppe-yn de tsjerketoer, nei de fallende stjerren.

Wylst se de kiker foar de eagen hat, komt se der achter dat se sa ek har eigen hûs sjen kin.
En wat se dêr sjocht, dêr rekket se totaal troch fan streek. Har man Erik leit op bêd mei Laura, de bêste freondinne fan Justine. Justine wol mar ien ding, wraak! Mar hoe dogge je dat?
Op in grut feest, dat in jier letter holden wurdt, omdat Erik dan fiif en sechstich wurdt, fiert Justine har plan út.
En hoe sil dat ôfrinne?

Kluchten en Kueren

It giet net goed mei it kueroarde fan Fons en Tina. De rekkens wurde of te let of hielendal net betelle en foaral de rekken fan de stroom en it wetter binne dan gefaarlik fansels. Wat is in kueroarde sûnder stroom en wetter? Neat. It personiel is ek al yn staking gongen omdat se de lêste moannen it lean net krigen ha. En no stean Fons en Tina der dus tegearre foar. Dat past harren eins net, want keninklike heechheid prinses Clothilde sil, lykwols ynkognito, in wike meidwaan oan in kuer om te fermeagerjen. Mar stel dat se it de prinses wol nei ’t sin meitsje kinne, dat soe de bêste reklame wêze dy’t se ea hân ha. Mar slagget dat sûnder personiel? Fons en Tina betinke in twillingbroer en twillingsuster dy’t as personiel opdrave moatte. Dit soarget foar de nedige kommoasje by de gasten

Te let

Eva, in frou op leeftyd, sit yn tsjerke te wachtsjen op it begjinnen fan de begraffenis fan har man Bram.
Lotte, de beppesizzer, (dit kin ek in jonge wêze fansels) is by har. De begraffenisûndernimmer, mei de kiste fan Bram, is der noch net, hy is te let!
Yn seis tafrielen fertelt Eva oer it leven mei har man en hoe’t hy it foarmekoar krige om altyd te let te kommen, sels op syn eigen begraffenis!
Dit stik is ek hiel geskikt om as ienakters spile te wurden. Alle seis tafrielen binne perfekt apart fan elkoar as ienakter te spyljen, sûnder dat je de ynhâld fan de oare tafrielen noadich binne.

In frou fan fiif miljoen

‘By Swa’ is in restaurant ergens yn Fryslân. Francois, de eigener, is in poerbêste sjef-kok, en tagelyk in fûleindich oanhinger fan Jack Nicholson. Geraldine, syn takomstige frou, is him eins opkrongen troch in omke fan him. Dy omke is stoarn en hat in knoarre jild achterlitten. Dat kin Francois allinne erve as hy mei Geraldine trout. Allinne as Geraldine net mei him trouwe wol, of dat se frjemd gean soe, dan soe Francois it jild sûnder fierdere betingst erve kinne. Geraldine is in arrogante, ûnoantreklike frou en Francois is alhiel net fan doel om mei har te trouwen. Hy is smoar op Claudia, de tsjinster fan it restaurant, mar dy wiist him oant no ta ôf. As Claudia der achter komt dat Francois erve kin, draait se fuort by. Dit is tsjin de seare foet fan Tom, de barman, want hy hie oant no ta in relaasje mei har. Hy makket foto’s fan de eskapades fan Francois en Claudia en wol der in slaadsje út slaan. Omdat Geraldine perfoarst mei Francois trouwe wol, litte Claudia en Francois in hiermoardner komme om Geraldine fan kant te meitsjen. Dat slagget foarearst net, ek al omdat de man in Italjaan blykt te wêzen dy’t gjin wurd Frysk ferstiet. Ut in kleaune fan yntriges komt Francois as oerwinner út de bus!

Wanda wasket wyt

Wanda is in jonge frou mei in rûzich ferline, se sit in straf út foar yllegale prostitúsje en hannel yn drugs. Se hat al twa kear earder ûnder betingsten frij west, mar dat is beide kearen mislearre. No krijt se, nei dat se 3 jier fêstsitten hat, de lêste kâns om sjen te litten dat it ek oars kin. De betingsten om definityf frij te kommen binne: in fêst wenadres en fêst wurk. Ek mei se gjin strafbere dingen dwaan. Wanda giet oan de slach by in muoike fan har, se kin dêr wenje en deis yn de waskerij wurkje. De waskerij is lykwols in fertutearze boel. It liket der sels op dat de waskerij noch foar de ein fan de moanne de doarren slute moat fanwegen achterstân mei it beteljen fan de hier, en dan soe se dus al oan ien fan de betingsten net mear foldwaan kinne.
Nei in pear dagen stiet har âld poaier en -dealer al foar de doar, hy wol har graach werom ha. Dan komt der ek noch in freondinne fan har del, dy’t út de finzenis ûntsnapt is, dy siket en krijt ûnderdak by Wanda. Dit past fansels ek net yn de betingsten en it liket der dan ek op dat se yn de koarste kearen wer yn de bak sitte sil.
Wanda is lykwols net ien dy’t by de pakken delsit en se is fêstberet dizze lêste kâns te brûken, sadat se noait wer werom hoecht nei de finzenis.

Oanrieders

Aktrise Vera is troud met Mark. Se ha ien soan, Martijn. Vera fertsjinnet, neist har wurk as aktrise, in bulte jild mei oandielen. Mark sit al jierren sûnder wurk. Hy seit sels dat er filmprodusint is, mar hy hat mar ien film makke en dat is in flop wurden. De film is makke mei it jild dat Vera fertsjinne hat mei de oandielen. Paula, in freondinne fan Vera, wennet by harren yn om by te kommen fan de skieding en sit meast depressyf op de bank. Vera wurket tefolle, Mark drinkt tefolle. It is it jier 2008, krekt foar de finansjele krisis. It liket as is jild net belangryk.

Jild is ek net alles

Ferdinand en Marie-Claire binne by elkoar wei, teminsten, sy is al in skoft fuort, mar definityf is it noch net.
Ferdinand is in hiele ferfelende, kribbige man sûnder respekt foar de froulju. Neidat de bern it hûs út gongen binne, is it allinne mar slimmer wurden, en dêrom is Marie-Claire fuort gongen. Sy komt út in rike famylje dêr’t in soad âld jild sit, en sadwaande koe se wol in oar hûs keapje.
Mei Ferdinand giet it allinne mar achterút sa lang at Marie-Claire fuort is. Hy krijt dien op syn wurk, ek fanwege dat er sa frou-ûnfreonlik is, mar sit wol mei hege kosten foar it no eins te grutte hûs. Syn dochter Petra stipet him wat en se is tydlik by him ynlutsen. Oare steun krijt er fan buorfrou Annie, dy bringt sa no en dan wat te iten en hâldt it hûs wat op oarder.
Dan komt der in brief, fan in muoike fan Marie-Claire, út Kanada. Muoike sil net lang mear leve en se wol perfoarst net dat de erfenis yn ferkearde hannen komt. Dêrom hat se betocht om sels te kontrolearjen oft Ferdinand en Marie-Claire noch wol in gelokkich gesin foarmje. Mar Ferdinand wennet allinne en Marie-Claire is fuort. En muoike stiet al gau op ’e stoepe. Hoe moat dit no?