Heit wêze

‘Heit wêze’ is in tragi-komeedzje oer dûbele moraal, ferjouwing en wraak. Moat in soan foar syn heit soargje at dy dat noait foar him dien hat? Daniel hat in modern, iepen houlik mei Lara.
Syn nijste flam hjit Anoek: in lekker jong ding, spannend en net komplisearre. Dan komt Daniel syn âlde heit foar it ljocht ; oait in rokkejager, mar no slim siik. Daniel sit net allinne yn’ e mage mei de man, dy’t nochal wat krityk hat op syn wize fan libjen. Mar ek mei Anoek, dy’t it yn de tuskentiid oanleit mei in Spanjaard en in Poal.
En Lara, minder bliid mei it frije houlikslibben, suchtet en wachtet ôf. Of net?

John Gabriel Borkman

Bankdirekteur Borkman, dreaun troch jildsoargen en heechmoed, begie earder in finansjeel misdriuw en moast hjir 8 jier foar sitte. Soan Erhart wurdt grutbrocht troch de twillingsuster fan de frou fan Borkman, Ella. Omdat sy jild hat kin sy der foar soargje dat de famylje yn it hûs wenjen bliuwe kin. As Borkman wer thús is wennet er 8 jier op de boppeferdjipping en komt de doar net út.
Hy tinkt noch altyd dat er syn slach slaan sil. Hy hat syn les dus noch net leard en offeret úteinlik syn hiele famylje op foar jild en macht.
Yn de foarm fan in famyljedrama levert Ibsen hjir ek skerpe sosjale krityk.

Rûn Rjocht

Rûn Rjocht is in pleit foar leafde en opoffering en slút hielendal oan by de diskusje fan hjoed-de-dei oer leefberens en wurkgelegenheid op it plattelân. Yn in meislepende, muzikale en humoristyske foarstelling is dy aktuele problematyk ferweve mei it ferhaal fan de stedehâldersdochter Gaja. Dy kin, troch in traumatyske ûnderfining, fan jongs ôf oan net prate. At der yn it lân in wiksel fan de macht ta stân komt, wurdt har heit fermoarde en flechtet har mem sûnder Gaja. De tsjinstfaam Frouck nimt de noed foar Gaja op har, mei alles wat dêr efterwei komt. As in oantal jierren letter yn fredestiid, de mem oanspraak makket op it âlderskip en it erfrjocht, komt it ta in rjochtsaak. Yn de rjochtsaak rint it ferhaal fan de stedehâldersdochter Gaja, syngroan mei de diskusje oer it plattelân fan hjoed-de-dei.
Yn in opskuor jaande en ûnferjitlike rjochtsaak wurdt der in antwurd socht op de fraach wa’t de úteinlike sizzenskip oer Gaja en dermei oer de grûn krije sil.

Fûgels

De 60 jierrige Jaap (troud mei Just) freget him ôf wat it libben him noch te bieden hat. Ynienen komt de jongere, strakkere Linda foarby. En ja hear, hy hapt ta. Mar letter ferskynt de noch jongere Carla…
Just nimt in gloednije flat foar harsels. Gûlt en begjint op ‘e nij. Lestich is wol dat har nije flat pal tsjinoer de flat fan har eks-man en nije freondinne stiet. Se kinne by elkoar yn ‘e keuken, of slimmer noch, by elkoar yn ‘e sliepkeamer sjen. Wat moat se dwaan? En hoe sit it mei har eigen romantyk? Is dat no foar altyd oer en út?
Wurde Jaap en Just wol lokkich sûnder elkoar? Is der in wei werom? Kinne se wer yn itselde hûs en troch deselde doar?
De sênes wurde oanelkoar breide troch twa fertellers. De taskôger fljocht fan hjoed nei juster en fan ferline wike nei in oere earder deselde moarn!

In Pompstasjon

Samson wurket as monteur yn de garaazje by in pompstasjon op it Frânske plattelân. It pompstasjon wurdt net in soad mear brûkt, it leit yn in uthoeke by in utwreiding fan in fleanfjild. De monteur pielt noch wat om mei auto’s en is tsjûge fan de ûntwikkelingen yn de hushâlding fan Madeleine en har trije grutte dochters. Alles feroaret at Madeleine har eks-man Humbert nei 18 jier wer opdûkt op it pompstasjon.

Oan’t nei de fakânsje

It stik spilet him ôf yn de leararekeamer fan de Cull-Loomis skoalle yn Cambridge, in skoalle mei in oplieding Ingelsk foar net-Ingelsktaligen. De tiid is begjin jierren sechtich. St. John Quartermaine is de âldste fan it leararekorps en wurdt de lêste tiid wat ferjitlik. Bytiden wit er nammen fan kollega’s net mear, ferjit er les te jaan en falt gauris yn sliep yn’e leararekeamer. Ek de soargen en drokten fan syn jongere kollega’s geane oan him foarby. Boppedat giet it it lêste jier net sa goed mei de skoalle, de kosten fan de ferbouwing wiene wat oan de hege kant en der binne te min nije ynskriuwingen. De jongste learaar dy’t krekt begong is, Derek Meadle kin net iens in fêste oanstelling krije. As nei de fakânsje alle leararen werom komme hat elk syn aventoeren, mar Quartermaine hat neat belibbe, is de hiele tiid thúsbleaun. It lêste tafriel spilet him ôf foar de Krystdagen. De âld direkteur is krekt ferstoarn en it is tiid foar feroarings. Der fynt in wikseling plak en Quartermaine wurdt de wacht oansein om’t er net mear funksjonearret. Iensum bliuwt er achter yn’e leararekeamer wylst alle oare kollega’s sizze: “Oant nei de fakânsje”.

Waarm en kâld

It stik spilet yn in sjyk miljeu. Leona, de frou, hat de iene frijer nei de oare, sûnder dat har man dat wit. Allinnich de tsjinstfaam wit alles krekt. De frijers binne mannen dy’t harren sels graach wiis meitsje dat se troch passy fertard wurde. Mar einliks is it mear de jaloerskens tsjin oer elkoar dy’t harren driuwt. Leona wit de frijers hiel handich tsjin inoar út te spyljen en hâldt se sa allegear oan it lyntsje. Oan dit alles komt ynienen in ein as har man ferstjert. Dan dûkt ynienen in hiel jong famke op dat in ferhâlding hie mei har man. Wa hie dat ea tocht fan dy saaie, brave man. Ut alle macht besiket Leona te bewizen dat sy allinnich mar fan har man hâlde en dat hy allinnich fan har hâlde. It is in stik oer kâlde leafde en hertstochtlik manipulearjen. Mar ek oer hokfoar byld minsken fan elkoar hawwe en hokfoar byld se tinke dat in oar fan harren hat.

De keale sjongster

Menear Smith en mefrou Smith sitte yn harren wenkeamer yn in bûtenwyk fan Londen. Se hawwe it iten op, hy lêst de krante. Dat en noch folle mear oerstallige meidielings hearre wy fan mefrou Smith. Underwilens slacht de pendule, dan wer ris trije, dan wer tretjin kear.
Ek yn it petear tusken menear en mefrou Smith wurde foarearst dingen sein, dy’t se sels al witte, of dy’t folslein absurd binne. Lykas it petear oer Bobby Watson en syn famylje, dy’t ek allegear Bobby Watson blike te hjitten. De konversaasje is hjir dus suvere foarm, bûtenkant. As in oar echtpear op besite komt, wurdt it noch frjemder. It duorret sawat tsien minuten foar de twa der efter komme dat se op deselde tiid yn deselde trein sitten hawwe, yn de selde strjitte wenje, ensfh. – en dus: man en frou fan inoar binne…
Mei de komst fan in brânmaster op syk nei brân, wurdt it noch hilarysker. Op it lêst kraait elkenien der allinich noch in ritmyske wurdenbrij út, lykas wiene it konversaasjemasines dy’t op hol slein binne.

Godskes, in gabber

Bonny Kamminga ferwachtet in brief dêr’t -nei ’t sy hopet- yn stiet dat se oannaam is as liedster yn in bernekamp op Skylge. Dêr sit se mei har freondintsje oer te beljen as har suster Reinou de telefoan brûke wol, want har nije feint Wander sil foar’t earst op besite komme. Broerkes en suske binne o sa nijsgjirrich nei dy nije “flam” en as Reinou dan in fotootsje wei-tôget dêr’t Wander -as gabber ferklaaid- oan in toanielstik mei docht (mar dat witte de oaren net) op stiet, sille se him wol even “waarm” ûntfange! It hûs wurdt omtovere yn in coffee-shop en midden yn’t heislikste kabaal komt mefrou Tsjesma om mei Bonny te praten oer’t bernekamp.. Gelokkich komt nei alle fersin alles wer op syn poatsjes telâne.
In tige leuke en flot te spyljen ienakter, foaral omdat hjiryn it probleem spilet, dat elk tsjinwurdich gau in oardiel hat oer syn meiminske.

De broek

Theobald en Louise Masker binne krekt troud. Yn it boargerlik fermidden fan Dútslân omtrint 1910 betsjút dat, dat de man syn frou mear as tsjinstfaam sjocht. Boppedat hat hy losse hantsjes. Dêrneist is Theobald in typyske fertsjinwurdiger fan de lytsboargelike moraal: in amtner fan lege rang mei in lyts ynkommen en konservatyf fan opfettings. Louise sit wat mear yn. Hja is romantysk fan aard, fielt har opsluten en is teloarsteld yn de ferwachtings wat it houlik oanbelanget. Mei buorfrou Deuter -in “âldfaam” fan 33- fantasearret se oer aventoerkes.
By it begjin fan de hanneling binne wy tsjûge fan in hiel trelit. Theobald is poerrazend: midden op strjitte, wylst der in protte folk op’e lappen wie, is Louise har broek ôfsakke! De hiele buert praat deroer. Theobald kin syn baan as amtner wolris ferlieze, sa tinkt er. Dit blykt wol wat ta te fallen, mar it ynsidint hat al oare gefolgen. Twa manlju wiene tsjûge fan it pikante barren en tinke: wa wit is der wat te fersieren en melde harren as keamerhierders by de Maskers. Theobald is bliid mei de hierder: it bringt jild yn it laadsje en Louise dreamt fan in romantysk slipperke.
Fan dit slipperke fan Louise komt (spitichernôch) neat fan. It is krekt de ferfelende Theobald dy’t mei buorfrou Deuter…
In poer geskikt stik foar in ploech dy’t ris wat mear wol as it gewoane simpele blijspul.

Fando en Lis

In absurd stik oer de tragyske leafde tusken Fando en Lis. Lis is oan beide skonken ferlamme en sit yn in bernewein. Fando kin alles mei har dwaan wat er wol. Ek al hat er har leaf, hy is faak hiel wreed tsjin har; krekt as kin er net oars. Hy makket har mei in ketting fêst oan de wein en hy slacht har. It ienige dat sy dwaan kin is him tasizze litte dat er fan har hâldt en dat er foar har soargje sil en har ienige wraak is te swijen. Se hawwe foar elkoar keazen, mar witte harren gjin rie mei de leafde.
Harren doel is yn Tar te kommen, mar dat wol net slagje; alle kearen dat se op wei geane, komme se wer op it selde plak werom. Se moetsje trije mannen dy’t ek op wei binne nei Tar. Se beslute mei syn allen te gean. Fando rint folle hurder as de mannen, omdat, sa seit er sels, hy de wein triuwt. Fando en Lis komme wer op it selde plak út. Fando hat wat nijs yn’t sin: hy docht har hânboeien om en lit har krûpe. Omdat se dit net wol en net kin slacht er har. Se stjert. Fando is ferbjustere. De trije mannen komme ek op it selde plak út en mei Fando sille se noch ris besykje yn Tar te kommen.

It krystdiner

Oan ‘e hân fan hieltyd weromkommende sitewaasjes, opmerkings en siswizen, wurdt de taskôgers in byld jûn fan in famyljeskiednis oer in tiidrek fan mar leafst njoggentich jier!
Alles wurdt stal jûn om de yttafel yn it nije-âlde hûs fan de Bayard famylje hinne, dy ’t foar it tradysjonele krystdiner ree stiet. Generaasjes komme en geane, de situaasjes en de minsken feroarje, mar dochs sjoche we ek deselde soart fan tastânnen faak werom.
De ferskate sênes rinne faak yn inoar oer (as de iene noch net ôfrun is, is der bygelyks al in personaasje fan de folchjende sêne). Dit jout in hast filmysk byld fan de hieltiid feroarende wurklikheid op itselde plak. De echte haadpersoan yn dit stik is dan ek de ytkeamer, dy’t tsjûge is fan alles wat der bart.
De sênes binne faak tige werkenbar, dan wer fleurich, dan wer wat mankelik.
NB
Dit stik ferskyn as part fan in ienaktersammling mei deselde namme út 1931. Ek ‘De reis fan Trenton nei Camden’ siet yn dizze bondel.