Pake is net te beteljen
Houliksoplichter baron Felix hat himsels nestele yn pensjon Wytsma. Pensjonhâldster Gryt en har freondinne Hillie falle fuort foar syn sjarmes. Dit is ek net sa frjemd, want harren mannen Wytse en Kees binne net de meast attinte persoanen. Mar Wytse hat wol yn de gaten wat der spilet. Tegearre mei Kees giet hy op in, út de tomme sûge trainingskamp, om letter ferklaaid as mefrou Wybrich wer yn syn eigen pensjon te kommen. Efkes letter komt Kees ek werom, ferklaaid as de kontroleur fan de sedeplysje. Fan dat momint ôf giet it oan, foaral as der noch in sekere Poeske komt, dy’t Kees siket en Wytse himsels noch ferklaaie moat as rocker/punker. Dernei bedarret er mei Poeske yn it selde bêd, wylst Kees him foar dwaan moat as syn suster en sels letter noch as ferloofde fan de baron. Pake skarrelt oeral tusken troch as in ferjitlik âld mantsje wêrst neat mei kinst.