O,O wàt in opfang

Pensjon ‘Filla Bosksicht’ stiet yn in fillawyk oan ’e râne fan it doarp Piterswâld.
In jier lyn hat Beant van Galama it hûs krigen út de erfenis fan syn muoike Karine.
It wie fertutearze en it kostet jild om it op te kalfaterjen.
Gelokkich bringt de gemeente útkomst: der is ferlet fan in tydlike opfang foar minsken yn need.
De gemeente hiert no in etaazje mei trije keamers fan it pensjon en soarget foar begelieding fan de bewenners.
Antsje Bult, maatskiplik wurkster, liedt de boel yn goede banen tegearre mei Gerda Poask, haad fan it pensjon.
De bûnte mjuks fan opfangbewenners en pensjongasten jout argewaasje. Boppedat is der ek noch in geheim.

Neat fan murken

Marloes, eigener fan houthannel van Es, hat hast in grutte opdracht fan de provinsje krigen. Yn in petear mei Floris, in fertsjintwurdiger fan de provinsje, sille de lêste saken besprutsen wurde. Mar krekt foardat hy komt, komme der in pear miljeuaktivisten oer de flier en komt der in grut probleem oan it ljocht.

Is der sprake fan opset? Is der immen dy’t de boel yn it hûndert jeie wol?

Meiwurker Eduard besiket de saak te rêden, mar dêrby kriget er ynienen gjin help mear fan Marloes. Dy hat mear each foar har âlde jeugdleafde Vincent, dy’t mei syn folle jongere freondinne Kelly op ’e lappen komt.

Wilens soarget húshâldster Jannie, njonken kofje ensafuorthinne, foar in ekstra poarsje betizing en hat Lena, mem fan Marloes, har hannen fol oan har loaie man Bertus.

Soarch

It stik spilet op de 80e jierdei fan Mem dy’t tegearre wennet mei har 60 jierrige dochter.
It liket gesellich te wurden, mar it krijt al gau it karakter fan in wapenstilstân dy’t skeint wurdt.
De froulju slagge gjin gelegenheid oer om elkoar it libben soer te meitsjen. Doch binne der ek mominten fan tearens en oandwaning. Ek binne de froulju nettsjinsteande de grutte ferskillen, emosjoneel en fysyk ôfhinklik fan elkoar.

Omdat der hieltyd mear oer harren achtergrûnen ferteld wurdt, hawwe we oan it ein in kompleet byld fan harren relaasje.

In lokkige jierdei?

It giet net sa bêst mei beppe.
Neffens de dokter sil se de oare dei net mear helje en sil se har jierdei dan ek net mear fiere kinne.
De hiele famylje komt by har siikbêd om ôfskie te nimmen. De ferpleechster is hieltyd oanwêzich en de pastoar moat de sike noch wat ‘opfleurje’.
Alde famyljerûzjes en houliksproblemen komme boppe wetter en in skilderij mei in neaken frommis spilet ek in wichtige rol. Der wurde al dingen foar de begraffenis regele as ynienen bliken docht dat de dokter it rapport fan de iene pasjint mei dat fan in oare pasjint ferwiksele hat. (dat fan mefrou Doelstra mei dat fan mefrou Hoekstra)
Beppe hat allinne mar de gryp!
Alle famyljeleden moatte no noch fluch in kadootsje keapje.