Kening fan Katoaren

De fleurige âlde kening fan it goede lân Katoaren is ferstoarn; seis soere ministers beweare dat se in nije kening sykje – mar der bart neat. Dan giet de santjinjierrige Stach nei de ministers ta en freget wat je dwaan moatte om kening fan Katoaren te wurden. De ministers binne razend en jouwe him sân hast net út te fieren opdrachten. Mei sûn ferstân, tûkens en moed wit er se alle sân te folbringen en dêrmei makket er Katoaren ta in leefber lân.

Erik

Erik leit wekker yn syn bêd. Hy herhellet syn les oer de ynsekten want moarn is der dat proefwurk op skoalle. No en dan sjocht hy nei it grutte skilderij dat yn syn keamerke hinget: Wollewei. En wylst hy sa fuort dreamt, bard it lang ferwachte wûnder. It skilderij komt ta libben.
Erik klautert oer de list en komt tusken de ynsekten telâne. Hy leart wepsen fan adel kinnen, wurkbijen, krobben en flinters. Ek al hat er foar skoalle flitich syn lessen leart, dochst blykt hy der ‘yn it echt’ net alles fan te witten en makket er der in bytsje in binde fan. De wrâld fan de ynsekten sit hiel oars yn elkoar dan de minskewrâld…. of net??

Ha de ynsekten deselde lekken en brekken as de minsken, hearsket hjir ek haat en jaloerskens , ha sy ek te dwaan mei ferealens en twifels? Dat komt Erik njonkenlytsen te witten en om ‘t fan him ferwachte wurdt dé antwurden op al harren fragen te witten, wol hy mar wat graach werom nei syn eigen keamerke.

Oz

Oz, is it ferhaal fan Dora, in famke dat der op skoalle wat útleit. Troch útsûnderlike waarsomstannichheden komt se yn it lân fan Oz telâne. Mei har nije freonen Blikjeman, Leffe Liuw en Fûgelskrik moat se yn opdracht fan de tsjoender fan Oz allegear snoade keunsten úthelje en boppedat de kweade heks Walgina útskeakelje. Allinne op dy wize kin se wer werom nei de gewoane wrâld!

Hair

Claude, in jonge fan it plattelân, wurdt ein jierren sechtich oproppen om as soldaat te tsjinjen yn Vietnam. Foardat er him meldt by de kazerne bringt er noch in paar dagen troch yn New York. De groep hippy’s dy’t er dêr moetet besiket him op oare gedachten te bringen.
Hair is in musikal út 1969 oer de hippie-idealen fan flowerpower, leafde en seks.

Saldo Mortale / de miljoenen fan it golle wyfke

De boekhâlding fan juffer Isabella Parmintier kloppet altyd en sy is o sa krekt. Isabella is fergroeid mei har wurk en fergiele mei de papieren. Oan ’t der ynienen in man foar it ljocht komt: Stefan Bleecker…! Hy is de fantast dy ’t neat of nimmen sparret yn syn alles oerhearskjende drang nei gelok en eigen foardiel. Isabella stoart har yn de draaikolk fan it ‘miende’ lok.

De Wergeasterhúsfroulju’s ferzje fan Macbeth

Macbeth, in Skots ealman, kriget troch 3 heksen de takomst foarsein: hy sil kening wurde. As syn frou, Lady Macbeth, dat te witten komt besiket sy dat doel sa gau mooglik te berikken. Se giet trochtrape te wurk: de kening, Duncan, wurdt fermoarde en ek in freon fan Macbeth, Banquo, wurdt fan kant makke. Dan is der noch mar ien dêr’t Macbeth bang foar is: Macduff. Mar de heksen stelle him gerêst: “want, nimmen, berne út in frou sil dy ea deare!” en “jo bliuwe ûnferslein salang it bosk net optsjocht nei it heech fan Dunsinane Macbeth, om jo dêr te bestriden!” Nei ferrin fan tiid begjint it Lady Macbeth te meallen en lang om let komt it ta in gefjocht tusken Macduff en Macbeth…
Hanneling: In ôfdieling fan it bûn fan plattelânsfroulju fiert in jubileum mei in eigen produksje fan Macbeth.
Utgongspunt: de foarsizzing fan de trije heksen oer de takomst fan Macbeth. It publyk sjocht in tal tafrielen yn de oarspronklike tekst fan Shakespeare; dêrneist is it tsjûge fan hektyske tastannen “efter it toaniel” dêr’t fan alles misgiet. Froulju spylje manljusrollen en oarsom.
As it stik goed brocht wurdt hat it publyk in hiel fleurige jûn.
Oarspronklike titel: ‘The Faundale Avenue Housing Estate Town women’s Guild dramatic society’s production of MacBeth’.

Professor Paxokay en de manlju fan Extra-4

It stik spilet him ôf yn it Paxokaygebiet, der wurdt striid levere tusken Baardelinie en Hennadoanie. Bûtenplanetige Extra-4-en komme op yn harren rûmteskip. Professor Paxokay hat skjin syn nocht fan it getsier en docht him foar as Extra-4-A, as Baardelinie en Hennadonie meielkoar tsjin de Extra-4-en stride sille makket de professor him bekend en dan wurdt dudlik dat der gjin rûzje mear makke wurde hoecht. De Extra-4-en kinne werom nei harren eigen planeet en de liedster fan Baardelinie en de lieder fan Hennadoanie krije ferkering. De flaggen komme op’e toer en der is gjin oarloch mear.

Ik moat Mjoessof ha!

In komeedzje mei persoansferwikselingen yn in rêst-sintrum yn Moskou. Zaitsjef, in amtner hat driuwend in hântekening fan de hege amtner Mjoessof nedich, sadat hy ferve foar in bernehûs keapje kin. Mjoessof hat lykwols in rêstdei yn in rêst-sintrum. Zaitsjef wurdt der net ynlitten omdat Mjoessof net steurd wurde mei. Omdat de direksje fan it rêst-sintrum in soad op hat mei bekende minsken, komt hy werom en jout him út foar de man fan Klawa Iknjatjoek, in bekende sportfrou. Mei grut ûnthaal wurdt hy binnenlitten. Tsjin syn sin moat hy in ûntspanningsbehanneling ûndergean.
Hiel tafallich komt dan ek de sportfrou nei it sintrum. Sy sil har man moetsje dy’t se oardeljier net sjoen hat. Dit rint fansels út op ien grutte betizing.
Zaitsjef wurdt wilens ek troch Mjoessof oansjoen foar de man fan syn freondinne. Mjoessof wie warskôge foar dizze man, dy’t wol ris witte woe wêrom’t syn frou altyd nei it rêst-sintrum ta giet. Op ’t ein komt fansels alles klear en is Zaitsjef de held, omdat hy sa fûl wie op de hântekening foar de ferve, om dêrmei de bêden fan it bernehûs op te knappen.

Gjin bleat yn Eastersleat / Folle slimmer as fiter

Frâns en Corry, in krekt troud stel, wenje boppe de bank dêr’t Frâns wurket. Se wolle leaver in hûs mei in tún en om dat betelje te kinnen siket Corry ek wurk. Se reagearret op in advertinsje foar thúswurk fan in Deenske firma. Se tinkt dat se glêswurk krije sil om te ferkeapjen. Se kriget lykwols pornomateriaal opstjoerd, en net sa’n bytsje, it iene pakket nei it oare wordt besoarge. De mem fan Frâns is by harren útfanhûs en it kost harren in soad muoite dat spul wer de doar út te krijen sûnder dat dy it sjocht en sûnder dat oaren it sjogge.
Wilens hat it pear it hiele hûs fol minsken; de mem hat in freon, de akkountant komt lâns en de assistent fan Frâns rint de doar plat.
Dan komme der ek noch twa callgirls lâns, dy’t fansels gjinien sjen mei. De firma hie tocht dat de klant net tefreden wie, omdat alles werom stjoerd waard.

Wikselwurk

In emansipatyske klucht. Mei Paul en Els Wassenaar, in wat âlder stel, giet it net goed. Syn wurk mislearret en ûnder har hannen wol it húshâlden net slagje. Se beslute dat se fan rol wikselje sille: sy de saak, hy it húshâlden.
Paul soarget prima foar it hûs, mar hy ferfeelt him sa. Hy is altyd alinne en syn frou is nea te berikken. Els set de saak wer op poaten. Se fynt in jildsjitter dy’t ien foarwaarde stelt: Els moat direkteur bliuwe. De situaasje tusken har en har man wurdt der net better op.
Dan komt harren dochter thús mei twa lytse bern. Paul moat ek noch foar dizze twa soargje en hy sjocht it net mear sitten. Oant de heit fan’e twa bern ek komt. Hy wurdt ek oan it húshâlden set, wylst syn frou mei har mem de saak runt.

It ynterview

Yn it redaksjelokaal fan in middelskoalle wurdt de skoallekrante klear makke. Op itselde stuit wurdt in learling fan skoalle stjoerd. De adjunkt dy dat docht, giet dêrby net frij út.
De redaksje jout oan de learling de kâns syn ferhaal te fertellen. As it ferslach typt is, wurdt it stellen; wa hat dat dien en werom!?
Der wurde swiere presjemiddels brûkt om klearichheid yn ‘e saak te krijen.

Om te stellen sa leaf

David Warren, in jongfeint fan om en de by de tweintich jier, wennet mei in butler yn in lúks appartemint yn it djoere part fan Londen. Hy is ferloofd mei in famke út in rike famylje, mar is sels ôfhinkelik fan in rike omke.
Op in nacht betrapet er in ynbrekster, dy’t him wit oer te heljen har net oan te jaan by de plysje. De deis dêrop komt der in resersjeur om ynljochtingen, omdat der dy nacht op trije plakken yn’e flat ynbrutsen is en der gâns kostbere sieraden stellen binne. Dat stellen guod jout fansels de nedige problemen. De ynbrekster makket lykwols safolle yndruk op David, dat er mei twa fuotten yn ien hoas komt te sitten. Hy is ommers fersein oan in oar.
Dit probleem lost him hast fansels op, as de ferloofde de wiiste wei kiest en frij paad makket foar de oare.

Jierdei, feest?

It jierdeifeest fan it jongste soantsje fan Rob en Emma behearsket op’e eftergrûn folslein it hâlden en dragen fan de folwoeksenen op it toaniel, ek al krijie wy gjin bern te sjen. Rob en Emma binnen byinoar wei, mar dêr ha se beide eins gjin frede mei. Har freonen, Peter en Paula, helpe mei om it feestje sa goed mooglik slagje te litten, mar dat falt net ta. Alles wat der mar misrinne kin, rint mis fansels. Abbekaat en húsfreon Tom wurdt noch ynskeakele as gûchelder, mar ek dat is gjin sukses.
De ferbining tusken de tsierende bern op it feestje en de tsierende grutte minsken op it toaniel wurdt ûnderholden troch de faam Gretha. Dy hat it der tige bannich mei, mar it slagget har dochs de boel yn’e stokken te hâlden.
Ek de relaasjeproblemen fan de grutten komme, sa te sjen, ta in útdroegene saak.

Mathilde Swart

Tom Lamberts, túnarsjitekt, bekend fan syn praatjes foar radio en tillevyzje, rekket yn tsjok waar mei de belêsting. Hy hat fan in p.r. frommeske (Mathilde Swart) dat op syn leanlist stiet, hege leankosten opjûn en dy by syn opjefte as bedriuwsûnkosten ôflutsen.
Spitigernoch hat juffer Swart nea in sint belêsting betelle en dêr wol de ynspeksje mear fan witte.
It slimste is lykwols dat de hiele Mathilde Swart net bestiet en allinne in optinksel fan Tom en syn akkountant is om der fiskaal wat side by te bespinnen. Lokkich binne de belêstinglju sels ek net suver op’e graad, dat sadwaande falt der wol wat te regeljen.
In stik mei in hjoeddeiske tematyk, dat it publyk grif oansprekke sil. De dialogen binne goed pittich en jouwe oanlieding ta gâns aksje yn’t spul.

In wrâld sûnder manlju

Carla is sjoernaliste en wurdt troch de krante nei de gelearde Madame Pavel stjoerd, om’t dy wichtich nijs foar de wrâld hat. Carla is wurch, se hat de hiele nacht yn’t spier west en kin de eagen kwalik iepen hâlde. Madame kundiget oan, dat se mei ien druk op in knop alle manlju op’e wrâld ferneatigje sil. Sûnder manlju sil de wrâld der frijwat better útsjen, neffens har. In tal froulju dy’t it mei har iens binne, sille dit bjusterbaarlik barren meibelibje.
Nei de druk op’e knop docht bliken, dat der troch in ûnbekende faktor X noch ien manspersoan oerbleaun is. De froulju wurde ûnrêstich en de iene nei de oare spilet fan ruten om dat seldsume eksimplaar te sykjen. Se kinne der sa’t liket dochs net sûnder….

Skjin wetter

Under lieding fan in learaar binne in pear learlingen fan it fuortset ûnderwiis dwaande mei in projekt oer miljeufersmoaring. It wetter yn in grot yn’e omkriten fan in grutte fabryk sil ûndersocht wurde op suverens. Nora, ien fan de beide famkes, is o sa fanatyk, it giet de oaren hast te mâl. By it nimmen fan de meunsters rekket ien fan de jonges kopke ûnder. Hy wurdt siik en rekket wei. Dan is it spultsje ynienen bittere earnst wurden. Hat er ferkeard spul yn krige? En komt dat troch it ôffalwetter fan de fabryk, der’t – tafallich – Nora har heit in hege posysje hat? Nora lit har net beynfloedzje troch persoanlike emoasjes en set troch.

Fjouwerspan

De sliepkeamers fan Ernst en Hilde, Ron en Eva en dy fan Willem en Annet binne alle trije wol te sjen, mar wurde allinne beljochte as de hanneling en it petear him dêr ôfspilet. Ek it fjirde koppel, Kees en Lineke, dogge mei oan it fyn-ynleine spul fan minsklike ferhâldingen yn dizze ien jûn en nacht. Hoewol’t der genôch brike sitewaasjes yn foar komme om de ‘lakers’ wat te bieden, fereasket dizze Ayckbourn foaral stille oandacht fan spilers en publyk.