Moardwiif / Atalante

Wat bart der as je yn in lytse mienskip ôfwike fan it ferwachte paad? Der komt in nije ynwenster fan it doarp, se hjit Atalanta. As der, sûnt de komst fan Atalanta, dingen barre dy’t net te ferklearjen binne wize alle fingers al gau yn har rjochting. Mar is dat terjochte? Foar de besikers in moaie gelegenheid om te efterheljen wat it werklike ferhaal is. Wa is no dat Moardwiif?

De Bugatti Konneksje

Twa bruorren behearre oan ‘e râne fan in ôfgrun in alternatyf kueroard. Se lykje der net frijwillich te sitten. Se fiele harren de finzene fan de eigener, in mysterieuze hear Visser. Dy is nei in oanriding ferdwûn en it liket derop dat hy harren opdroegen hat om it kueroard te behearen. Sy wurde bystien troch de ûngrypbere Charles. Under syn lieding wurdt der foar in helpleas echtpear, dat arrivearret yn in stellen Bugatti, in bizarre ûntfangst taret. Wa’t in nij libben begjinne wol moat in soad ferduorje. Wylst de gasten harren yn in New Age-achtige sfear minskeûntearjende diëten foarskriuwe litte, komme kwestjes as frije wil en bestiet it tafal like ûntkomber as hilarysk oan de oarder. As de bruorren besykje oan harren lot te ûntkommen yn de Bugatti wurde se op it leste momint trappearre. Mar Charles is derfan oerstjûge dat se werom komme en lit se gean. Nei’t der in gangster oankommen is dy’t yn opdracht fan de hear Visser de romrjochte racewein opeaskjen komt, komme de bruorren frjemd genôch werom . Lykwols rekket de kûgel, dy’t de gangster op de bruorren offjurret, himsels en it soe samar kinne dat de bruorren harren frijheid werom fine wylst se harren fatale bestimming temjitte reizgje.

De God fan de Hel

It stik fertelt it ferhaal fan Frank en Emma, dy’t yn Wisconsin in molkfeebedriuw ha. Se liede in rêstich libben yn isolemint. Frank libbet foar syn inters (kij) en Emma soarget foar har man, it hûs en foaral foar alle planten dy’t yn harren hûs dominearje.
Harren fredige bestean wurdt fersteurd as Haynes, in âld maat fan Frank, midden yn’ e nacht by harren komt en him dêrnei skûl haldt yn harren kelder. Net lang dêrnei stiet in menear Welch by Emma oan de doar. Hy docht him foar as ferkeaper fan patriottysk guod, mar al gau wurdt dúdlik dat hy oare bedoelingen hat. Der folget in proses van yntimidaasje . Wat wol dizze man en wat stiket der noch mear efter?

Sykje om suske

´Sykje om suske´ is in famyljefoarstelling foar jong en âld, mei in protte humor en fantasy, wêryn’t dream en wurklikheid inoar ôfwikselje. It lit de syktocht sjen fan in jong famke nei it bestean fan in ûnbekend suske.
Dêrfoar moat se it geheimsinnige ferline fan har heit útplúzje. De sjaal fan beppe wiist har it paad. By de eigenwize tantes Ditsje en Datsje is it wol gesellich, mar as it om de minnares fan har heit giet sitte se Suske mear dwers as dat se har helpe.
Likegoed komt se de mysterieuze Madame Conivera op it spoar, dy’t – dêr is Suske fan oertsjûge – Suskes suske gefangen hâldt. It liket as sil de ynferkearde, mar djip fertrietige húsbaas, de hear Sûnderfrou, de boel yn de bulten jeie, mar gelokkich komt der help út in ûnferwachtse hoeke. Alles rint goed ôf, mar wol hiel oars as Suske tocht hie.
Suske do bist myn suske giet oer it langstme nei in lotsgenoat, nei selsstannichheid, mar ek oer de winsk om te ûntsnappen oan de deistige wurklikheid.

Roeland en Joliena

Yn Roeland en Jolina stean manlju tsjinoer froulju: de heit fan Roeland (en syn broers) en de mem fan Jolina (en har súskes) meie de oare sekse net lije.
In soart fan ambtner stelt in fersoeningsfeestke út, mar as de oaren útfine dat Roeland en Joline fereale op inoar binnen, is it op’e nij oarloch.
It stik (as it heal kin mei ‘live’ musyk) einigt mei in dûbel slot. Earst rint it út op in masale moardparty à la Shakespeare.
Mar dan besykje de spilers fan harren rol yn it stik los te kommen, útsein de heit en de mem dy’t net súnder it ’tradyzjonele’ trelit tusken man en frou kinnen.

Yn de jungle fan Borneo

Suzanne wit net wat se dwaan moat. Albert, in jonge by har út de klasse hat har in briefke skreaun: “Leave Suzanne. In ûnbekende takomst leit foar dy”. Har freondinne Greta seit dat Albert ferkearing mei har ha wol, mar Suzanne hat al in freon, Eddy. Suzanne moat kieze, mar se hat leaver dat alles ien gehiel is, dat se gjin kar hoecht te dwaan. Eddy, no ja, dy is der gewoan. Hy is grappich, leaf en sêft, mar: “Do seist noait nee as ik ja sis. Do sjocht gjin wyt as ik swart sjoch. Do wolst noait al, as ik net wol mar net wit wat ik wol wol. Do bist tefolle sa as ik net wêze wol”.
Albert daget Suzanne út foar har dream te kiezen en fuort te gean út dizze “muffe learfabryk”. Hy wol nei de jungle fan Borneo om te helpen by it ferset tsjin it kappen fan in bosk. Albert hat Suzanne nedich om artikels te skriuwen foar de kranten dy’t him sponsorje. De kar is dreech genôch en dêrby wurdt Suzanne troch dreamen pleage, wêr’t se hieltyd twongen wurdt te kiezen. Se dreamt bygelyks dat mei Albert yn in hantsjettel sit en dat haadman Eddy it fjûr noch wat opstookt.
Tusken it skiekundeproefwurk en it skoft riert de hiele klas der yn om. Uteinliks twinge har klasgenoaten har in kar te meitsjen. Wat docht se?

De wet fan Luisman

In skoalle. Fjouwer persoanen wérfan ien de leraar is: Luisman.
Dy docht syn best om de oaren it ien en oar by te bringen. Mar it liket wol oft se út ferskate wrâlden komme.
In frou. Neaken. In frou? No ja, Luisman fynt it yn elts gefal in “lekker ding”. Mar dan komt der in skilder del, dy’t him bemouit mei de emosjonele kant fan de saak en alles feroaret.
In man yn in boat. Luisman wol mei him prate mar dat kin net. Hy kriget wol kontakt mei ien fan oer it wetter, mar oft dy elkoar no sa goed begripe?
Frjemde gebeurtenissen dy’t liede ta komyske situaasjes.

Folwoeksen bist net earder dan ast dea giest

Fjirtjin sênes wêryn seis jongelju oan it wurd binne oer it tema folwoeksenheid. Wat betsjut it om folwoeksen te wêzen as te wurden? Yn koarte, persoanlike sênes fertelle hja oer dit ûnderwerp. Yn guon sênes rjochtsje se har ta it publyk, oare sênes wurde op in boartlike wize spile, in pear binne de absurdistyske kant it neist.
Oan de oarder komme bygelyks: de nuvere skiedsline tusken net en al folwoeksen wêze, de grutte wurden omtrint it begryp ‘folwoeksen’, de wegering om folwoeksen te wurden, de tsjinstriidige hâlding fan âlderein oer harren folwoeksen bern, ensfh.

Hoe grutsk wie Pier? / Hoe groot is Pier?

Yn fjouwer grutte sênes (mei lieten en in prolooch fan dolfinen) wurdt it lêste part fertelle fan it libben fan Grutte Pier, de ferneamde Fryske held út it begjin fan de 16e ieu. Pier hat as boer alles ferlern troch omswalkjende, frjemde soldaten. Mei stipe fan de hertoch fan Gelre, wreekt er him no op de fijânnen fan de Fryske frijheid: de Bourgondiers en harren bûngenoaten, de Hollanners.
Yn de earste sêne sjogge we Pier en syn maten op de Sudersee in Hollânsk skip oermasterjen. Finzenen geane oerboard. It famke fan in Frysk ealman (dy’t de kant fan de Bourgondiers keas) byt lykwols bretaal fan har ôf. Sy neamt Pier in seerôver, dy’t net better is as syn fijânnen. Letter, by de haadman fan de Geldersen, sjocht Pier in mysterieusk famke, dy’t Pier lêstige fragen stelt. De Gelders haadman trunnet Pier oan yn Holland te plunderjen. Mar it sied fan de twifel docht syn wurk al.
As de dochter fan in bûngenoat fan Pier tjsin him ferklapt dat har heit in ferrieder is om’t er ek de kant fan de Bourgondiers kieze wol, wit Pier net rjocht mear hoe’t er it hat. Húshâldings wurden útinoar skuord en bûngenoaten lykje like min te betrouwen as fijânnen. Tsjin better witten yn lit Pier him noch ien kear foar it karke fan de hertoch fan Gelre spanne. Foar Fryslân smyt it neat op. Teloarsteld lûkt Pier him werom. Op syn stjerbêd krijt er op’e nij besite fan it mysterieuse famke: sy bliket syn eigen dochter ‘yn syn holle’ te wêzen, dy’t altiten socht hat nei har heit. Ek al hat er neat berikt, sy wit dat er dreaun waard troch leafde foar syn minsken, syn lân en foar de frijheid.
De mear earnstige tema’s yn dit stik wurde troch û. o. de dolfinen, de seelju, in nar en ek de famkes tsjinoer Pier ôfwikselle mei humor en in soad aksje.
Jongesrollen kinne ek troch famkes spile wurde. Foar bern fan acht oan’t fjirtjin.
Oarspronklik heal yn it Frysk, heal yn it Nederlânsk skreaun. Om’t er ek in Nederlânsktalige ferzy is soe men it stik TWATILICH spylje kinne (bygelyks Pier en syn maten plus de famkes Frysk, de rest yn it Nederlânsk).

Nei de rein

Yn 12 sênes sjogge wy acht minsken dy’t wurksum binne by in supermodern bedriuw mei 49 etaazjes yn de finansjele wrâld. It hat al twa jier net reind. De minsken steane letterlik en figuerlik droech. It stik spilet him ôf yn’e takomst, dy’t tichtby is. Smoken is ferbean. Alles is sa oerorganisearre, dat der allinnich noch mar romte is foar ‘efficiency’ en rasjonaliteit. In op hol sleine maatskippy, dêr’t wurkjen de noarm wurden is en de minsken ûndergeskikt makke binne.
Dizze acht personaasjes binne eins noch in bytsje ‘minsklike’ minsken. Alhoewol.., betiden liket it der op dat se ek in slach mei de moalpûde hân hawwe. Geregeld flechtsje se it dak op om te ûntkommen oan de druk fan it bedriuw. Dêr smoke se stikem mei inoar en ûntsteane der pratendewei alderlei yntriges. Sa no en dan blykt in sêne mear in dream as wurklikheid te wêzen.
Hoe hâldt in minske him steande as de wrâld hieltyd hurder draait? Op it ein begjint it te reinen en te wjerljochtsjen en elk naait op syn eigen wize út, op syk nei in nije, oare takomst – nei de rein.
In postmoderne klucht fan in Spaanske (Katalaanske) skriuwer (oerset út it Nederlânsk).