Foarsichtich mei de leafde

De suskes Overbeek wenje noch mar krekt op harsels. It binne weesbern. Tante Marjan hat altyd foar har soarge, en tinkt dat it no tiid is foar in eigen libben.

Mar se seit: ‘Foarsichtich mei de leafde’. De fatsoenlike famkes dogge dat ek, mar tante Marjan liket har dêr sels net altyd oan te hâlden.

Dat fine de famkes nochal frjemd: Se komme der sels achter dat tante twa lat-relaasjes tagelyk hat!

Omke Dries, in handige putsjeman komt geregeld del, tegearre mei syn hertsfreondinne Grada, dy’t seker net fiis is fan in feestje en in drankje.

Mar eins is tante Marjan al stikem fereale op omke Dries. Dit gegeven is it begjin fan betizingen en komyske situaasjes. Gelokkich… komt alles wer op ‘e poaten teloane.

 

Stijn hat flinters yn ‘e bûk

Stijn en Ine binne fereale. Stijn fielt him eins net sa lekker en kriget spul mei Ine. Yn it sikehûs komme se derachter dat er diabetes hat. Stijn skammet him hjir foar en fertelt dit allinnich oan syn freon Bart.
Werner dy’t ek by Stijn yn ‘e klasse sit, sjocht dat Stijn ynsuline ynspuitet en hy fertelt de klasselearaar dat Stijn drugs brûkt.
As Stijn dan ek noch in kear in hypo kriget, wurdt alles oer diabetes noch in kear goed útlein yn it sikehûs. Stijn en Ine prate it út en hawwe gjin rûzje mear.

De trein nei San Antonio

It spilet op in stasjontsje yn it Wylde Westen. Mei in stasjonssjef, dy’t seker net gek is, in Meksikaan; Miss Lola dy’t tippelet; in sheriff dy’t Tom Dooley, dy’t hinge moat om ’t er syn frou fermoarde hat, nei San Antonio bringe moat; in mysterieuze bandyt, in can-candûnseres, in medisynman, in dranksuchtige non, in dochter fan haadman Sliepende Okse en in famkesachtige jonge frou.
Hast allegear ha se in stikje fan in skatkaart en se besykje de stikjes fan de oaren ôf te pakken.

In Poalske breid?

Albert is sûnt in tal jierren widner. Tiid foar in nije partner fynt er sels. Op de dei fan syn jierdei, wol er dit beprate mei soan Harm en dochter Jetty. Troch wat better te harkjen en wat minder fantefoaren in eigen miening te foarmjen, hie dit stik flink wat koarter west. Mar ek minder fermaaklik.

De Krintekakker

Jild stiet foar macht. Dat is fan alle tiden. We wolle ryk en suksesfol wêze. We wolle de nijste telefoan dy’t alles kin, de hippe merkbroek, moaie bûntkraach. We wolle op stap, út iten en in laptop, leafst in Apple.
De frek Harpagon is deun en materialistysk. De iennichste leafde dy’t hy fielt is syn leafde foar jild. Leafde foar minsklik kontakt kin hy net. Yn de Krintekakker sjogge we Harpagon ryk en suksesfol mar hy einiget yn iensumens. De Krintekakker is in klassike karakterkomeedzje yn in modern jaske. Learsum en fermaaklik.

Helpferliening

Keunstner Henk van Riebeek wol graach in grutte opdracht bemachtigje en hat alles der foar oer om yn de geunst te kommen by de opdrachtjouwer Rudolf Karsemeijer. Sekretaresse Marjolein regelet in ôfspraak, der’t Henk syn freondinne Annet ek by wêze sil. Mar hokker rol spilet Annet? Wa helpt wa om te soargjen dat Henk dizze opdracht kriget?

Peer Gynt

Peer Gynt is it ferhaal fan de doarpsjonge, dy’t bekend stiet as in fantast, dy’t ek noch graach lige mei. Op de brulloft fan syn freon Mads Moen wiist de moaie Solveigh him ôf as er freget oft sy mei him dûnsje wol. Ut frustraasje en stomdronken skaakt er de jonge breid Ingrid en giet mei har de bosken yn. Peer ferlit har algau wer, omdat hy Solveigh net ferjitte kin. Fanwege dizze ûntfiering wurdt er ferballe út it doarp en begjint te swalkjen. Hy libbet leaver yn in fantasijwrâld as dat er de ferantwurdlikheid foar it libben oan gean wol. Solveigh komt wer yn syn libben, mar foardat sy tegearre it gelok fine, wurdt Peer konfrontearre mei syn ferline. Hy giet wer op ‘e flecht op ‘e siik nei rykdom en macht, der’t er altyd fan dreamde. Dizze syktocht bringt him nei fiere lannen. At er ald is fynt er einliks wer’t er al sa lang om socht.

In aap oer de flier

Ek al seist hûndert kear datst’ dy net bemuoist mei polityk, oarsom ûntkomst der net oan. Dejinge dy’t der alles oer fertelle kin is de suster fan Alfred (of Alfie sa’t syn ûnferwachte freondinne him neamt), in amtner fan binnenlânske saken. Yn ferbân mei in tige heimsinnige missy útfanhûzet de Russyske diplomaat Popov by Albert, op fersyk fan de minister! Net ien mei it witte. Yn ‘e polityk lekt soks altyd út, en der komme ynienen hiel wat frjemde minsken oer de flier. In tige foarsichtige kontroleur fan it gas, in haai fan in typist fia in útstjoerburo, in feninige help yn de húshâlding mei har slongelige freontsje Pummy … en net te ferjitten beppe Bakker.

Passy of Pasta

It draait yn dit stik om in grutte tradisjonele famylje fan pastamakkers yn Itaalje. De heit wol syn bedriuw oerdrage oan syn beide soannen. De jongste soan Tomasso wennet yn Rome tegearre mei syn freon, mar de konservative famylje is hjir net fan op ‘e hichte. As syn heit him freget te kommen om mei te wurkjen yn it pastabedriuw, hat hy der net safolle nocht oan. Tomasso beslút om ûnder in famyljediner út de kast te kommen. Hy hopet sa syn ferplichtingen te ûntrinnen. Syn broer Antonio nimt lykwols earst it wurd en bringt Tomasso unferwacht yn in posysje dy’t er no krekt tefoaren komme woe. Der ûntsteane konfrontaasjes tusken de tradisjonele famyljewearden en de opfettings fan oaren.

Ienris twaris

Earste ienakter: Twa Brieven
Twa minsken, dy’t alles ferlern ha, fine elkoar.
De iene is ûntsnapt oan de ferskrikkingen fan in oarloch en de oare wurdt oan ‘e kant set troch syn frou.
Se steane beide mei lege hannen, mar dan jouwe se elkoar de hân. Beroaid, mar net allinne.

De twadde ienakter giet oer de repetysje fan “Twa brieven”.
De beide spilers út de earste ienakter ha earder in relaasje hân en it is gjin tafal dat sy inoar no wer moetsje.

Wat seit in trouring no

In keunstner hiert twa wike de boppeste etaazje fan in flat yn Ljouwert, om’t hy yndruk meitsje wol op in rike man: hy sil mei de dochter trouwe. Eins is it it idee fan syn minneres om fan harren jildprobleem ôf te kommen, mar no kostet it allinne mar mear jild. Hy hat it útstjoerburo frege om in butler, mar der komt in famke fan it plattelân dat net folle ûnderfining hat as ‘butler’.

Bloedbân

Bloedbân is it ferhaal oer de twillingbroers Mickey en Eduard, dy’t fuortdaalk nei de berte skieden wurde. De biologyske mem, frou Jonkers, hat it net sa rom en har man is by har wei gien. Se bliuwt allinne achter mei in stik as wat bern en yn ferwachting fan in twilling. Se wurket by de rike famylje Van Leeuwen. Frou Van Leeuwen, kin gjin bern krije. Al gau kriget frou Van Leeuwen troch dat frou Jonkers de twilling der finansjeel net by ha kin. Se bepraat fou Jonkers om ien fan de poppen oan har ôf te stean. Net ien mei gan dizze ôfspraak witte. Frou Van Leeuwen docht foar de bûtenwrâld krekt oft se ek swanger is en dat fertelt se ek oan har man, dy’t yn it bûtenlân is. Se lit frou Jonkers swarre op de bibel en set har mei drigeminten ûnder drukdat se de ôfspraken neikomme moat. At de poppen berne binne, hellet frou Van Leeuwen ien fan de jonkjes op. Dêrnei jout se frou Jonkers dien en makket har bang meiit ferhaal dat de jonges noait witte meide dat se twillingbroers binne, omdat der dan wat ferskrikliks barre sil.
De jonges, Mickey Jonkers en Eduard van Leeuwen groeie op. De memmen besykje de jonges byinoar wei te hâlden, mar se komme inaor hieltyd wer tsjin, wurde sels goed freonen en fereale op itselde famke. Mar stadichwei wurdt de ynfloed fan it miljeu dêr’t se yn opgroeid binne dúdlik. Eduard is as ienichst bern opgroeid yn rykdom en wurdt studint, wylst Mickey nei de middelbere skoalle oan it wurk moat om himsels te ûnderhâlden en komt mei justysje yn oanrekking.
It liket derop dat de libbens fan de beide jonges fier útinoar rinne sille mar dan wurdt it geheim fan harren freonskipsbân ferret…

De simmer fan ’45

Fuort nei de befrijing fan Nederlân ûntstiene der alderlei relaasjes tusken Kanadeeske soldaten en Nederlânske jonge froulju. Foar guon Nederlânske froulju wie it kommen fan de machtich ynteressante Kanadezen net allinne it ein fan de besetting mar it joech ek gelegenheid foar ûntwikkeljende seksualiteit en ûnferwachte relaasjes. Yn it stik wurde twa Nederlânske famkes, Anna en Maria, allebeide fereale op in Kanadeeske soldaat. Guon soldaten sjogge de kontakten mei Nederlânske famkes as wille meitsje nei in lange oarloch, by oaren ûntstiet werklik in relaasje. De gefolgen bliuwe dan ek net út. Swangerskip en fertriet neidat de grutte leafde ûnder twang we werom moat. De frijer fan Maria sneuvelet op it slachfjild. Sy kriget in berntsje yn in tehûs en moat it ôfstean. Anna en jim belove elkoar trou, mar it needlot driuwt har útinoar. Harren leafde hat fiergeande gefolgen. Jierren nei de oarloch wurdt der in reüny hâlden. Is der noch in petear mooglik nei fiifentweintich jier? En wêr soe dat petear oer gean moatte. It stik is basearre op autentike ferslaggen en deiboeken fan froulju út hiel Nederlân, dy’t itselde lot ûndergienen.

Laitsje en gûle op’ e merk

Mei humor priizgje de keaplju har guod oan. Foar in bytsje jild is der in soad te keap.
Earlikheid en kollegialiteit steane foarop en njonken harren gewykstens stiet ek minsklikheid. Wannear’t Anita privee-problemen kriget, libje har kollega’s op ‘e merk mei har mei en besykje har op harren eigen wize te helpen.

De útfanhûzer

Robert Drury is in bekende filmstjer en syn frou Stella is in bekende aktrise. Se binne beide mâl mei harren soantsje Mike. Robert nimt him mei nei Rome at er dêr prate moat oer in nije film.
Krekt at Stella yn petear is mei in sjoernaliste, komt Robert ûnferwacht thús, mar sûnder Mike. Ferbjustere heart Stella dat har soan ûntfierd is. Al rillegau komt majoar Crozier by harren thús. Hy freget gjin losjild, hy wol allinne twa dagen by harren útfanhûzje. It wurdt noch frjemder at Crozier delstutsen wurdt troch ynspekteur Burford, dy’t gjin ynspekteur blykt te wêzen, mar dy’t itselde wol as Crozier: twa dagen útfanhûzje. Wêrom wolle dizze minsken allegearre itselde? Robert Drury mei in koarte besite oan syn soantsje bringe, mar wurdt dêrnei opsletten. Dan komt syn dûbelgonger Henderson en tegearre mei Stella moat er nei New York om in opdracht út te fieren. Krekt foardat se fuort geane docht bliken dat Burford troch in tûke set fan Robert oppakt wurde kin.

Kofje of tee?

Frou Koops wurdt in bytsje demint en wennet yn in fersoargingshûs. Dêr slyt se de lêste dagen fan har libben. Famylje komt net mear op besite en freonen makket se ek net sa gau mear. Se slút wol freonskip mei de nije ferpleger Frank. Frou Koops en Frank binne it wakker iens en kinne goed mei inoar. Carmen is aktiviteitenbegeliedster, se sjocht der út as in folgroeide podde en hâldt en draacht har as in diva. Se krûpt Frank wol hiel bot op’e lije side. En wêrom is direkteur Richard sa senuweftich yn’e kantine fan it personiel? Wylst frou Koops har testamint opmakket mei de notaris, set it personiel alles op alles om har kapitaal yn hannen te krijen. Moardkomplotten wurde makke, bûnsgenoatskippen wurden sletten en ferbrutsen en in leafde dy’t net beantwurde wurdt soarget foar in soad skea. In komyske skriller mei in ûnferwacht ein.

It doek giet op foar moard

In ploech toanielspilers is dwaande mei in repetysje. Der bart in ûngelok en ien fan de spilers falt dea del. Dan sneuvelje der noch in stik as wat. In oarsaak is net oan te wizen. Pas op it lêst liket it wêrom dúdlik te wurden.

De magyske fluit

Yn it bosk wenje twa groepen: de Klassikers en de Rockers. De beide groepen kinne inoar net útstean. De skok is grut as bliken docht dat sy gearwurkje moatte om har bosk te rêden. Want hoe komt it dat de reinbôge-elfkes net mear komme? En wêrom geane alle blommen en planten dea? De domme Trombo en prinses Medij wurde op ferkenning stjoerd. Prins Ritmo giet al gau mei har mei. Mar sy wurde folge troch de kweade boskfekke Amoezieka, dy ’t mei it duveltsje Valsini alderlei gemeine trúks betinkt om it trijetal tsjin te hâlden. Gjin plan is har te mâl. Lokkich krije Trombo, prinses Meldij en prins Ritmo ûnferwachte help en docht bliken dat de fluit fan Meldij hiel magysk is.

It tema muzyk, de tsjinstelling tusken klassyk en rock en de eleminten loft, wetter en fjoer biede de regisseur en de spilers boppedat in ferskaat oan kreative mooglikheden.