Wobbe (yn neitins)

Wobbe is in keunstskilder, dy’t talint hat, mar noch net ûntdekt is. Mar Lokke hat fermoedens en is op sukses en oansjen út, ek jild is se net fiis fan. Se bringt Wobbe oan it skilderjen en spant galeryhâlder Strikkema der foar. Se witte it talint fan Wobbe geheim te hâlden en besykje der in slaatsje út te slaan. As Strikkema Wobbe meidielt dat der noch gjin tentoanstelling yn sit, is Wobbe bot teloarsteld. Hy lit him net mear sjen. Freonen en húsgenoaten bringe nei bûten dat Wobbe ferdronken is. Lokke docht har foar as de ferloofde fan Wobbe en wol daliks oanspraak meitsje op de erfenis.Strikkema organisearret tentoanstelling mei Wobbe syn skilderijen, om der op dy wize jild út te slaan. De ûntmaskering fan Strikkema en Lokke komt fansels oan it ein fan it stik. It ein is hilarysk, der komt foar Wobbe net allinne jild los, mar hy mei ek noch oan de echte leafde priuwe.

Muoike Ada út Nevada

Lamkje en Ada, twa wat karakters en wat úterlik oangiet hiel ferskate twillingsuskes. Se hawwe elkoar yn 25 jier net sjoen. Ada is 25 jier lyn mei in hiel minslik ûngemakje ôfreizge nei Amearika…,mar ynienen stiet se mei har hiele ynventaris by Lamkje op’e stoepe…, foar in koarte fakânsje mei men oannimme, mar it docht bliken, dat se foar altyd bliuwe wol yn har âlderlik hûs, spitigernôch, want Ada past net mear yn it feilige mar lytsboargerlike fermidden. In geitebok sneuvelt troch har colt en in fuotbalfjild wurdt troch har omploege. Koartwei sein de wrâld wurdt yn it doarpke op’e kop set troch har. Elkenien wol har de doar útsjen en dat slagget úteinlik ek wol. Mar Lamkje moat earst al in offer bringe, in moai offer meie wy wol sizze…, like moai as dizze sjarmante komeedzje.

Bêd en brochje!

As heit fan twa mûnige dochters, hawwe jo it rjocht it net iens te wêzen mei de kar fan in partner en boppedat moatte jo harren wize op harren hâlden en dragen, dat is nochal fansels soene je sizze! Mar omdat heit bûter op’e holle hat en der twa bûtenechtelike relaasjes op nei hâldt dêr ’t ien de frou fan syn alderbêste freon, is syn foarbyld fier te sykjen… As dan ek noch beide froulju by him ynwenje wolle is de hikke hilendal fan de daam, de fatsoensrakker sit dan folslein yn de niten! En as hy der dochs noch út komt, hat er dat oan syn dochters te tankjen… Mûnige dochters dogge tsjinwurdich net sa gau mear eat foar neat, it wurd sjantaazje kin men net yn de mûle nimme, mar harren freonen wurde lang om let akseptearre… In ferhaal dêr ’t de toanielspilers harren op útlibje kinne.

Moai Portugal

In oan alkohol ferslave âld-kolonel Sip is behearder fan en soarget foar de ferhier fan in filla. Hy is meastentiids sa yn ‘e oalje dat er de filla dûbel ferhierd hat oan twa pearen. De manlju ha beide net har eigen frou meinaam, mar dy fan in oar. Troch de thúsbliuwers wurdt der noch alris belle by wize fan kontrôle. Unferwachte besites soargje foar in protte gedraai en geliich. Mei troch Sip betiizje se der hast yn. As ien fan de eigen froulju komt, wurdt it noch hiel spannend. Troch ferklaaierij komt it dochs wer goed.

Tsjonge, wat in snein

It stik spilet him ôf op in sneintemiddei op in bûten fan de Massenets earne yn Fryslân. Edward Hayes en syn frou Cordelia Massenet binne, sa ’t wol faker giet, útelkoar groeid. Edward is altyd tige drok beset as bistedokter en Cordelia hinget de diva út. Harren soan Tjalf is as ienling opgroeid en hat sa syn eigen problemen. Hy is yn de grûn bedoarn troch syn mem en hy wit net hoe’t er mei syn gefoelens oan moat. Op ‘e jierdei fan Tjalf komt der in bûnt selskip delsetten. De maitresse fan Edward, om yn de kunde te kommen mei Edward syn frou, hja komt net op sa’n gaadlike dei. Dan komme mem en dochter Hartstra, troch Cordelia útnoege yn it kader fan goede wurken. Se binne troch de gemeente út harren hûs setten. Der is ek noch in suster fan Cordelia yn ‘e hûs, dy ’t wolris wat trochslacht. De húsfeint besiket de toutsjes by elkoar te binen, mar dat slagget net altyd. Ek mei persoansferwikselingen soargje dizze minsken dat de jierdei fan Tjalf in bysûndere jierdei wurdt en kin mei rjocht en reden sein wurde: “Tsjonge, wat in snein!”.

In sigentsje yn ‘e maitiid

Fiif minsken, werûnder in barones, jonkfrou en in kolonel wenje yn in flatgebou. Hja binne kostgongers fan de jonkfrou en kinne allegear wol wat jild brûke. De jonkfrou hat in tsjinstfaam yn it wurk dy ’t alris fanwege stellerij yn de fizenis sitten hat. De buorlju fan de jonkfrou jouwe in feest, dêr komme nochal wat pommeranten. De tsjinstfaam ferfalt wer yn har âlde kwaal en stelt by de buorlju in djoere bûntmantel. Hja docht dit foar de jonkfrou, dy kin de jas ferkeapje en hat dan wer wat jild om hannen. Sa kin it fansels net en ûnder lieding fan de kolonel wurdt de jas manmachtich wer nei de bourlju werom smokkele. It stik keart no.
It is sa goed slagge om de jas werom te bringen, sûnder dat de buorlju it fernommen ha, dat wêrom soenen hja dizze taktyk dan net brûke om bûntmantels út winkels en restaurants te stellen en troch dy te ferkeapjen oan jild te kommen? De tsjinstfaam mei it net witte. As de plysje ek noch op it aljemint komt, is it allegear panyk.

Myn domdryste muoike

De aristokratyske eksintrike Lady Eppingham libbet yn in fantasywrâld fan de fergiene gloary fan it Ingelske Empirium.Sy hat de teeplantaazje oerlitten oan har twa gemiene muoikesizzers.
Dan komt Bontsje, har healsuster del en de sitewaasje feroaret dramatysk. De yntriges fan de beide neven wurde útinoar raffele en sy bemerkt dat der net te beneamen spultsjes spile wurde. Bontsje nimt it heft yn hannen en sa komme de dogenieten foar it ljocht.
It stik spilet yn India en sa is it toaniel ek oanklaaid.
De rol fan muoike is tige opmerklik.

Houlik yn duplo

Jeroen Smit is taksysjauffeur yn Ljouwert. Hy hat in frou yn Huzum en yn Ljouwert. Troch it roaster hiel sekuer oan te hâlden is er bysteat west al trije jier syn bigamy foar beide dames ferburgen te hâlden. As er op in jûn in âlde frou helpe wol, dy’t troch in pear taskedieven oanfallen wurdt, rint it skema yn de war. As de plysje him thúsbringt, docht bliken dat er yn it sikehûs in oar adres opjûn hat as by de plysje. De betizing wurdt noch grutter as syn buorman Piter him út de niten helpe wol. In homoseksuele buorman út Ljouwert en twa ynspekteurs fan plysje bringe de beide froulju folslein yn ûnstjoer.
It “Theater van de lach”hat dit stik destiids brocht as “Kink in de kabel”.

Och heden heit

Taksysjauffeur Jeroen Smit hat in dûbellibben. Hy is troud mei Hanne, dêrby hat er in dochter, Elkje. By Barbara dy’t yn Ljouwert wennet hat er in soan, Gert. Alles is ûnder kontrôle oant Gert en Elkje mei-inoar yn’e kunde besykje te kommen. Sa hawwe oant “chatten” west op ynternet en binne entûsjast oer de selde namme-, deselde âldens fan harren heit en dêrom wolle se elkoar perfoast moetsje. Jeroen docht der alles oan om dat te foarkommen, mar hy rêdt it net sûnder help fan hierder Piter. Piter hiert it appartemint boppe harren en is hast bern oan hûs by de Smitten yn Huzum. Se reitsje beide fertize yn harren leagens en bedroch. Piter besiket fan alles om Jeroen út de niten te heljen, mar spitigernôch slagget dat net. Jeroen moat bekenne en dan docht bliken dat de bedrager bedragen is… Dit alles spilet him ôf yn ien dekor .. in echte sprankeljende klucht.
In soad aksje yn in razend tempo!

Mine Totalos

It priveekantoar fan in skroatferwurkjend bedriuw, mei as direkteur Jehannes Meindersma. Syn soan Eldert stiet op it punt him op te folgjen. Homme de Haan is de boekhâlder, Lyske Boersma de priveesiktaresse.
Fierder sjugge wy út en troch de bedriuwslieder Rolsma, Sytske it kofjefamke en de direkteursfrou Ike; boppedat boargemaster Eysinga foar it yn ’t wurk setten fan in merakels grutte autowrakkekreakmasine.
It ferhaal: Ike, de mem, hat der alles foar oer dat Eldert in goed houlik oangiet. ‘Goed’ is yn har opfetting: trouwe mei in bulte jild. En as Eldert fertelt dat er yn Grikelân omgong hân hat mei de dochter fan in ferskuorrend rike reder, is se hielendal út ‘e skroeven; se hat net yn ‘e smizen dat de jonge mar wat fantasearret om der ôf te wêzen. Heit wol mear fan it frommeske witte en as Eldert har namme neamt – Mine Tótalos – bringt him dat op it idee de nije kreak-masine dy selde namme te jaan en hy wol fansels ha dat de rike redersdochter it offisjele barren bywennet.
Dat set Eldert goed foar ’t blok. Mar…. in freon fan him hat kunde oan in bûtenlânsk fanke en dy is ree om foar de Grykske yn ’t plak te gean.
Hja komt, wat suterich yn ‘e klean, op ‘e tiid oan ‘e saak, mar kin mei net ien fan allegearre dêr prate en begrypt fan wat der tsjin har sein wurdt fansels ek net botte folle.
Hawar, de boargemaster hâldt syn taspraak en op it stuit dat de bedriuwslieder it handel oerhelje sil, komt der ynienen in frommeske de betsjinningsromte ynfleanen om te protestearjen tsjin it brûken fan har namme foar de kreaker.
No wurdt it in ferfelende boel foar Eldert, mar oan ‘e ein pakt it dochs noch goed foar him út – en foar him net allinne trouwens – want Sytske wit him oan de privee-siktaresse te plakken.