Tom, Dick en Harm

Tom en syn frou Linda binne fan doel om in poppe te adoptearjen. Syn broers, Dick en Harm wolle him der graach by helpe, mar meastal fan de wâl yn’e sleat. Om in goede yndruk te meitsjen op de dame fan it adopsjeburo besykje se dy geunstich te beynfloedzjen, mar dit rint algeduerigen út’ e hân. Dick hat doazen mei sigaretten en konjak yn’e hûs smokkele, boppedat hat Harm út it mortuarium fan it Grinzer sikehûs in yn stikken hakt lyk yn de tún ferstoppe, dêr hat er spesjale plannen mei. De dame fan it adopsjeburo is folslein ferbjustere en de flechtlingen út Kosovo kinne de saak ek net ferbetterje. As dan ek noch de wykplysje lâns komt is de boel hielendal yn’e bulten. Tom moat prate dat it sta seit, om him oeral út te ligen. Op it lêst is it hast net mear te oersjen, mar de master fan de klucht fynt wol in oplossing. In typyske Ingelske klucht fan de Cooney’s!

Kafee De brette hoanne

Keimpe en Antsje Monsma hawwe it kafee ‘De brette hoanne’oernommen fan Keimpe syn heit, mar it rint net. Der komme wat fêste klanten en dy sitte lang oan in bakje kofje en inkeld in slokje en fakentiden ek noch op ‘e pof. Dat it sa net goed komt, kin men fan tinken wol ha… de kriminele Haantjes krijt der lucht fan en komt lâns mei syn freondinne yn de striid Natasja. Hy wol der in soarte fan diskobar fan meitsje mei in moai frommis achter de taap, mar Antsje trapet dêr net yn! Gerryt de heit fan Keimpe en eardere eigner is ien en oar lang net nei ’t sin. Hy stjoerd Keimpe nei de Horekafakbeurs yn Amsterdam om kennis op te dwaan. Underwilens spylje him alderlei tafrielen ôf yn it kafee. Tette bygelyks siket treast yn De brette hoanne, hy is syn Turkse frou en húshâlding ûntflechte. Jeep in stofsûgerfertsjinwurdiger is syn frou net altyd trou. Op ’t lêst is der in heimsinnige Fransiske dy’t in wichtige rol spilet yn it gehiel! It docht bliken dat de saak ferkocht is, mar oan wa? Pas oan de ein fan it tredde bedriuw komme de keallen út it hok, mar hoe?
Moaie typkes.

Woartels en bline finken

Dit blijspul giet oer it ferset fan in lytse winkelman tsjin de ferkeap fan syn saak oan in grut winkelbedriuw. De lytse winkelman is de grientekeapman Siemen Akkerman en it grut winkelbedriuw is fan Lokke Steensma-Berch. Foar ferwikkeling soargje de dochter fan de grienteman, Elske, en soan Hâns fan de eigenaresse fan it grut winkelbedriuw. Hja krije mei harren auto’s in oanriding en reitsje opslach fereale op elkoar. In net al te snoade polysjefrou, Wytske Wagenaar, spilet hjir net swak by. Fansels meie de jongelju net meiinoar omgean fan heit en mem en like fansels krije se inoar dochs!

Deiwurk by jûntiid

Rymkje, de klusjesfrou fan de putsjebus, kreazet it hûs fan frijgesel Age op troch te plamueren, skilderjen en sa. Sy is fereale op Age, wurket by de konkurrint fan Age, mar dat wit Age net. Rymkje hat dus in geheim. Age slacht raar yn’e froulju om; foar elke dei ien en elk tinkt dat se mei Age trouwe sille. Op in reinige middei komme se allegearre del. Opset of tafal? De betizing is grut. De froulju wurde wraaksuchtig en betinke wat. U.o. namme ferwikselje, sadat Age net mear wit wa’t wa is. En sa rint Age mei iepen eagen yn’e fûke. In nuveraardich stik foar in fleurige jûn.

Klamme Lape sit op swart sied

Klamme Lape is in lyts keuterboerke, sa earm as in lûs en hy hat al in jier “ferkearing” mei Gepke, dy’t gâns jild hat. Klamme is net ien fan de snoadsten, hy hat in mini-camping, in help foar heale dagen en al gaueftich gjin ferkearing mear mei Gepke, want dy wol alles. mar wat se wol hat Klamme gjin aan fan. Om’t Gepke al it jild dat se oan Klamme liend hat werom ha wol sit Klamme op “swart sied”. De beide biologen Mintsje en Hillebrant tinke dat it nijsgjirrich is foar harren siedûndersyk en keapman Simon mei syn assistinte Wipkje tinke dat it mei drugs te meitsjen hat. Fansels jout dat oanlieding ta allerhanne ferwikkelingen en misferstannen.

Muoike hat it wol witten

Tema: In ferstoarne hat mei syn lêste wil de erfgenamten te pakken. Neidat in âld frou, dy’t sels gjin bern hat, ferstoarn is, ropt notaris de fierdere famylje op om fjouwer dagen yn muoike har hûs te útfanhûzjen. De boaden fan de ferstoarne sille de gasten fersoargje en dêrnei sil it testamint bekend makke wurde. De útfanhûzers binne: twa troude muoikesizzers mei harren oanhing, in wat âldere ûngetroude seeman, in jongere man dy’t skriuwer is fan syn berop en dan ta beslút in jongfaam fan 25 jier. De betingsten yn it testamint binne: fjouwer dagen meiïnoar húsmanje yn muoike har hûs, alles litte sa’t it is en ûnderelkoar gjin spul meitsje. Dat lêste rêde se net op, want oergeunst en datsoarte fan dingen misse harren útwurking net, foaral as guon al krekt dogge as wie it allegearre fan harren. As notaris oan ‘e ein fan it stik it testamint foarlêst, kin er oan ‘e hân fan de notysjes dy’t de húsfeint makke hat, de rûzjes mei oere en tiid oanjaan en dan bliuwe allinne de skriuwer en de jongfaam oer as dejingen dy’t har oan ‘e betingsten hâlden ha: elkmes krije se de helte fan ‘e neilittenskip en tegearre dus de hiele boel.
De oaren kinne mei lege hannen op hûs oan.

Swarte Sijke

Harm Beekman kin it mei syn frou net iens wurde oer it plak fan harren fakânsje. Fan klearebare ellinde giet er in jûn op stap en komt oansketten en mei in bûde oan syn holle wer thús.
Soan Sander hat in fuifke hân en komt sûnder klean thús. Dy binne by it swimmen stellen, seit er. Mar foar allebeide komt der lijen efterwei. Ynse Sjollema, noch in âld skoallekammeraat fan Harm, komt mei de klean fan Sander oansetten; dy hat er fûn op ‘e sliepkeamer fan syn dochter Froane. En Harm kriget de oare moarns in telefoantsje fan in lichte frou, dy’t seit dat er har trouwen tasein hat en dat er har daliks by him thús ferwachtsje kin.
Harm syn frou Geartsje is in trochsetter en wol dan allinne mar mei fakânsje. As se de auto út ‘e garaazje rydt, sjocht se in frommes fallen dêr’t se miende bylâns riden te wêzen. Letter rydt se tsjin in stilsteande auto oan en fuort dêrnei rekket de hiele auto yn ‘e poeier tsjin in lantearnepeal.
Sander wit him der sawat út te praten mei syn klean, mar Harm en Geartsje komme yn in sjantaazjesaak telâane. Aldergeloks kin Sjollema, dy’t earder troch deselde minsken sjantearre is, harren helpe.
Dat, al hoe mâl as it der ek foarstien hat, it komt dochs allegearre wer op syn poatsjes terjochte.

Toe mar Wolter

Wolter Santema hat ta dokter leard en yn syn jonge jierren fan in fanke hâlden, dat er nea freegje doarst. Doe’t hja net langer wachtsje woe, is hja troud mei in oar en krige twa bern: in jonge en in famke.
Neidat syn earste leafde en har man by in ûngemak omkommen binne, hat hy de beide bern by him yn ‘e hûs nommen om harren grut te bringen.
Ine is no 25 jier en helpt him yn ‘e apteek en Jelmer studearret en is 23. Ine is in tige kreas frommeske en Sander Duersma, in sjirurch, freget har, syn frou te wurden. Wolter, dy’t nea oanstriid wer hân hat om te trouwen, kriget de rie hjir om ‘e bern dochs mar ris oer nei te tinken. Sadwaande lit er it yn him omgean om mei syn buorfrou yn see te gean. As der mei Jelmer swierrichheden komme op finansjeel mêd en Wolter net helpe kin, freget Jelmer earst Sander en dan de niisneamde buorfrou om him út de niten te helpen. As by syn jildsjitter syn skuld anonym betelle wurdt, wol er Sander foar syn help betankje. As dy fan neat wit, komt er mei syn betankje by de buorfrou, mar ek dy hat it net dien, docht bliken.
De wize dêr’t Sander en de buorfrou op reagearje, makket it foar Ine en Wolter dúdlik dat dyselden net de man en de frou binne, dy’t hja sykje. It jild is oansuvere troch immen, dêr’t hja it alhiel net fan ferwachtsje koene. Jelmer seit ta dat er him fierder ta deugd oanstelle sil en Ine komt ta it ynsjoch dat hja net allinne fan Wolter hâldt as fan in pleechheit. Omdat Wolter har wol net freegje sil, doch hja it him mar.

De nije dokter

De nije, net-troude dokter Wynsen Lyklama festiget him foarearst oan hûs by kaptein Sinnema, in âld see-ofsier, dy’t dêr wennet mei syn dochter Ineke en de húshâldster Jehanne. No hat Sinnema it groat gear mei de rike boer Bartle Boersma, omdat Maaike, de dochter fan Boersma, by Sinnema yn ‘e hûs kaam is, nei’t hja fan hûs fuort rûn is, om’t hja spul krige troch har ferkearing met Wytse, in soan fan in eardere arbeider fan Boersma. Boersma syn ynfloed is sa grut, dat er bewurket, dat de minsken net nei de nije dokter ta geane. Dêr komt noch by, dat wyksuster Jonker fereale wurdt op Wynsen en foar him deselde Boersma yn ‘e steek lit. Dit nimt Boersma net en hy begjint allerhande praatsjes út te struien. Ek Ineke mei de jonge dokter hiel wol lije, mar lit dat net skine.
Troch in pear goede setten fan Wynsen draait de wyn by it folk op it lêst al. Maaike en Wytse wolle graach trouwe en Sinnema en in dokter
út ‘e omkriten wolle harren dêrby helpe, mar sjoch dêr: Dat is allegearre net nedich, want Boersma is ta it ynsjoch kommen, dat er mis west hat mei syn fertinken fan de wyksuster en de nije dokter en ek mei syn hâlding foar Wytse en Maaike oer.
As dy oplossing der is, komt it ek út, dat de nije dokter en Ineke it iens wurden binne en sa einiget it stik, nei alle problemen, as in blijspul.

Doping op Skylge

Doede Sytsma en ‘e frou sille mei harren buorlju in wike nei Skylge. Doede wol eins leaver thús bliuwe omdat er min oer safolle bleat kin. De sikefûnsboade docht him lykwols in middeltsje oan ‘e hân dat him dêr oer hinne helpe kin.
As er op it eilân dat middel ynnimt feroaret er alhielendal en slacht de bangens fan froulju folslein om nei de oare kant. It komt safier dat syn frou oars gjin útwei mear sjocht as by him wei.
As it pepmiddel op is, draait alles wol wer wat by, mar foardat it safier is, hat der him hiel wat ôfspile.

Yn de jonge Jan

In ofsier fan justysje is belestige mei in foarûndersyk oangeande de fertinking dat de brân yn in tabaksfabryk oanstutsen wêze kin. Yn dy brân is in lyts famke omkommen.
Hidde Bron, in broer fan de eigener en wat simpel fan geast, wurdt fertocht om’t er min mei syn broer oer de wei kin. Syn broer slacht him gauris en leit him leech. Jan Bron, de eigener, wurdt fertocht omdat er skulden hat en de konkurrinsje mei de oare fabrikanten net mear oan kin. Hy hat koartlyn syn brânfersekering ferheegje litten.
Behalve de beide broers hat de ofsier ek noch oproppen de skoanheit fan Jan, de kafeehâlder, in buorman en in ferver, wylst in brigadier ek in ferklearring ôfleit.
Mei help fan de tsjûgen wurdt de wiere dader ûntmaskere.
NB Heijermans hat dit stik skreaun foar in akteur, dy’t sân rollen foar syn rekken naam (de fertochten en de tsjûgen)!

Eldert’s muoike

Hidde, Arend en Eldert binne studint en wenje yn in hûs fan Hidde syn heit, de kolonel; de hearen binne alle trije fereale: Hidde op Alma, Eldert op Ine en Arend dreamt fan syn eardere freondinne út Snits, Menta. Santema, in advokaat – omke fan Alma en fâd fan Ine – sil delkomme en dan komt Eldert mei de ferrassing dat hy syn muoike út Brasilië ferwachtet, de rike widdo Donna Pepita. Santema sil ûnder de yndruk reitsje fan de widdo en Arend wurdt frege om har te beselskipjen. Dêr fielt er ynearsten neat foar mar úteinlik seit er it ta en dan komt der in telegram dat muoike in pear dagen letter komt. Dat liket slim want Santema sjocht al nei syn ‘proai’ út en hy moat geunstich stimd wurde yn ferbân mei syn sizzenskip oer Alma en Ine…
En dus spilet Arend in pear dagen foar Donna Pepita en pas yn it tredde bedriuw komt de echte muoike opdaagjen, mei har muoikesizzer út Snits, dy’t Menta hjit en fansels komt alles goed yn dizze echte klucht.

Klinyk yn opskuor

De direkteur fan in kreamklinyk libbet al twa jier mei in jeuchlike freondinne, dy’t it net sa krekt nimt mei de trou… As sy de fersekeringsman ferliede wol, wurdt dat ûntdutsen troch de haadsuster. En omdat dy sels in eachje hat op dokter, briefket se alles mar wat graach oer, fansels, en like fansels besiket de freondinne dokter fan har ûnskuld te oertsjûgjen.
Mear argewaasje komt der as sy de hast altyd dronkene broer fan dokter yn’e hûs hellet…. Dy krijt sels besite fan in eksintrike miljonêre, dy’t letter de nije eignaresse fan de klinyk blykt te wêzen en sy sil fiif ton beskikber stelle foar de restauraasje fan de klinyk.
Dy fiif ton binne it doel fan de dronkene broer en in tafallige ynslûpster mei in roppige mage. Want as dokter in pear dagen nei in kongres moat, twingt de ynslûpster de broer om it plak fan dokter yn te nimmen, sadat sy oan de sinten komme kinne!

Foar in frou op’e rin

Willem Brander is in frijfeint, dy’t in doarpshoteltsje driuwt. Hy hat as gasten: in keunstskilder en in kreaze jongfaam.
As it stik begjint komme der as gasten oan: heit, mem en dochter Pfaff, trije tige aparte typen. Justjes letter komt der yn panyk in jongfeint ynstowen, dy’t seit dat er troch in frommes achternei sitten wurdt. Brander biedt him oan by him ûnder te dûken en foar de wissichheid syn uterlik sa te feroarjen dat er op in omkesizzer fan him liket.
Men kriget mei persoansferwikseling te meitsjen en dêrtroch barre safolle wederwaardichheden dat it suver hast net beskreaun wurde kin.
Oft alles komt sa as men ferwachtsje mei? Dy fraach hâldt oan’e ein ta de spanning fêst.

Memme feestje

It is Rosa har jierdei en yn’t bywêzen fan buorfrou sit se te wachtsjen op har trije dochters. As earste ferskynt de middelste mei in kritende twaling. It sin stiet net te bêst by de jonge mem. Har man sit yn Afrika foar saken – dy saken hat se op in pypfol – en lit har mar mei dy beide hannebiners ompiele. De âldste dochter komt sûnder de bern, mar wol mei in koffer fol klean. Se wol skiede en hat om it ien en it oar te regeljen, de bern ûnderbrocht by kunde.
As lang om let de jongste dochter ferskynt en bliken docht dat dy mei har freon yn tsjok waar sit, binne de rapen gear. Konklúzje fan dizze froulju: manlju binne oerkommelingen!
By eintsjebeslút docht bliken dat alle kweade fertinkingen fan de susters op misferstannen berêste. De iene nei d’oare reizget hurd ôf om thús alles wer goed te meitsjen. Foar mem bliuwt der oars neat oer as har jierdei te fieren mei buorfrou.

Stunt

“Stunt” wie eartiids de namme fan in ploech learlingen fan in middelbere skoalle, dat mei in learares op Himelfeartsdei in stunt plichte út te heljen. No hawwe de fjouwer in útnoeging krige om op Himelfeartsdei te kommen yn in âld boatehûs oan’e mar, dêr’t se earder ek gauris tahâlden. Ek de learares komt opdaagjen. Sy, Moerman, wie op skoalle net mear te hanthavenjen en docht no literêr wurk. Hindrik Jan siet yn’e horeka mar waard troch syn klasgenoat, oannimmer Bouwe, bedondere en moast mei syn bedriuw ophâlde, hy is no dichter. Moerman moat neat fan syn wurk ha. Anita is wethâlder fan Burgumerdaam en hat sa ek wol mei Bouwe te krijen. Yn harren petearen is te merken dat se in plan bekokstove om op dit plak oan’e mar in grut rekreaasje-oarde te stiftsjen. Fierder is der noch Binse, dy’t as útjouwer in bulte fertsjinne hat mei in bepaald soarte fan boekjes, mar dy’t no allinne noch mar nei fiskjen taalt. Hy set mei Moerman har boat de mar op om in mieltsje te fangen. Dan komt Wyts noch, dy’t eartiids altyd neaken swom, mar no in mem mei fjouwer bern is. Hindrik Jan sil ek besykje te fiskjen, mar kriget Bouwe oan’e heak, de wûne begjint raar op te spyljen en de oannimmer wurdt koartsich. Se jouwe harren foar de nacht del.
De oare deis komt der in jongfaam, Bontsje, dy’t in reportaazje meitsje wol foar in skoalkrante. Se is tige op’e hichte mei allerhanne feiten en soks smakket elts net; Binse komt ek wer opdûken, mei syn mieltsje: rikke iel!
Stadich komt ek oan it ljocht wat Bouwe syn plannen binne, hy hat al in bulldoazer mei in keet klear stean, mar Moerman wurdt wyld en rydt it spul de mar yn.
By eintsjebeslút blykt Binse alles opset te hawwen om Bouwe syn plannen foar te kommen en de rêst en de natoer te sparjen. Bontsje is syn frou.

Pensjon de Pottekiker

De pensjongasten fan Piter Sekuer en Roaske Krekt komme der achter dat dy beiden in jubileum te betinken hawwe. Dit wurdt in hiel o heden, alle gasten sille en wolle op harren eigen wize eat nei foaren bringe.
It rint fansels op bargebiten út, wat minder is: Piter en Roaske krije ek spul. Dat rint sa heech op, dat se elk foar oar in pensjon begjinne. De keamer wurdt yn twaën part, oan’e iene kant de manlju en oan de oare kant de froulju. Mar minsken dy’t it elkoar miene komme dochs altyd wer ta elkoar, sa ek Piter en Roas. Sokke oanslaggen kosje jild fansels, mar gelokkich winne se in haadpriis yn’e lotterij. Nei in protte wriuwen en kreawen wurdt dy priis omruile tsjin de grutte skulden dy’t se by de “klusjesman” ha. Dizze keapet dêrmei lykwols in kat yn’e sek…..

Koekoek siket Koekoek

Aukje Koekoek, weesbern en tige slagge sakefrou, fynt op har 60ste dat se sa graach dochs famylje hawwe wol. Se hat Koekoekseilân kocht en dêr oare Koekoeken noege om te sjen oft dy oan har famyljebyld foldogge. Mei har notaris, Tjitte, en bodyguard Popke en sysels yn ‘e rol fan biologysk túnwyfke, wachtet se de oare Koekoeken op:
Foppe mei in sibbekundige tic, Mimi Coucou – model met ferlet fan jild -, Kije, de oerspande learaar, syn eks Tunniske en dochter Lummy en as net-noege Koekoek Frau Doktor Erika.
Dy lêste wurdt troch de oare gasten sjoen as de ûnbekende rike muoike, mar se blykt yn werklikheid in bedriuwsspionne te wêzen dy’t op Aukje har patint út is.
It wurdt fansels in tizeboel wêrby’t de measten oan ’t koartste ein lûke en oft Aukje der famylje oan oerhâldt?

De ynbylde sike

De âlde Argan hat him ynbyldet dat er deasiik is. Syn frou Béline docht har bêst om dit gefoel noch te fersterkjen. Se hat belang by syn jild en hellet dêrom noch in pear dokters yn ‘e hûs om by Argan de panyk noch grutter te meitsjen. Argan hat grut respekt foar de medisi en jout ien fan harren, Diafoirus, tastimming om mei syn dochter Angélique te trouwen. Angélique wol net, sy is fereale op Cléante. Dan komt de tsjinstfaam mei in moai plan: Argan moat dwaan oft er ferstoarn is. Sa komt hy te witten hoe’t de famylje reagearret; Angélique is ferslein, mar syn frouw is bliid.
Foar Argan is no alles dúdlik. Hy nimt ôfstân fan syn frou en lit Angélique mei Cléante trouwe, wol op de betingst dat Cléante foar dokter leart.
Ien fan de bekendste stikken fan Molière dat lykas de measte blijspullen fan dizze skriuwer al sa’n trijehûndert jier repertoire hâldt.

Nee leave, no net

It slútjûnestik fan 1996 mei fleur en faasje spile yn de Lawei!
It stik spilet him ôf op ‘e tredde ferdjipping fan de eksklusive kleansaak Koekoek en Blom yn Ljouwert.
Yn dy saak barre frjemde dingen en soms giet men der frjemd… It ferhaal giet oer Rintsje Koekoek dy’t it bont makket wat de froulju oanbelanget en hy wrot himsels yn ‘e nêsten as sakeman Piter Roskam him te glêd ôf is mei de bontjas, dy’t foar syn maitresse ornearre wie.
Anders Blom makket de bontjassen, mar it spul dat dêr no troch ûntstiet moat er neat fan ha, mar ja, hy wol syn kollega ek net ôffalle. It wurdt fansels ien grutte ligerij yninoar om, mei ferklaaierijen en weikrûpboarterijen, dy’t, as tempo en timing goed binne, foar in hilaryske jûn soargje sille.