Ferjiteilân

Troch toanielspylje, sjongen en dûnsjen litte de bern de avontoeren sjen fan Kees, de soan fan de fjoertoer-wacher. Kees dy’t pleagjend Krieltsje neamd wurdt om’t er sa lyts is, sit faak achter de kompjûter Dan surft er op it ynternet en ferstjoerd er e-mailberjochten. Bygelyks nei de radio, oer it eilân dat er troch de grutte fierrekiker op de fjoertoer fan syn heit, lizzen sjoen hat. Kees wol bewize dat it eilân wier bestiet om’t er de oaren, dy’t him noait leauwe en altyd pleagje, wolris sjen litte wol wat er kin. Dêrom gier er op syk. It slagget him om t eilân te berikken, mar hy komt dêr yn in wrâld telâne fan izeren manlju en porseleinen froulju. De baas fan it eilân, Bobo Rudolf Witniks, fynt dat it wêzen fan fleis fierstentefolle wit en stjoert him nei de ôflearskoalle. Wat Kees der allegearre belibbet en hoe’t er nei spannende avontoeren besiket wer thús te kommen is allegearre te sjen yn dit fantastyske ferhaal, dêrt de kompjûter in ûnmisbare rol yn spilet…

Heksen

Lammert, in jonge fan likernôch alve jier, hat syn heit en mem ferlern by in auto-ûngemak. Hy wennet no by syn beppe. Earst yn Noarwegen wer’t beppe wennet, letter yn Ingelân, dêr’t Lammert syn thús wie.

Lammert syn beppe is in bysûndere frou dy’t prachtige, mar ek spannende ferhalen fertelle kin. Se fertelt bygelyks oer heksen dy’t der hiel oars útsjogge as de measte minsen tinke. Beppe seit dat heksen ôfgryslik it mier ha oan bern. Se fine dat dy nei hûnestront stjonke. “Pas mar op”, warskoget se, “bliuw mar út de buert, want se litte bern ferdwine of bestjoene har yn in hin, in pod of in mûs!”. Yn’e grutte fakânsje as Lammert en beppe yn in hotel oan see útfanhúzje, bart it. Lammert en syn freon Bruno komme echte heksen tsjin. Under lieding fan de opperhekse krije dy de jongens te pakken. Mar dan is beppe der ek noch….
Noch nea belibbe Lammert sa’n spannende fakânsje..