In kwestje fan oanpassen

Nei de lêste oarloch dêr’t Amearika by behelle wie, is Ralph Bates opnommen yn it bedriuw fan syn oansteande skoanheit, dy’t him tasein hat dat as er mei syn dochter trout, hy dan syn opfolger wurde kin.
Hy is no 6 jier troud en sit noch altyd yn in ferfeelsum roetine-baantsje te wachtsjen op ‘e dea fan syn skoanheit. Dy is geef, dat Ralph nimt syn ûntslach.
De spanningen hjir omhinne ha de sfear fan it houlik slim oantaast en dit ûntslach is foar syn frou oanlieding om mei harren jonkje by him wei te gean.
De deis foar Krysttiid, as er krekt allinne sit, komt der in âlde tsjinstkammeraat by him op besite. Dy hat syn frou, dêr’t er twa dagen lyn mei troud is, meinommen. De ynset fan dat houlik is ek al net sa bjuster, sadwaande ha se de earste nacht ek al net byelkoar sliept.
It komt der op del dat de beide oarlochsfeteranen harren frou wol slite wolle. Se beslute om yn Texas tegearre in fokbedriuw te begjinnen.
De froulju litte it der lykwols net by sitte. Ralph sines komt werom om him te bewizen dat se fan him hâldt. Dy fan syn freon toant no alle begryp foar de psychologyske wjerstannen dy’t har oare helte hat.
Yn beide houliken is it in kwestje fan oanpassen en dat proses liket no op in ein te rinnen; foar beide pearen is der no hope op in takomst.

Boppetoanen

Dit stik giet oer twa froulju, Harriet en Margaret. Harren persoanlikheid is opsplitst yn de bûtenkant (Harriet en Margaret) en harren ynderlike sels: Hetty en Maggie. Sadwaande spylje der fjouwer froulju yn dit stik en elk hat in sprekkende rol en sa sjogge wy twa lagen yn ien ferhaal.
Harriet is in troude frou, dy’t eins net lokkich is mei har man. It leafst wie se mei de skilder John troud. John is no troud mei Margaret. Op dizze middei hat se Margaret útnoege.
Tusken Harriet en Margaret sjogge je in beskaafd petear. John is in ferneamd skilder en Margaret soarget derfoar dat hy in portret fan Harriet skilderje sil. Hetty en Maggie litte lykwols sjen wat der werklik spilet. Hetty wol John werom en se tinkt dat se dat foarelkoar kriget as se troch him skildere wurdt. Mar as Harriet wol se net blike litte dat se it sa graach wol. Maggie komt alinne by Harriet omdat se har strikke wol foar in portret. John syn karriere stiet stil en se binne earm. As Margaret wol se ek net blike litte hoe graach as se it wol. Op it ein fleane Hetty en Maggie elkoaren yn’t hier, wylst Harriet en Margeret ôfskied nimme mei in foarmelike tút. It stik hat in iepen ein. It portret sil skildere wurde mar je witte net wa’t ‘winne’ sil.

De dreamkeninginne

It stik spilet op’e dei dat Joke Westerbaan trouwe sil. Der sil in grut feest wêze mei 400 gasten. Har heit, Tiede Westerbaan, is in reklameman, dy’t swier oerspand is. Hy is dwaande mei in reklamekampanje oer in famke út de jierren tweintich. Mei de organisaasje fan’e brulloft der ek noch by, wurdt it him te folle. Troch it stik hinne kriget hy in pear klappen op ‘e holle sadat hy ûnder de brulloft in oantal hallusinaasjes hat oer it famke fan’e kampanje. Troch de oaren wurdt hy foar gek fersliten.
Dêrneist spylje noch in pear oare saken. Mei de âlders fan’e brêgeman giet alles mis en sy twifelje oft se harren soan wol oan sa’n gekke famylje ferbine litte wolle. It is lykwols al te let: It breidspear is temûk nei it gemeentehûs gongen. Dêr sitte se mei de 400 gasten.