Brulloft fan brave boargers

It stik giet oer minsken dy’t in húshâlding begjinne wolle en benammen oer de idealistyske ideëen dy’t se dêrby hawwe. Alles rint like bryk troch it skynhillige gedrach fan de minsken. Sa op it each hâldt elk him oan ‘e regels, mar ûnder it oerflak broeie de lusten en ûnlusten; oergeunst en ûndergrûnske gefoelens fan haat dogge ûnderstek oan de respektfolle omgongsfoarmen meiïnoar. Sa stoart alles yn inoar. De idealen en ek it meubilêr, dat troch de brêgeman sels makke is, sakje beide ta hilariteit fan de gasten stadichoan yninoar. Dizze groteske wrâld fan Brecht, mei syn bitterheid en syn fertier, genot en fertedering, sin en tsjinsin, jout in helder byld op it begrutlike heapke minske; fjochtsjend foar syn bestean fol mei eangsten en winsken.

Ofskiedsmiel

Dizze ienakter is in akte út Anatol, in rige fan 8 ienakters. Anatol, de haadpersoan, is in rike flierefluiter. De ienakters geane oer syn leafdesaventoeren. Hy wurdt bystien troch syn freon Max.
Yn dizze akte sil er mei syn freondinne Annie en Max út iten yn it restaurant, dêr’t se hast alle jûnen komme. Foar de komst fan Annie fertelt Anatol Max dat hy neist Annie noch in oare freondin hat. Hy wol it dizze jûn mei Annie útmeitsje. Oant no ta doarde hy it noch net. Max moat him helpe.
As Annie ek oan tafel kommen is, seit se daliks dat se Anatol wat fertelle moat. Se is fereale en foar dat se wat mei dy oare begjint wol se it útmeitsje mei Anatol. Anatol lit har earst har ferhaal fertelle en regearret as in jaloerske man. Om har werom te pakken fertelt er dat hy al lang wat mei in oar hat en dat er net mear fan har hâldt. Sy wurdt lilk omdat hy noch folle ûnbeskofter is as sysels en giet fuort. Max beslút mei: “No, sjochst wol, it foel ta.”
It ferhaaltsje is frij plat, mar de situaasje is wol grappich; der wurdt in soad iten en dronken ûnderwilens en se genietsje de rykdom, mar beide kieze se foar in ienfâldiger persoan.

De bittere triennen fan Petra von Kant

Petra von Kant, in tige suksesfol moade-ûntwerpster, wennet mei har help – har rjochterhân Marlene – tegearre. Op in dei komt Sidonie, in freondinne op besite mei Karin, in kreas jong frommiske út in ienfâldich miljeu. Karin hat yn Australië wenne en hat har man dêr achterlitten.
Petra is daliks ûnder de yndruk fan Karin en fynt har tige geskikt foar de moadewrâld. Dêrom noeget se har út om nochris lâns te kommen.
As Karin de oare deis komt, biedt Petra har al gau in oplieding as mannequin oan en se stelt út dat se dan ek mar by har ynkomme moat. Karin stimt dêryn ta en lit har alle help en strikaazjes fan Petra, op it ûnbeskofte ôf, oanleune. Petra mient it echte nije lok fûn te hawwen en Marlene sjocht en swijt…