De trije einepiken

De klassiker ûnder de skrillers. Tûzenden kearen spile yn Londen en noch hieltyd jûn oan jûn útferkocht. It gegeven is eins ienfâldich: in jong stel is fan doel keamers yn harren hûs te ferhieren. Se ha net in bulte ûnderfining en amper de sinten om harren gasten in fatsoenlik miel foar te setten mar se begjinne tige entûsjast. De reaksje op harren advertinsje is sa dat de keamers yn harren hûs daliks ferhierd binne en yn in enoarme sniestoarm komme de earste gasten oan. Sawat tagelyk wurdt yn in nijsútstjoering melding makke fan in moard op in frou dy’t eartiids yn ‘e buert wenne hat. Sy wie de pleechmem fan trije bern dy’t troch har en har man op in ôfgryslike wize misbrûkt en ferwarleaze binne. Ien fan de bern is dêrtroch stoarn. In telefoantsje fan it polysjeburo kundiget oan dat se immen stjoere. De gasten skine inoar net sa bot te meien. Se binne hieltyd oan it hottefyljen en de stimming is net fleurich, dy wurdt der hielendal net better op as der in polysje, troch de snie, delkomt. De moard is fansels it petear fan de dei en liedt somtiden ta stikelige opmerkings. Miss Boyle dy’t mei har skerpe tonge net echt populair te neamen is blykt ynienen fermoarde te wêzen. It liket, sjoen it waar, logysk dat de moardner yn hûs socht wurde moat. As dan ek noch bliken docht dat de bân fan sommige minsken mei de histoarje fan de bern nauwer is as ferwachte, is de hel kompleet. As de skys fan de polysje fuort binne besiket hy de saak te rekonstruearjen. De dieder?? It is gewoan te spannend om dy hjir te ferrieden.

De Tolfte Nacht of Wat jo wolle

Hartoch Orsino hat it knap te pakken. Hy is fereale op de rike en moaie Olivia dy’t neat fan him witte wol. Sy seit dat sy sân jier lang de neitins oan har ferstoarne heit libben hâlde wol, mar eins hâldt se gewoan net fan Orsino. Cesario, de nije feint fan Cesario mei Olivia de leafdesboadskippen fan de hartoch oerbringe. Olivia is gek op Cesario. Cesario hat ien probleem: hy hjit eins Viola, in ferklaaide jonkfrou en sels tige fereale op Orsino. De poppen binne hielendal oan it dûnsjen as Viola’s broer, Sebastiaan, yn deselde stêd oankomt. De as man ferklaaide Viola en har twillingbroer lykje as twa drippen wetter op inoar en it iene misbegryp folget op it oare.

It siet yn e loft

Tema: It skeppen fan precaire, komyske sitewaasjes.
Frijfeint Paul, dy’t in flat yn Parys bewennet, hat kontakt mei de programma-ôfdieling fan it fleanfjild dêr en hat boppedat in relaasje mei trije stewardessen. It hjit dat er mei elk fan harren trouwe sil mar dat is fansels sa net.
Yn it stik komt syn freon Robert by him op besite en dy heart nuver op as Paul him fertelt fan syn yntime relaasjes mei trije froulju. Dy fernuveret him der oer dat it noait in kear misrint en de iene fan de oare weet kriget. Mar Paul seit dat it net misrinne kin, want by feroaringen yn ‘e tsjinstregeling wurdt er warskôge troch syn kunde oan it fleanfjild. Dat, it liket Robert dan ek net iens sa gek ta.
Lit it no krekt as Robert dêr útfanhûzet folslein yn ’t hûndert rinne.
Claire, de Frânske stewardesse, skillet dat se komt, as Peggy, de Amerikaanske, noch net fuort is. En as se dat probleem mei alle keunstgrepen lykje oplost te hawwen, dan komt Helga, dy’t by in Dútske maatskippij arbeidet, ek noch fan wegen.
Mei har trijen, Paul, Robert en Paul syn húsfrou-faam, besykje se it wetter bûten de klompen te kearen. It seit himsels dat ien en oar de gekste sitewaasjes teweech bringt.
By einbeslút docht Peggy te witten dat se net wer komt, omdat in man dêr’t se altyd al smucht op hân hat, mei har trouwe wol……

De fleurige froulju fan Windsor

John Falstaff, in ridder hat syn hiele libben yn de bordelen sitten. Hy giet nei Windsor en docht dêr krekt as is hy in echte “Don Juan”. Hy komt yn kontakt mei frou Fluth en frou Page. Hy stjoert harren brieven dêr’t hy al syn winsken en ferlangens ynset. Dêr binne de beide froulju net oer te sprekken. Sy wolle him te pakken nimme. Se fine fan alles mei him út. Se slute him op yn ‘e waskoer en goaie him yn ‘e feart. Se litte him in nacht yn it bosk omrinne ferklaaid as frou. Sa leare se John Falstaff om syn leafdesferlangens wat mear foar him te hâlden.