Knyntsjedagen

Marian Thorncraft sjocht út nei har knyntsjedagen mei har man Tyler. Se tinkt dat se dy troch bringe sil yn in romantysk, smûk húske op ‘e romte. Se is noch mar krekt oer de drompel droegen, dan ûntdekt se al, dat dizze filla dêr’t se binne “Graveside Manor” (wat in frjemde namme), wat mei oan ‘e hân is. It spoeket der (fansels), hat allegearre heimsinnige gongen (fansels) en is like gesellich as in flearmûsgrot en leit like fier op ‘e romte as it Sintraal Stasjon. In wurkster dy’t hieltyd ferdwynt, in spoek dat mei in bile swaait en trije studinten dy’t in grap foar Halloween úthelje wolle, Marian hat it der dreech mei. En dan noch dy plysjeman, net al te snoad, dy’t in ûntsnapte psychopaat siket en dizze ûntsnapte psychopaat sels. Al mei al, it wurde “geastige” knyntsjedagen dêr.

Fort Mustang

Fort Mustang leit middenyn it Yndianegebiet fan de Swartfuotten, de Wytfuotten, de Platfuotten en de Switfuotten. De Yndianestammen grave de striidbile op. Dan wurdt it in kommen en gean dêr op Fort Mustang. Kolonel Mekkie, syn Sineeske betsjinner Liem Po, ferkenner Old Babbels en Luitenant Roberts ha it der mar drok mei. De lêste fan de Switfuot Yndianen, haadman Oef en syn dochter Oefke komme nei Fort Mustang, om de kolonel om syn bemiddeling te freegjen. De Yndianen meitsje har dan op foar de oanfal op Fort Mustang. Se wolle dat haadman Oef oan har útlevere wurdt. Kolonel Mekkie wol hjir neat fan witte. Dan binne de rapen gear…
In western komeedzje, mei in soad aksje, brike sitewaasjes en hiel wat kleurige personaazjes.
In útdaging foar dy feriening, dy’t es wat oars spylje wol, dan in gewoanwei stik. Oef!

Wy komme op ‘e telefyzje

Toanielselskip ‘Kom mar op’ driget fallyt te gean, foaral omdat foarsitter Yme mei alle geweld oan ‘Grutte Keunst’ dwaan wol. En dan lûkt de haadsponsor him ek noch werom. De repetysjes foar ‘De Fekke’ ferrinne mei hieltyd minder animo. Oant der in telefoantsje komt fan in telefyzjestasjon dat de opfiering útstjoere wol. Dan slacht de stemming hielendal om en sels de sponsor wol wer jild jaan. Op ien betinkst! Dat syn nije flam in haadrol kriget yn it stik. Mar dat lit de ‘Leading Lady’ fan it selskip net oer har kant gean. By de earste foarstelling fan ‘De Fekke’ giet it der nuver om wei. It wurdt ien grutte klucht. En wêr bliuwt dy man fan ‘e telefyzje doch?

Skoft

It spilet him ôf yn de kantine fan in supermerk of eins yn in needkantine op de 3de ferdjipping fan it gebou. Dizze kantine is folop yn gebrûk, omdat de meiwurkers fan de supermerk graach even skoftsje meie. Dat it net altyd slagget, dat skoftsjen, blykt wol út de kasjêre dy t wol kofje ynskinkt, mar der noait ta komt om dizze op te drinken. Der wurdt grute dat der in oername komt en de 1 miljoenste klant komt ynkoarten, it personiel hat it der mar drok mei. De klok en de lift spylje in de haadrol yn dit stik, lykas de kast, it húske en it kantoar fan de baas. Twa meiwurkers yn en ut de kast soargje foar in soad fermaak. De ûnderhaldsman en de klanten service ûntbrekke ek net, lykas de kontroleur fan de keuringstsjinst. De rabberij draait op folle toeren as de frou fan de baas sa no en dan del komt. O, o en dan dy 1 miljoenste klant!

As ik koe, dan gûlde ik dyn triennen

Mem en dochter binne oan it nifeljen. De dochter sit yn de 1ste faze fan Alzheimer, mar mem ûntkent it gehiel. Under it nifeljen bart it iene foarfal nei it oare, mar mem hat foar elk foarfal in ferklearring.
As mem in gedichtsje yn’t sin komt, hat se op dat stuit yn ‘e gaten dat it oer harsels en har dochter giet. Dan komt earst de grutte ûntkenning en dan pas de akseptaasje. Mem wit dat se begjinne moat mei it ôfskie nimmen fan har dochter, foar ‘t te let is. It leafst soe mem har dochters triennen gûle, sadat har dochter fan de goede mominten, dy’t se sa no en dan noch hat, genietsje kin sûnder fertriet oer har sykte.

Ik kin der neat oan dwaan

In echtpear is tige besoarge oer it lange weibliuwen fan de mem.
Se besykje elkoar der fan te oertsjûgjen dat se der gjin skuld oan hawwe, mar tagelyk fiele se har wol skuldich.
En dan komt mem…

It weromkommen

In mem wachtet nei de Twadde Wrâldoarloch, op de thúskomst fan har soan.
Der komt noch in oar mei, dy’t de wierheid, oer wat der werklik bard is, oan it ljocht bringt.

Is de wrâld gek of binne wy it

Dit stik is spesjaal foar in toanielselkip, dat sawol maatskippij kritysk spylje wol as har publyk fermeitsje wol. Want stel je ris foar dat jo je publyk tsjûge weze litte kinne fan in geheime gearkomste fan wrâldlieders? Dat jo har as earste hearre litte wat de plannen mei de wrâld binne en wienen? Soe har belangstelling wekt wurde? Lûkt it jo belangstelling? Doarre jo josels en it publyk oan de wierheid bleat te stellen, de hiele wierheid en neat oars as de wierheid…?
Want de wierheid is sa hilarysk en konfrontearjend, dat it gewoan te gek foar wurden is.

Meitsje dat de kat mar wiis

Martha en Roaske nimme har yntrek yn in fredich pensjontsje yn in bosrike omjouwing, om fan de rêst te genietsjen. Binne dizze twa, in twilling noch wol, sa ûnskuldich at se der útsjogge of binne se wat fan doel? It liket wol as binne it detektives. Mar der bart doch neat yn sa ’n pensjontsje? Der binne allinne mar gasten dy ’t foar har rêst komme en fan kuierje hâlde. Mar it is net sa ’t liket.
Dan dûkt Harry, de neef fan Martha en Roaske ûnferwachts op. Hy hat wol wat mear each foar de dochter fan de pensjonhâldster, as foar de misdied. Troch as echte detektives te wurk te gean, sille Martha en Roaske der wol even foar soargje, dat har neef promoasje meitsje kin. At dat mar goed giet….

Roet

Lysbeth wurdt 85 en har dochter Rita ferrast har mei in wykein yn in bungalowpark. Ek de rest fan de famylje is oanwêzich. De mieningen oer it nut fan dit wykein rinne nochal útien.
Lysbeth hat Alzheimer, sadat it hiele “feest” oan har foarby giet. Boppedat krije de bern hieltyd spul mei elkoar. Der wurde hiel wat diskusjes fierd, ek at Lysbeth der by is, oer .ûo net opromme boartersguod, smoke, earder ophâlde mei wurkjen, smetfrees, eutanasy en hinnepoaten

Wat binne wy moai fuort

Under begeleiding fan in gids nei de binnenlannen fan Afrika. Foar de rike en dominante Luciel de ideale trip om opskeppe te kinnen by har freondinnen. Henry, in goede siel, giet lykwols om in hiel oare reden mei as syn frou. Henk en Annie, dy’t in priis wûn ha en dêrom de reis meitsje, sjogge der hielendal nei út. De jonge, ûnferskillige en luie Emma makket it reisselskip kompleet. Luciel ergeret har dea oan it hâlden en dragen fan Henk en Annie, twa typen fier ûnder har stân en fan Emma moatte se al hielendal neat ha.
Al gau docht bliken dat it hielendal gjin lúkse fakânsje is, mar in survivaltocht troch de oerwâlden fan Afrika. Foar Luciel in reden om daliks werom te wollen. Spitich, de jeeps dy’t harren brocht ha, komme pas oer in pear wike werom. Oanpasse dus!
At dan ek noch Fred, de gids, ynienen fuort is, dan wurdt it pas echt in tocht..
In komysk en fermaaklik blijspul dat spile wurde kin yn in ienfâldich te meitsjen dekor.

Groetnis út Vogelenzang

It giet oer fjouwer âlde minsken dy’t stean te wachtsjen oant de rekreaasjeseal iepen giet. Omdat it allegearre wat langer duorret, nimme de yrritaasjes ta. It wurdt wol dúdlik, dat ek yn in âldereintehûs de emoasjes heech op rinne kinne. In ienakter dêr’t in soad om lake wurde kin, dy’t oan ‘e ein grimmitich wurdt, mar it publyk oandien achter litte sil.

De nonnen fan Navarone

Yn Navarone, in âld kleaster, hearsket grutte ûnrêst. It kleaster driget ferkocht te wurden. Moederoverste, broeder Bas, de twillingnonnen Merel en Verel en mefrou Geertsma meitsje har op foar in ynspeksje troch de Earwearde, dy’t wol fielt foar ferkeap. Wylst binne ek yn it kleaster de freonen Sytse en Johan yn it kleaster yn ”retrête”. Se nimme it net sa krekt mei de houlikstrou. De twillingnonnen, “Merella” en “Verelli” binne lykwols ynskeakele, om de beide mannen yn ‘e gaten te hâlden. Mar ek William de kok en mynhear Notiesch, binne yn it kleaster, mei in opdracht. Koartsein: in keakelbûnt selskip, dat it kleaster makket ta in brûzend hûs, dat rêden wurde moat fan de ûndergong.

Set mar op’ e rekken

“Saken binne saken. Fan lienen is noch noait ien ryk wurden” Dat seit Benny, eigner fan in doch-it-sels-saak. Hy hat fakânsje, sit mei syn frou Anny op ‘e camping, mar de hannel giet gewoan troch. Wat net daliks ôfrekkene wurde kin, set er wol op ‘e rekken. Allegearre sûnder BTW, swart dus. Mar de fijân sliept net en al gau komt de belesting ynspeksje nei de camping. De jonge belestingynspekteur Jean Paul sil it wol even útsykje en ôfhannelje. Hy nimt syn freondinne Germaine mei en siket in plakje út op de camping, krekt neist Benny en Anny. Hy krijt hiel wat te stellen mei syn direkte sjef, Hilde de Rooi, dy’t ek opdraven komt en mei syn Germaine, dêr’t Karel in eachje op hat. Oan ‘e ein fan it stik wurdt der ôfrekkene…

Skeind

Yn de santiger jierren rekket Iris as se 16 jier is troch ferfelende omstannichheden yn in kleaster en wurdt siik. As se nei in skoft har depresje oerwûn hat beslút se om non te wurden.
Letter, jierren letter, nimt se de beslissing om der út te stappen. Se begjint in nij libben en reizget troch it hiele lân. Fan east nei west, fan noard nei súd. Wat har dwaande hâldt? ‘ Dat giet nimmen wat oan’, seit se. ‘ Want ik praat mei gjin minske’.

Hasto efkes foar my?

“Hasto efkes foar my?” is in klucht dy’t him ôfspilet op de “Pottenbakkersdreef” yn in flat fan tsien ferdjippingen. It kompleks hat markante bewenners. It echtpear Willem en Truus is ienfâldich, mar hâldt der frjemde gewoantes op nei. Húsmaster Cees en kakmadam Clara hawwe har eigen definysje fan karweikes dwaan. Clara is frijgesel en hat har amoereuze ambysjes, mar se is beslist net de ienige. Op de “Pottenbakkerdreef” wimelet it fan de ûndogense besikers. Wa foar wa komt, is net dúdlik. Alles rint oars. Dit jout in soad betizing en alteraasje. Allegearre yngrediïnten om it publyk ris âlderwetsk laitsje te litten.

Kiddie Kiddie Kiddie

Is in oangripend, ûnmeilydsum, leaf en leafdefol ferhaal, dat fertelt oer de jeugd fan Carolien Bourgois de Vries. Carolien hat in “Meervoudige Persoonlijkheids Stoornis”. (MPS) Kiddie, stiet foar Kid-die, “to die”- it ferstoarne bern. Wannear in bern mannichfâldige kearen misbrûkt wurdt, sawol geastlik as lichaamlik, splitst it sich faak op yn meardere persoanen, “alters” neamd, dy’t allegearre in eigen namme ha. Kitty, de sammelnamme fan al dizze “persoanen”, wurdt socht. Se hat har ferstoppe yn in bûtengebiet. Helikopters, polysje en noch in hiel soart oaren, sykje har. Wêrom hat se har ferstoppe? Hat se wat misdien? Wurdt se fûn?

In noflike fakânsje

Els en Ron, in jong troud stel binne 3 wike mei fakânsje op ien fan de Waadeilannen. Benammen Els is hjirmei tige op’t skik omdat se no gjin lêst hat fan har skoanâlders dy’t elke sneintemiddei by harren op besite komme. Skoanmem is nochal bazich en behannelt Ron en Els as in pear lytse bern. Mar Els hat har te betiid bliid makke, want se binne noch mar amper oankommen, dan steane Albertine en Egbert, de âlders fan Ron, al by harren oer de flier. Se komme ‘ gesellich’ in pear dagen útfanhûs. Els hat fansels de smoar yn, mar it bliuwt net by dizze 2 gasten. Susan, in freondinne fan Els, fan wa har âlders Ron en Els it simmerhûs hiere, komt ûnferwachts opdaagjen. Christo, in putsjeman komt wat putsjes te dwaan, Truus in frou fan it eilân, komt om elk fan iten en drinken te foarsjen. En dat is noch net alles.
Al mei al in fleurich stik wêr’t fan alles yn bart, benammen brike situaasjes.

Spaanske ruters

“Spaanske ruters” liket sa foar it each te gean oer in organisearre wraak fan froulju, rjochte tsjin ien man. De titel is ûntlient oan in lytse monolooch fan it slachtoffer, de man, it objekt fan ‘e wraak: “In groep Spaanske ruters – yn har woeste lânskip – en alles giet sa as it giet”. Yn “Spaanske ruters” giet neat sa as it giet. Twa froulju hiere in “ingel der wrake” yn – Eva – en stjoere har ôf op de man, om ôf te rekkenjen mei wat hy de fjirde frou ea oandien hawwe soe. It liket de plot fan in ienfâldige needlotstrageedzje. Mar needlot, bestiet dat wol? Wraaksucht makket fan minsken net te begelieden projektielen en dan is der neat mear wis. Hope en treast moatte mei hurde middels befochten wurde, dwers troch de triennen en de reinbuien fan it minslik bestean hinne.

Dat ha jo goed sketten

Frjemde gasten dêr op kastiel Elrood. Dat rint der samar yn en út. En se fleane hieltiten mar fan de kelder nei de souder en wer werom. Mar de bewenners sels binne ek wat ûngewoan. Dochter Patricia liket de iennichste normale persoan, in hiele prestaasje! Mar op wa soe dat “Dat ha jo goed sketten…” slaan? Op Jenny? In Skotske útfanhûzer, dêr’t de krystfakânsje nea fan skynt te eindigjen. Of op Chester, de fotograaf, dy’t sels net wit wat er fotografearret? Of op de pianostimmers, dy’t mar net fan ’e wize te bringen binne? Of op Hilary, de polysjeman, dy’t noch nea immen arrestearre hat? Of op
Juffer Patridge faaks, dy’t mar net genôch krije kin fan it kastiel. It slacht grif net op Ada, de nije tsjinstfaam. Dy siket it lok op in hiel ferkeard plak. Op Lord Elrood dan? Dy libbet yn in fantasijwrâld en
jaget op spionnen. Sil hy dan dochs in kear rekke sjitte? Of op Amor, dy’t ek noch om it hoekje kipet. It publyk hat it yn elts gefal goed sketten, dat kin nochris âlderwetsk laitsje…