De goedhertige bulderbast
Angelique dy’t by har broer Dalancour en syn frou wennet, is fereale op Dalancours freon Valere, dy’t har gefoelens beantwurdet. Angelique doart net út te kommen foar dizze gefoelens tsjinoer har omke Gerante, dy’t yn in appartemint yn itselde hus wennet en haad fan de famylje is; se is bang foar him. Gerante is nammentlik in opfleanend man, gau op ’t ein en hoewol’t hy besiket syn driftbuien yn ‘e han te halden, slagget hy der noch net yn.
Dan docht bliken dat Dalancour syn fortún dertroch jage hat, lykwols mei goede bedoelingen, en op ‘e râne fan in faillissiment stiet. Boppedat is hy fan doel om syn suster nei in kleaster te stjoeren. Gerante, dy’t fernimt dat Angelique net nei in kleaster wol mar graach trouwe wol, biedt har hân oan syn freon Dorval, dy’t folle âlder is as it famke. Dorval seit ja, op ien betingst; dat Angelique it der mei iens is. Al gau heart Dorval dat syn takomstige breid wol fereale is, mar net op him. Hy sil in houlik tusken har en Valere net yn ‘e wei stean, krekt oarsom, hy sil tsjûge weze. Valere biedt oan om Angelique te trouwen sûnder breidsskat en Dalancour syn skulden te foldwaan. Dalancour syn frou slagget der yn Gerante, dy’t poerrazend op syn neef is, oer te heljen: hy betellet alle skulden en jout Angeliqie en Valerie syn seine en in breidsskat.