Striid om de haadrol

Isolda Holland is de eigner fan fyftjin moadewinkels der ’t har dochter Tamara de lieding oer hat. Tamara hat in skoftsje yn in ynrjochting sitten (se seach nammentlik minsken dy ’t der net wiene) mar is wer better. Har twadde man Stoffel en har soan Wigbold hawwe ek wol earen nei har baan, mar Tamara kin it skoan oan. As Isolde by Tamara útfanhûzet, besykje Stoffel en Wigbold har wer yn de ynrjochting te krijen. Se spylje ferskate rollen om Tamara wer “gek” te meitsjen. Ek bewurkje se Isolde om har te oertsjûgjen dat Tamara net ynsteat is om har baan goed út te fieren. Se krije help fan minsken dy’t allegear op jild útbinne. Tamara wurdt erchtinkend en nimt Elsie, dy’t by de plysje wurket, yn ‘e earm. De diederes wurde pakt en Tamara hâldt de lieding.

In priis, in moard en… ketchup

Heit is skriuwer. Mem en dochter geane in pear dagen fuort want Tim – de timmerman- sil de keuken ôftimmerje. Om ’t heit in “skriller” skriuwe moat fan syn útjouwer, betinke se in plan foar in moard. Heit wint wilens in priis fan de Lama waskpoeier en giet mei trije froulju en Lena, de freondinne fan syn dochter it feest yn.Tim set de moard yn sêne. Buorfrou komt en leaut it. De plysje wurdt skille. Mem en dochter Frieda komme werom en sjogge de resjersjeur oan foar de moardner. Uteinlik blykt Tim in dief dy ’t út is op heit syn priis. Troch de buorfrou komt alles wer goed.

Leafde, moard en miljoenen

Bram Maasland hat syn jonge minnares Chantal yn hûs nommen. Mei as ferklearring dat har âlden om it libben kommen binne by in auto-ûngelok en hy docht him foar as har fâld. Se makket it him net maklik omdat se sa gau mooglik trouwe wol. bram wit net rjocht hoe oft hy dit oan syn frou fertelle moat. As it Chantal telang duorret besiket se syn frou Julia fan kant te meitsjen. Julia komt achter de ferhâlding en ferlit midden yn’e nacht it hûs. As Julia letter dochs noch fermoarde wurdt, binne Bram en Chantal fansels de haadfertochten. In brief út Amerika kundiget de besite fan in âlde, rike muoike fan Julia oan. Om de âlde dame ûnkundig te hâlden fan alle perikels sil buorman, ferkleid as frou, it plak fan Julia ynnimme. Dora, de húshâldlike help, hat troch dat er eat net doocht en mei help fan har freon, ynspekteur Romeo, komme se al gau efter de identiteit fan de moardner. De arrestaasje wurdt lykwols útsteld omdat it de oplossing fan it komplot om de miljoenen fan muoike Otte yn gefaar bringe kin.
Fia kollega’s út Amerika fernimt de ynspekteur dat nuoike Otto fermoarde is. As der dochs in muoike foar it ljocht komt wurdt al gau dúdlik wa’t it op it jild fan muoike Otto fersjoen ha.
Yn dit spul fol bedroch, falske en echte leafde en miljoenen bliuwt hiel lang ûndúdlik hokker rol ferskillende persoanen spylje en dat soarget foar in ûnferwacht ein.
Net tsjinsteande de spanning kin der ek noch lake wurde.

Besite út Brussel

De froulike helte fan in echtpear hat in hege post yn in gemysk bedriuw. De man is toanielspieler annex húsman. Problemen yn de relaasje en stellerij fan bedriuwsdokuminten soargje foar komyske dialogen en ûnferwachte situaasjes.

Kofje ferkeard

Alderhande brike sitewaasjes tusken in drugsdealer en syn klanten yn in kofjesjop. Ek in kollektrise fan it ‘Leger des Heils’ komt by him oer de flier. Gefoelens fan erchtinken en solidariteit wikselje elkoar ôf tusken de ferskillende persoanen.
Oan’e ein blykt eins net ien te wêzen sa as er him of har foardie.
Aardich stik foar jongerein om te spyljen.

Mei de Frânske slach

Bob Kuiper fiert syn jierdei, sadwaande binne hy en syn frou Ellen drok yn’t spier om it túnfeest ta te rieden.
Syn eks-frou jaget de boel lykwols yn’e bulten en it hat der oan dat Bob syn Ellen hâlde sil…

Alfred en Albert

As syn frou en dochter in pear dagen nei Appingedam geane, sil Alfred yn Parys lekker oan’e swier. Mei syn boekhâlder -Paul- praat er ôf, dat er mobyl berikber bliuwt. Krekt as er fuort gean sil komt Eva, in nachtklub-dûnseres, dy’t er oait syn adres jûn hat. Eva wol net fuortgean mar Alfred giet dochs nei Parys. Hy jout Paul de opdracht it mar út te sykjen. Efkes letter komme Alfred syn suster en har man en Alfred syn frou en dochter belje, dat sy de trein mist ha. Wat no, Alfred is al nei Parys. Dan komt Albert, syn twillingbroer, dy’t er yn gjin 30 jier sjoen hat. Albert komt om jild, dat wol Paul him wol jaan as er de kommende dagen seit dat er Alfred is. Dat fynt Albert bêst, mar hy hat der gjin aan fan hokker minsken yn’e hûs omrinne. Mei troch al dy misferstannen is elkenien lulk op Alfred as dy werom komt. Hy giet fuortendaliks werom nei Parys en Paul dy’t it ek net mear sitten sjocht, seit dat er mei him mei giet.

It hûs

In troud pear fan yn’e santich hat in “seniorenflat” kocht om it -benammen foar de frou- wat geryfliker te krijen. Se besykje no ôfskie te nimmen fan it âlde hûs, dat al hielendal keal is. De man hat der net folle euvelmoed yn, hy hat him altyd it meast mei it bedriuw dwaande hâlden. De frou hat it der slimmer mei te krijen, om har hie it allegear net hoechd. Foar har wage de oantinkens oan folle lok en noch mear fertriet yn harren libben it swierst. Se kinne it yn’t earstoan net iens wurde. Dan komt, sa’t ôfpraat wie, de makelder mei in keaper foar harren âlde hûs.

Jildwolven

Jehannes en Piter wenje by harren suster Mine omdat harren eigen hûs ôfbrând is. Mine lit harren it hûshâlden dwaan en behandelt harren net al te bêst. Dan komt der in brief fan de fersekering, it jild fan de brânfersekering is der. Mine wol dat jild graach sels hâlde en spant gear mei Durk, de freon fan har dochter Joke dy’t fersekeringsagint is. De postrinner Douwe hat ek wol sin oan it jild en ek dochter Hieke kin it jild wol brûke. Sa sit eltsenien op eigen wize achter it jild oan. Wa’t it úteinlik kriget kinne jo sels lêze yn Jildwolven.

Ik doch alles sels

Lise en Arjen ha beide in folsleine baan, dat it húshâldlik wurk moat yn it wykein ferset wurde. Arjen wynt him der leafst foarwei en dat noasket Lise min. As de waskmachine stikken rekket, moat der in monteur komme en gau! Arjen sil sels wol efkes, hy is op’t lêst ek monteur -dat is te sizzen: automonteur- As Lise om in boadskip is, skillet Arjen foar de wissichheid dochs mar om in echte waskmachinemonteur. As dan sawat tagelyk de nije freon fan Lise har mem komt te kofjedrinken, wurde beide manlju by fersin meiinoar ferwiksele en lizze de brike sitewaasjes foar’t opskeppen.

## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.

As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.

Spitsoere op ‘e oerloop

It stik spilet him ôf, yn ‘e nacht, op ‘e oerloop fan de famylje Frieswijk. Heit hat it sa drok, dat er hast noait thús is en mem slyt har libben sawat op ‘e tennisbaan. Jehannes mient dan ek dat syn Joukje it mei har tennislearaar hâldt en sy mient dat hy grut is mei syn sekretaresse. Harren dochter swalket om, wurdt oan har lot oerlitten; it tema is dat dizze minsken inoar harren libbenshâlding ferwite. Jehannes syn saken geane min en hy moat wurknimmers dien jaan en op in nacht, as er allinne thús is, sit er te stinnen op in taspraak dy’t er hâlde moat yn ferbân mei de reorganisaasje. Joukje komt thús en om’t Jehannes har net ferwachte, tinkt er dat der ynbrekkers binne…
As se har úteinlik deljûn ha, komt harren dochter mei har freon thús en ek dy tocht yn in leech hûs te kommen en as er dan ek noch werklik ynbrekkers komme – in pear-apart! – wurdt de gaos kompleet. Omdat der hiel wat om-avesearre wurde moat op ‘e healtsjustere oerloop ferget dit stik in goede ’timing’ en in strakke rezjy, en dan sille leafhawwers fan it ‘Theater van de lach’ der wol wille oan belibje.

De swalker út ‘e States

Mem Hedwich hinget de deftige mefrou út en wol regel en oarder yn ‘e húshâlding. Se kriget lykwols gjin grip op har bern. Sicco, de soan, is in frouljusgek en dat hat fan gefolgen dat gjin inkele tsjinstfaam feilich is foar him. De dochter, Frouk, wol oan it toaniel en dat liket mem hielendal op fleanen. Heit Eldert bemuoit him der net mear mei, of it moat wêze dat er it mei de bern hâldt; de skiteldeftige Hedwich kin er min mei oerwei. Har suster út Amearika skriuwt har in Ingelske brief dêr’t se yn freget oft har soan ek in skoftsje by harren yn Fryslân útfanhûzje kin. Hedwich moat wol tajaan dat se dy brief net lêze kin en dêrom freget se de faam, Maaike, om him foar har te fertalen. Dêrmei begjinne de swierrichheden pas goed, want Maaike fertaalt ‘bachelor’ as swalker, skoaier, en hoe soe sa’n tantesizzer no passe yn Hedwich har fermidden?