Soest’ fiele wat ik fiel, dan pipest wol oars

It blijspul “Soest’ fiele wat ik fiel, dan pipest wol oars”, spilet him ôf yn de ytkeamer fan garaazjebedriuw De Vries. De famylje hat in garaazjebedriuw anneks benzinepomp. Mem Tine besiket der it bêste fan te meitsjen, mar dat falt net altyd ta. Skoanmem hat in appartemintsje mei tagong nei de wenning. Dêr makket se te pas en te ûnpas gebrûk fan. Se hat lêst fan groanyske oanstelleritis, dêr’t soan Sibe har geregeld mei te fiter hat. Heit Joast en syn trouwe, mar tige synyske wurknimmer Hein, liede foar in grut part de garaazje, mei “help” fan Sibe. Dora, (in fekke fan in frommes, dy’t yn skieding leit) wennet sa lang mei har dochter Lysbet, dy’t geastlik sawat trijekwart is, by harren yn. Dit soarget geregeld foar frijwat tûkelteammen. As der in nije monteur oannommen wurde moat, falt de kar op Jannet. Dan slagge by Hein de stoppen troch. Bart, de fertsjintwurdiger (dy’ t suver bern oan hûs is,) en Sibe, sjogge gjin swierrichheden. Krekt oarsom! Betty, in ferfelende klant, hat koartlyn op in staatslot in miljoen wûn. Dêrnei tint se yn útwrydske klean en hat oanstellerich praat. Se beweecht har yn de hegere klassen en komt dêrtroch al gau yn de problemen. Sa’n grut ferskaat fan minsken moat wol liede ta hilaryske tafrielen.

De man mei de hippe hoed

De skoarstien fan in miljeufersmoargjende fabryk is read ferve. Ut protest fansels, mar net elkenien is der like wiis mei. De plysjes sykje om de dieder, dy’t by de aksje in hippe helblauwe hoed op hie. Yn it rekreaasjepark Gastfrij Gaasterlan fan frou Toets, is in helblauwe hoed sjoen. Troch Lotte, dy’t as resepsjoniste by de toanbank yn de kantine de administraasje docht. Ien fan de gasten, Lapre, dy’t mei syn frou yn in bungalow tahâldt, wol der mear fan witte. Hy is projektûntwikkelder en hat wol belang by it rekreaasjepark. Tafallich is ek ien fan syn meiwurkers, Gert Bos, mei syn frou as gast yn it park. Hy hat ûnderweis de lease auto fan de saak yn de prak riden. Hy komt tafallich yn de kunde mei de eigner fan de hippe hoed. Hy kriget dy hoed, dy mei hy hâlde. Mar hy wol der wol wer fan ôf. Mar hy wit net, dat syn frou efter syn rech om in ofspraakje hat. Mei immen, dy t in hippe hoed draacht. In jogger wol in steancaravan, dy’t yn it park te keap stiet, oernimme. En dy hat ek ynienen in helblauwe hoed op. Wat der dan allegearre bart, is net te beskriuwen.

De feint fan twa masters

Sanny Draaier is feint by Siderius Heroma út Hearum. Mar om wat mear bûsjild te hawwen soe hy der eins wol in master by ha kinne. At jo no foar ien as foar twa de brieven fan de post helje, dat kin wol yn ien loop. It slagget him om der in twadde master by te krijen mar dan begjinne de tûkelteammen pas goed. Om ’t Sanny net lêze kin hellet er de brieven troch elkoar, hjir wit er him noch út te rêden,mar at de beide masters tagelyk ite wolle makket hy der in potsje fan om ’t er net wit welk iten at foar welke master is. Kommintaar: In prachtige komeedzje dy ’t troch Tryater rûnom yn Fryslan spile is. It is en bliuwt in nijsgjirrich stik, wer ’t troch in ploech dy t fan in útdaging hâldt, in protte wille oan te belibjen is.

De gouden swipe

De gouden swipe fertelt it ferhaal fan de Fryske boer Douwe, dy’t krekt as syn soan Ate, beseten is fan de draverij. Syn grutte passie giet lykwols ten koste fan syn boerespul. Op in dei kin Douwe net oars as jild liene by syn buorman. Troch op buorman syn avances yn te gean fereffenet Douwe ’s frou Lysbet, de skuld. Ate merkt dat syn mem fuortkwynt en beskuldiget de buorman fan troubrek en sjantaazje. Douwe kiest partij foar de buorman en jout syn soan in fiks wan bruien. Woest keart Ate syn âlderlik hûs de rêch ta. De fete tusken heit en soan wurdt besljuchte op ‘e baan, wêr’t beide fûleindich stride om de begearde Gouden Swipe.

Bernespul

Anne Hartstra bewennet mei har soan Jelle en har dochter Inge in rojaal hûs en omdat der gjin heit mear skynt te wêzen, moatte se ek wat it wenjen oangiet in stap tebek. Se sykje in lytser hûs en dat stiet te keap. De soan hat koartlyn in autoûngemak hân en is doe by in boerefamylje yn ‘e hûs opnommen, krekt salang as er wer nei hûs ferfierd wurde koe. Yn ’t begjin fan it stik komt der in dochter fan dy boer mei in lyts bern by harren oanrinnen en freget om tydlik ûnderdak. It is mei dat bern allegearre wat heimsinnich en sadwaande binne der al fertinkingen dat Jelle de heit wolris wêze kin.
Tagelyk ferwachtet de famylje besite fan de âldelju fan Sybren, in jongeman dêr’t Inge wat gedoente mei hat. Dy mei har trijen en noch in suster fan Sybren syn mem komme dêr oan op in momint dat dat om reden fan dy jonge frou mei it bern alhiel net past.
Dêr komt noch by dat omke Karst ek oankundige hat komme te sillen. No is Anne yn ‘e ferûnderstelling dat it har broer is, dy’t almeast yn it bûtenlân tahâldt, mar as er foar de doar stiet docht bliken dat it har sweager is, dy’t deselde namme hat, mar dat in ynbrekker is, dy’t krekt wer in jier as wat yn it tichthús sitten hat.
As men dêrby noch wit dat mefrou Sudema – sa hjit de famylje dy’t op besite komt – it tige heech yn ‘e holle hat en de Hartstra’s winliken mar boargerlik fynt, mar mient de relaasje oanhâlde te moatten mei it each op dy rike omke en dat pa Sudema in kollega blykt te wêzen fan de omke-ynbrekker, mar no tige ûnder it plak sit fan syn frou, dan is der genôch oanlieding ta blijspulscènes.
Hawar, it lyts bern docht bliken te wêzen fan in frou, dy’t yn it sikenhús leit en de omke docht op it fakgebiet noch in stunt, dêr’t de net-troude muoike fan Sybren safolle bewondering foar hat dat se it mei de omke iens wurdt op it lêst.

Lean mei wurken

Hâns en Ulbe ha spul mei harren froulju. Doety en Klaske binne yn staking gien om op dizze wize lean en bûsjild ôf te twingen. It liket de manlju wol nei fleanen, sy sille de kop der foar hâlde en net tajaan. In âld-seeman wurdt ynhierd as “butler” en moat mei de húshâlding rêde. Dat slagget him aardich, hy is wol tsjin de sitewaasje opwoechsen. As dan lykwols yn de ferskate man-frou-relaasjes frijwat swierrichheden ûntsteane, kinne Hâns en Ulbe harren striid net langer folhâlde.
By eintsjebeslút jouwe se belies.