De spesialiteit fan it hûs
Omke, eigner fan in hotel, is ferstoarn en hat de helte fan syn neilittenskip tamakke oan Minke, in omkesizzer dy’t al yn it bedriuw sit mei noch in muoike, dy’t de boekhâlding docht, in oberkelner en in faam. De oare helte is foar in ûnbekende omkesizzer, in jongkeardel dy’t ek yn it hotelbedriuw sitte moat. Omke woe ha, dy beide erfgenamten soene dan trouwe en de saak tegearre fuortsette. Minke hat der fansels net te folle smucht op om samar mei de earste de bêste dy’t se noch noait sjoen hat, yn ‘e lange hier te gean. Dat se sit wat mei it testamint oanklaud. As de ûnbekende omkesizzer mei gauwens delsetten komt, hat er neat wei fan in betûfte kastlein, dy’t yn ‘e ferneamdste bûtenlânske hotels syn oplieding hân hat neffen sizzen.
Hy fielt de swierrichheid dêr’t Minke mei sit, dat hy slacht har foar, dan mar foar de foarm te trouwen; dan is alteast oan it betingst fan omke foldien. Letter kin men altyd wer sjen. Dat giet dan mar oan.
De boaden fernimme daliks wol dat de twa net as man en frou meiïnoar omgeane: it wurdt in ûnhâldbere sitewaasje, dat de jongkeardel, Eppy, giet de doar út, neidat er foar in ferfanger soarge hat: syn broer, sa hyt it. Mar dy broer is er sèls, mar no sûnder burd en yn in kreas pak sa’t in hoteldirekteur past.
Minke sjucht har nije man mei hiel oare eagen en it wurdt tinken, wat earder inkeld noch mar in papieren ôfspraak wie. Der moatte dan allinne noch wat obstakels út ‘e wei romme wurde ear’t it stik it bekende ‘happy end’ kriget.