De ferfalsker

Op in kastiel earne yn Frankryk wennet in markys, dy’t der neist hynstefokken in tige nuodlike hobby op neihâldt: bankbiljetten neimeitsje. Hy giet – benammen by de froulju – troch foar in alderivichst aardige man, dy’t foar de bûtewacht suver neat sjocht om’t er sa’t it hjit sa goed as blyn is, en dy’t troch tsjok en troch tin fan syn húshâldster Susan yn beskerming hâlden wurdt.
Op ‘e draverijen rekket er syn produkten by de ‘bookmakers’ flot kwyt en fierder soargje buorfrou Margot, al sa’n grut ferearder fan him, en in stâlfeint, by de banken yn ‘e grutte stêd foar it grutte wurk.
Dan ynienen driget er tsjin ‘e lampe te rinnen en moatte alle seilen byset wurde om net ûnder de blauwe pannen te reitsjen.
Hoe no?

Om it libben fan Lyfke

Olive Tuttle, in frou fan achter yn ‘e fyftich, wennet op harsels yn in grut âld krot en komt oan ‘e kost mei it sammeljen en ferhanneljen fan fodden. Trije yndividuën, Bradford, Salomon en Gloria, besykje troch in nep-hannel yn rûkersguod har kostje op te rinnen.
Se komme yn konneksje mei Olive, dy’t har lege fleskes leverje kin foar harren hannel. Sadwaande komme se op in oar idee, om noch gauwer en makliker oan mear jild te kommen. Se meitsje Olive kompanjon yn har saken en slute in libbensfersekering op har ôf om har letter út ‘e tiid te helpen.
Dat lêste wurdt dan mear as ien kear besocht, mar it slagget om de ien of oare reden hieltyd mar net. Dêr komt noch by dat Olive harren hieltyd mei mear leafde en soarch oanhellet. Se giet dêryn safier, dat se har op it lêst wol tekoart dwaan wol om ien fan har freonen út ‘e hannen fan ‘e plysje te hâlden.
As de saneamde freonen har beskamsum ferlitte wolle, smeket se harren by har te bliuwen; oars soe se alhielendal gjin freonen mear hawwe…