Felix en Jolande
Noch gjin beskriuwing
Noch gjin beskriuwing
Jabik Kupers is A.O.W.-er wurden en fiert hjoed syn 65e jierdei. Se hawwe ien soan, dy’t troud is mei in frou dy’t it heech yn ‘e holle hat. Der binne trije pake- en beppe-sizzers fan 18 oant 26 jier.
It wurdt foar Kupers en ‘e frou net in moaie jierdei. Bern en bernsbern komme de moarns al eefkes, mar de skoandochter wol dy moarntiid ek noch nei inkelden fan har kunde ta, dat sadwaande. Se hat lykwols dochs noch in ‘verrassing’: se hat, seit se, ôfgryslik har bêst dien om foar de âldelju – want dat binne se neffens har no echt – in plakje te krijen yn it nije âldereinhûs.
Efternei docht bliken dat se it hûs fan har skoanâlden brûke wol foar in boetykje fan ien fan har dochters. Fan de bernsbern is der ien, dy’t wol wat mei pake en beppe op hat; dy kin it dan thús ek net mear hurde. Heit en mem altyd fuort en as se elkoar al sjogge dan hawwe se spul. Skoandochter set troch en stjoert in amtner fan Soasjale Saken nei de noch flinke âldsjes ta om de oergong nei it rêsthûs mei harren te regeljen.
It komyske fan it stik sit him foar in grut part yn de misferstannen dy’t dêrút ûntsteane. De sawat 10 jier âldere buorlju spylje dêr in wichtige rol yn. As it op it slimst liket, draait it mei soan en skoandochter by einsluten doch wer wat by en kinne Kupers en ‘e frou mar profitearje fan harren A.O.W.
Yn ‘e húshâlding fan Ben en Bonny, mei harren twa dochters en in soan dogge har gâns swierrichheden foar, dy’t by allegearre spanningen oproppe. Martsje, de âldste dochter, flechtet it hûs út om de jongfeint, dêr’t se fan seit te hâlden, efternei te reizgjen nei Frankryk, dêr’t er hinne flechte is, omdat er it thús net mear úthâlde koe by syn swier oerspande heit. Soan Bote wol fan skoalle ôf om’t er gjin nocht oan learen hat en wat fertsjinje wol, tewyl’t de jongste dochter Aly alhiel oeral is fan in kealleferkearing mei in doktorandus.
De heit ferwachtet in promoasje dy’t mar net komt en kin sadwaande net folle oan ‘e holle útstean. Hy réagearret fuortdaliks mei lilkens as der mei de bern wat oars giet of driget te gean as dat hy mient dat it gean moat. Ien en oar réagearret er almeast op mem ôf. Dy komt jin temjitte as wat in hússloof, dy’t tige har bêst docht om de swierrichheden op te heinen, mar dy’t der ûnder dizze omstannichheden ek net tsjin op kin. Dêrom is it goed dat har suster by harren komt om alles in bytsje mei ferstân en ferdrach by te stjoeren dêr’t dat kin.
Heit kriget syn promoasje wol, mar botte fleurich is er net as er heart dat syn dochter útnaaid is. Hy set har fuort efternei nei Frankryk en thús bliuwe hja yn spanning efter, hoe’t dit ôfrinne sil.
As hja op ’t lêst wer thús bine, is de boat foargoed oan as bliken docht dat de dochter yn ferwachting rekke is; teminsten dat hie heit begrepen. Alle reboelje is om neat, wat dat oangiet, want it is in misbegryp. De âldste dochter wol fan skoalle ôf om jild te fertsjinjen om de jonge, dêr’t se ferkearing mei hat, leare te litten.
Hawar, by eintsjebeslút komt it measte wer op syn poatsjes del en sa einiget it stik doch noch yn in feeststimming fanwege de promoasje.
Fabrikant Hageman makket him lilk oer it jongfolk dat oanienwei de strjitte op giet en rûnom tsjin rebellearret. Syn frou fernijt him dat harren dochter dêr ek al oan mei docht. Hy nimt him foar om har dêr ris goed oer geweken te nimmen. Syn frou, bang dat de dochter dan de hoarnen wolris yn ‘e wâl stekke kin of slimmer noch de doar útgean kin, wiist him der op dat hy eartiids sels ek tige opljeppen fan aard wie en dat hja dêr al genôch lijen mei hân hat yndertiid. Dan komt de dochter thús en sil it ferhaal begjinne. Underwilens is Hageman syn bedriuwslieder dêr ek foar in besprek en dy bringt yn it fermidden dat de dochter fan syn baas gauris by syn soan komt. Dat is him om it fanke wol nei ’t sin, mar de jonge sit foar it eineksamen H.T.S. en kin de tiid eins net misse. Hy wurdt sadwaande och sa kjel as de dochter fertelt dat hja in advokaat skilje wol omdat de soan fan de bedriuwslieder oppakt is en fêsthâlden wurdt. Der is op in plysjeman sketten, dat sadwaande.
Ta beslút geane frou Hageman en de dochter nei it plysjeburo om te besykjen de jongkeardel frij te krijen, byneed troch harsels oan te jaan, tewyl’t Hageman syn leske leard hat en syn âld-freon, de bedriuwslieder mei de frou op ‘e thee noeget om dan de saken fan harren bern te bepraten.
Bernerjochter mefr. Berkhof hat in pear fammen feroardiele ta tichthússtraf. As se wer frij binne, wolle se har op har wreekje, en dat koart en goed, en dat sil wêze as se, wapene mei in revolver, mefr. Berkhof’s wurkkeamer ynkomme, wêr’t se net allinne har ‘slachtoffer’ mar ek dy har help yn’e húshâlding, oantreffe.
De rêst, dy’t der fan mefr. B. útgiet, tewyl ’t se mei deasjitten bedrige wurdt, bringt Tine en Karin wat fan’t sintrum.
Der folget in lang petear, mar by eintsjebeslút sette de fammen ôf, neidat bliken dien hat dat harren revolver fanwege de 4 neppatroanen neat foarstelt en de rjochter krekt op’e tiid troch in eardere kollega fan de fammen op’e hichte brocht is fan harren plannen. As mefr. Berkhof tasein hat, dat se fan it gefal gjin wurk meitsje sil, hawwe wraakgedachten plak makke foar tankberens.
As Els Straatsma, in bekend skriuwster, op in stuit thúskomt, dan docht bliken dat in frjemde man by har yn ‘e hûs tahâldt. Hja komme ta in petear en dêryn fertelt de man, dy’t der as in skoaier útsjocht, dat er út de finzenis brutsen is en dat er in oppasser delslein hat. Hy siket no ûnderdak by har. Els docht op in stuit in ûntdekking, want hja ken dizze man en dat makket de sitewaasje foar har gâns makliker. Hja nimt dan de lieding fan it fierdere ferrin en lit him in boek sjen, dêr’t syn foto op stiet as skriuwer en fan dyselde skriuwer hat se noch mear boeken yn ‘e kast. Hja leaut dan ek neat fan syn ferhaal dat oer in kertier de sirenes gean sille, as hja by de finzenis by it ôflossen fan ‘e wacht syn fermissen gewaar wurde sille.
En as hja ferûnderstelt dat it him te rêden is om op dizze wize tagong te krijen by har foar in petear foar de krante, dat hja oan net ien tastean wol, dan lit hy skine dat soks goed troch har oanfield is.
Hy lit dan blike dat se him persoanlik net ûnferskillich is, mar dêr giet se net op yn. As er op it lêst ôfset en syn pet ferjit, ropt se him werom. Op dat momint skuort it lûd fan de sirene troch de loft en bliuwt se wat ferwêzen efter…
Tiny Punter is fereale op Theo, frijfeint en direkteur fan in houliksburo. Mar Theo wol net rjocht tabite en dêrom betinke Tiny en skriuwster Matty in manier om wat avensaasje yn it spul te krijen.
Sweager Freark fan Tiny komt dêrfoar oan it buro fan Theo en docht him foar as houlikskandidaat. Theo bringt him mei Tiny yn kontakt en dy beide dogge no krekt as is it harren tinken mei trouwen.
No kin Theo de sinne net langer yn it wetter skinen sjen en hy byt ta by Tiny.
Klear…. út.
Auke en Renny brekke yn by in moai hûs, mar Arjen, dy’t dêr wennet, komt harren oer it mad en wol de plysje skilje. Hja reitsje lykwols yn petear oer de klasseferskillen yn ‘e maatskippij en as Arjen syn frou Betty der by komt, roppe se Renny, dy’t njoggen moanne hinne hjit te wêzen en dy’t op wacht stiet, ek yn ‘e hûs. It komt safier dat se mei har fjouweren op ‘e takomst drinke sille, mar as Renny it kessen foar it liif wei docht, ûntstiet der dochs noch wer eefkes ûnienichheid, dy’t ek wer bylein wurdt.
Dan hâldt der in auto foar it hûs stil en allegearre wurde kjel: Auke en Renny omdat se bang binne foar de plysje en Arjen en Betty omdat se troch krije dat de eigners fan it hûs op kommende wei binne….
Alle fjouwer bedriuwe se, as it der op oankomt, itselde fak, allinne ek op dat mêd binne der klassen yn ‘e maatskippij.
Klaas Bos wennet al tsien jier by syn suster en sweager yn. Fan syn beide bern is Sjouk (21) noch yn ‘e hûs, Jan (23) hokket. Bos is bûttermakker op in suvelfabryk, bibeltekststruier en seksfilmbegnuver. Syn direkteur (widner) hat sin oan in jong blomke. Bos sjocht promoasjekânsen en besiket syn dochter te keppeljen oan ‘menear’ Majoor. Sweager en suster fan Bos steane fjouwerkant achter Sjouk as dy fan neat witte wol. Boppedat hat Sjouk al trije jier ferkearing met Henk en is se yn ferwachting. Skoof en skande ropt Bos.
Majoor wurdt as direkteur oan kant set omt er mei de jildsaken fan ’t fabryk wat tefolle nei himsels ta rekkene. Soan Jan wurdt ûnderdirekteur en sadwaande heit syn baas. Klaas Bos is fan betinken dat Jan no wol soargje kin dat hy promoasje makket, mar Jan is net út sok hout snien. Sjouk seit omke en muoike ta dat se út tankberens har bern nei harren ferneame sil.