En al dy meuk

It libbensferhaal fan in jonge frou dy ’t hiel wat meimakke hat. Der is eins net mear mei har om te gean. Ut it dakleazesintrum wei lit se ús sjen hoe ’t har libben ferrûn is en hoe ’t it kommen is dat se sa wurden is. Hoe ’t se mei har broer wie en hoe ’t har heit har misbrûkt hat en dat har mem dêr net tsjin op koe. Har ôfgryslik rûch en grof taalgebrûk hat se nedich om harsels steande te hâlden yn it libben.

Mei ik no mem sizze

Martha is net gelokkich mei Leo, dy ’t har oan alle kanten foarliicht en bedriget. Sy hat in protte niget oan Eefje, it wat efterbleaune buorfamke. Eefje docht har tinken oan har eigen ôfstiene berntsje, dêr’t net ien, op har mem nei, fan wit. Leo hat in broer, dy ’t yn ‘e wapenhannel sit. Op in j­ûn wurdt Leo ynstee fan syn broer deasketten, wylst dy by Martha is. Broer Ludo is op Leo syn jild út en wol dat fan Martha ôfpakke. By dy wrakseling helpt Wim, de heit fan Eefje en plysje, Martha. Hy rekket ferwûne en freget Martha mei him te trouwen. Oan de ein blykt dat Eefje de dochter fan Martha is.

Earen sûnder takomst

Geert Beenen en syn frou An foarmje mei harren twa bern in trochsnee gesin mei normale takomstferwachtings. Dêr komt abrupt in ein oan as Bert fan syn húsdokter te hearren kriget, dat hy nei alle tinken syn gehoar ferlieze sil. Hy wurdt opstannich en it liket derop dat er al syn frustraasjes op syn frou ôfreagearret. It ûnferwacht ferskinen fan har earste grutte leafde bringt noch mear spanning tusken it stel. Neist problemen mei har man hat An ek problemen mei de libbenswize fan har dochter en de rabberij fan har skoansuster. De regelmjittige moetings tusken syn frou en har eks freon binne sawol Bert as de bern in stikel yn ‘e foet. As An, nei de safolste ûngenuansearre en pynlike snútslach fan Bert, yn de earmen fan har eks freon flechtet, betsjut dit dan de ein fan in lokkich houlik?

Komkommertiid

Mary hat in priis wûn en mei Gerrit har man mei se nei in hotel op it plattelân. De keamer njonken harres wurdt troch de pikolo Frits tawiisd oan Marion, wylst Josefien, de hotelhâldster, dy krekt ferhierd hat oan in jong stel. Tusken beide keamers is in doar dy’t op slot sit, mar Gerrit prutst krekt sa lang oant er him iepen hat en sa troch it kaaisgat de buofrou begnuve kin. Hy is der glêd mei oan, want de buorfrou is syn minnares en hy wol sa gau mooglik nei hûs. Marion fernimt de gnuvery en docht har ferhaal by pikolo Frits dy’t har dan treasket. Josefien betrapet harren en is poerrazend op Frits.
It fereale jonge stel sil op foto set wurde troch in sjoernaliste dy’t in repotaazje meitje sil fan priiswinneres Mary. It komt dan út dat de âlders fan Hans yn de oare keamer binne en dy witte neat fan Claudia en Hans. In protte misbegripen en betizing, mar alles komt goed.

Lintsjes, iisbearen en it Nirvana

Dr. John Wilson hat in lintsje krigen en jout dêrom mei syn frou Mildred in feestje. Op it sjike feestje wurde ek de houliksperikelen bepraat; de froulju spylje iepn kaart en de manlju hâlde earst de skyn op. De froulju betinke dat it foar harren houlik faaks wol goed wêze soe en sjoch ris by in oar. sa wurde pearen al gau troch elkoar hutsele en sjogge wy oare kombinaasjes wêrby de saneamde húsfeint flink meihelpt.
Mildred docht hat foar as in grize mûs en oan it ein fan it stik kriget se John wer hielendal oan har side troch him te fertellen hoe’f sy de oare manlju fûn. John skrikt hjirfan en jout har wer alle oandacht dy’t se ha woe.

Blommen foar in bline

Op in middei yn’e maitiid rattelt by de bline skriuwster, Helen Witteveen, de telefoan. De man oan de oare kant hat, alteast sa liket it, in ferkeard nûmer draaid. Dyselde middei skillet hy noch in stikmannich kear. Op ‘e jûn stiet hy ynienen yn ‘e keamer mei in bosk blommen. Helen seit, dêr gjin nocht oan te hawwen en freget him om fuort te gean. Dêr wol hy neat fan witte. Al gau docht bliken dat de man geastlik net doogd. Hy fertelt oer syn libben. Hy is dea seit er en allinne syn lichem docht wat hy tinkt wat er dwaan moat. Oer syn hannen wol er net prate. Dy hawwe te faak syn mem slein en hy waard opsluten yn ‘e tsjustere kast, syn boartersguod trape hy kapot. Dan komt de buorfrou fan de skriuwster en dat blykt syn mem te wêzen. Sy docht leaf tsjin him en wit no seker dat hy siik is. As sy fuort giet jout se him in tút en Michel begjint te sjongen. It wurdt in spannende lange jûn.
In stik foar selskippen dy’t ris wat oars as oars spylje wolle.

En wy bliuwe ek te sliepen

Yn in pân oan de Weteringsstrjitte wenje fjouwer kreakers. De eigner fan it pân wennet tegearre mei syn frou en twa dochters yn in grutte filla oan de oare kant fan de stêd. As op in dei ien fan de kreakers de beurs fan de dochter fan de eigner besiket te stellen en sy him betrapet, komme se mei elkoar yn petear. In stikmannich dagen letter bringt de mem in besite oan it kreakpân, om de kreaker te fertellen hoe’t sy oer him tinkt. Nei it smoken fan in joint en it drinken fan in pilske noeget de mem (stoned) de fjouwer kreakers foar in slokje, iten en in nacht te sliepen út. It fjouwertal makket hjir mar al te graach gebrûk fan.

Ik bin alhiel fan jo, meneer Visser

De famyljes Visser (Greet en soan Guus) en de Skouten (Joop, Ine en Joop syn suster Bea) komme tafallich meielkoar yn’e kunde, omdat Bea tidens in konsert njonken Guus komt te sitten. Dit is it begjin fan in “relaasje” tusken harren.
Tusken Joop, dy’t abbekaat is, en Ine binne de rapen gear, omdat Joop it blêd, dêr’t Ine haadredaktrise fan is, foar de rjochter slepe wol. Ine wol har gram helje en rûkt har kans as Guus in pân erft, wêr’t in bedriuw yn festige is.
It bedriuw blykt in bordeel te wêzen, wer’t twa hoeren harren berop útoefenje ûnder tafersjoch fan Pyt.
Dit is in kâns foar Ine om Joop in hak te setten, as hy der signalearre wurdt.
Oan’e ein fan it ferhaal blykt de erfenis op in misferstân te berêsten, mar dat makket foar Guus en Bea neat út. Sy har mear as genôch oan elkoar.

Wa’t mei de duvel ite wol…

It ferhaal spilet yn it Ingelske doarpke Stockbridge, yn de húskeamer fan Jane en John Carter. It houlik fan dizze beiden is al jierren net mear wat it wie en elts giet dêrom syn eigen gong. Sûnt in stikmannich jierren hat John in ferhâlding mei de fyftjin jier jongere Alice Hunter. Op in jûn sjocht in frou John út de wente fan Alice kommen. Tweintich minuten letter hearre de buorlju immen om help roppen. As de plysje op it aljemint komt blykt dat Alice deasketten is.

De hommelske rykdom fan Marco Kloosterboer

As Marco Kloosterboer, in swak bejeftige jonge, in jildpriis fan fiif miljoen gûne wint, stiet it hûs op ‘e kop. Mem Joke is yn de wolken en har suster Aaltjse en dochter Linda litte it mar oer harren hinne kome. Jan Kloosterboer, de heit fan Aaltjse en Joke, is ynfalide en boppedat in âld segryn, dy’t der neat fan begrypt. Marco sels wurdt nearne yn belutsen. Hy hat allinne each foar syn mearkeboek en lego. As dan ynienen de heit fan Marco opdûkt, der in tal minsken fan de televyzje binnen waaien komme en ek noch twa breiden steane te kringen om mei Marco de lange hier yn te gean, kriget it ferhaal in folslein oare draai.

Werom kin ik net sizze wat ik fiel?

Wylst hy efter syn buro sit wurdt sakeman Marcel Bûtendyk deasketten. Foar dizze died komme seis minsken yn’e beneaming en it is de opjefte fan ynspekteur Gerard Rietveld om efter de wierheid te kommen. Al yn it begjin fan it ûndersyk wurdt dúdlik dat Marcel Bûtendyk de lêste moannen hieltyd minder by steat is om syn wurk op ferantwurde wize út te fieren. Hy wurdt ferjitlik en nimt de ferkearde beslissingen. Troch in besite oan in neurolooch komt oan it ljocht dat hy de sykte fan Alzheimer ûnder de lea hat.
It is in ‘krimy’, mar it giet ek benammen oer it slim oanboazjen fan de sykte.

De steat betellet

Herman is mei syn frou Greet en soan Kees by beppe ynwenjen gien. Dit past him tige goed en it is moai foardielich. Greet hat in poetsmany; se docht oars neat as poetse en himmelje. Kees is in goede jonge mei ien probleem: hy hat trije ferskillende persoanlikheden yn him. Bianca, de travestyt; Billy, de poppe; en Dirk, in ferfelende puber. Dat Kees sa is komt Herman goed út, want Kees kin no moai trije kear jild by de sjosjale tsjinst helje. As Kees op in dei thús komt en fertelt dat hy as frou fierder troch it libben wol en dat er pillen by him hat, wêr’t er boarsten fan krije sil – dan reitsje se allegear yn panyk. Beppe in goed minske, dy’t allang har nocht hat fan Herman syn kluchten, docht alle war om Herman oan’t wurk te krijen. As se fan Kees syn plannen heart, hat se mar ien gedachte, dit mei net. Se soarget dat Kees oare pillen krijt. Kees rekket yn it sikehûs. As soan Jan nei 12 jier samar wer op’e stoepe stiet, begjinne de problemen. Jan is destiids fuortrekke om stellerij, it is in earsten boef. Hy fertelt dat er in filla hat en smoarryk is. Syn freondinne Myra in Súdafrikaanse, kin der ek wat fan, se seit dat se by de ‘gegoede klasse” heard. Arnie dy’t him foardocht as de man fan de ûngediertebestriding blykt in stille plysje te wêzen. Hy wurket tegearre mei de sosjaal wurkster, juffer fan Fet, om dizze húshâlding ris goed troch te ljochtsjen. De sosjale tsjinst hat de oplichterij fan Herman troch, mar moat bewizen ha. Troch alderhande misbegripen komt Arnie der efter dat net allinne Herman mar ek Jan en Myra net skjin op’e hûd binne. Jan sit te wachtsjen op de sinten fan Myra har heit, mar hy is net bekend mei it feit dat dizze man after de traaljes sit foar diamantsmokkelderij. De Súsafrikaanse mafia sit efter Myra oan, want sy smokkelt no de diamanten. Se witte har te finen. Dan komme Arnie en fan Fet yn aksje. Sy soargje derfoar dat Jan, Myra en Herman nei it plysjeburo ôffierd wurde. As Dirk de hân yn’e bûse fan syn trainingspak stekt fynt er in pûdsje diamanten. Dy hat Myra der yn stoppe. Arnie “seit” dat er de diamanten meinimt nei it buro, mar of dat wier is?

Kâlde Kak en tatoeaazje

Eugene fynt tusken de reklamefolders in brief fan Sjef Bruinsma, in fiere neef. Sjef skriuwt dat hy fan doel is om meikoarten by syn neef del te kommen. It past net dat Sjef komt yn ferbân mei de kommende trouwerij fan dochter Marie-Claire en har ferloofde Willem-Jan. Omdat Sjef syn ûnbekende famylje ferrasse wol, stiet er mei syn frou en slûchslimme soan foar de doar. De famylje Van Sloten is folslein yn panyk as Sjef seit dat er sa’n fjirtjin dagen bliuwe sil. Der folgje allerhande brike situaasjes en ferwikkelingen foar it oan de trouwerij ta is en de famylje Bruinsma wer fuort giet.

Himel op stelten

Twa freonen, Hâns en Piter, komme yn’e himel. Nei’t se wat wend binne oan harren nije situaasje en kunde makke ha mei Bertus de elektrykman, beslúte se in stikmannich ierdske gewoanten yn te fieren. Wannear ’t men sa ferierdske is dat de himel op stelten stiet, komme de himelbewenners ta ynkear en beslúte om Hâns, Pieter en Bertus werom nei de ierde te stjoeren.
Dat is de mannen min nei it sin. De lieding is lykwols net om te praten en as se net goedskiks wolle, dan moat it mar kweaskiks…

Sterker as goud

Kroechhâldster Tet, net sûn mear, kin har kafee slite foar in soad jild mar sy gunt it bedriuw oan, op har kosten, studearjende neef dy’t tinkt yn de hoareka mear fertsjinje te kinnen. Dat slagget tige; nei sawat twa en in heal jier is hy smoarryk én oan de drank. Elske, dy’t foar Tet soarget en in ynwenjende keunstskilder hiel aardich fynt, trout mei dy neef. Krijt gjin oandacht, it houlik mislearret. De saak nei gichem en it measte jild fuort. De patser, dy’t earder it bedriuw al oernimme woe, hat no alles, mar komt foar de winige doar, benammem troch in poatige útsmiter, dy’t syn freon (altyd) trou bleaun is. Elske stiet wer foar de kar; de keunstskilder of har fan de drank ôfkikte man. In kreauwend stel ( skoppend en skellend) dat ek by’t spul heart, foarmet it komyske elemint yn dit stik.

In ferhuzing en oare ûngemakken

Rimer en Durkje Koenen keapje in âld, mar foarnaam, hearehûs. It spoeket dêr en it ferhaal giet dat de foarige bewenner dêr syn frou fermoarde hat. Durkje tinkt dat har man apparatuer oanlizze litten hat mei lûden fan stappen, kreakjen en wyn, sadat er har gek ferklearje litte kin. Hy hat nammemtlik in ferhâlding mei syn sekretaresse. Syn frou hat in grut kaptaal en dast soe er wol brûke kinne. It draait út op in seânse dy’t bekentenissen en ophelderingen te weech bringt.

Pensjon fan lichte seden

In frou (fan trochpakken) en har man en soan nimme troch omstannichheden in skoft lang de noed fan in pension op harren. Se tinke dat der gjin gasten komme sille, mar dat pakt oars út. It docht bliken dat der fegetarysk iten wurde moat en ek is it in sintrum foar spirituele libbenshâlding. Om de eigners te geriven sette sy troch. It is in spul fan hilaryske fersinnen.

In moardwykein

Fiif froulju komme by inoar foar in yoga-wykein op in pleats fier it fjild yn. Om’t se tige ferskillend fan aard binne, en gjin blêd foar de mûle nimme, soarget dat dalik al foar hilariteit. As ien fan de fiif op in stuit net mear te finen is, wei is, besiket ien fan de oaren troch it oproppen fan geasten út te finen wêr’t se bedarre is. Der komme allerhande emoasjes los. Oan yoga komme se net ta.
As dy iene nei in dei en in nacht wer foar’t ljocht komt, binne de froulju it der oer iens, dat se dochs in moai wykein hân ha.