Frou siket boer

Herman Beekman, fynt it heech tiid wurden dar har soan Dick in frou kennen leart, skriuwt dêrom in brief nei de redaksje fan televyzje programma “Boer siket Frou”. Der binne mar twa froulju dy ’t reagearje. De redaksje fan it televyzje programma fynt dit sa unyk, dat Dick “yn è race” bliuwt. Dan komme de froulju. Suus, in skruten en senuweftich typ, yn selskip fan har buorman en freon Louis. Ria, in hoerke, yn selskip fan har freondinne en kollega Corry. Dick Beelman sil in kar meitsje moatte.

Sin, snoad en swierte

Alex is op jild út en hy hat foar syn baas Frank in kompjûterprogramma ûntwikkele. Omdat dizze ûnsympatike fint de opbringsten hjirfan foar himsels hâlde wol, besiket hy syn freondinne Rian foar syn karke te spannen. Mar omdat Rian de dochter is fan baas Frank, jout dat grutte problemen. Dêrom betinkt Alex in pear listen om syn doel te berikken. Lestich foar him is dat de keunstskilder Ivo, dy’t in portret makket fan Rian, smoar fereale wurdt op syn model. Komme noch by; Floor, de keapsike frou fan de hast fallite Frank, de ûnbetroubere help, de ynklauwerige Loes mei har geheim en Thea, dy simpele mar o sa tûke help yn de húshâlding fan Frank en Floor en it resept is klear om elkoar it libben behoarlik lestich te meitsjen. Fansels komt nei alle healwize ferwikkelingen alles op syn poatsjes telâne.

Falske memmeleafde

Leonie Vlek hat it net maklik. Har mem, Cynthia, is in aakliksma dy`t gjin sprankeltsje leafde foar har fielt. Slimmer noch: Cynthia liket sels har tige bêst te dwaan har dochter sa ûngelokkich mooglik te meitsjen. Al sûnt har bernejierren is Leonie it wend om as in slavinne behannele te wurden. Wylst Cynthia as in dwylsinnige besiket om in bestjoersfunksje te bemachtigjen yn it Dames- komitee foar Woldiedigens, siket Leonie wat treast by har freon Paul. Dit ferrint net sûnder wryt of slyt, want Cynthia docht alles om harren leafde te rampoaien. Dan komt der in nije buorfrou yn`e strjitte wenjen. Sy komt op ûnferwachte mominten binnenfallen en siket dúdlik nei WAT. Stadichoan wurdt dúdlik dat Cynthia in tsjuster geheim te ferbergjen hat. Ien ding is wis: Leonie har libben sil nea wer itselde wêze.

De ferkochte breid

De ferkochte breid is in komysk, jûnfoljend stik.
De klassiker fan Arie v/d Lugt, bewurke troch Maurits Keyzer. De tsjinstellingen tusken ryk en earm, kâlde kak en gewoane minsken is dúdlik oanwêzich. Uteinlik giet it om de leafde en it gelok, net allinnich om jild en oansjen.

De belle, de belle

As sportlearaar Jip Wiegant tinkt dat hy in goed idee hat, heart hy yn syn holle in beltsje rinkeljen. Hy docht dan in soarte Indianedûns en ropt: De Belle. De Belle. Yn dit blijspul docht hy dat faak. Hy kriget ommers mei faasje mei nuver problemen te krijen wêrfoar hy like nuvere oplossingen betinkt. Ta ûntsetting fan elkenien dy`t der by belutsen rekket. It earste probleem ûntstiet as Jip syn oansteande skoanheit, Neutje, yn in grêft springt, omdat hy tinkt dat hy troch syn strange dochter Myléne op dronkenskip betrape wurde sil. Jip en syn âlde skoalfreon Klo, in begjinnende psychoterapeut, nimme Neutje mei nei it hûs fan Klo om dêr drûge klean oan te lûken.
It toanielstik begjint as it span de sprekkeamer fan Klo ynkomt. Alle trije binne harren oant ferklaaien as Yvonne Meslier der ynkomt, de assistinte en ferloofde fan Klo. Sadree se Jip sjocht, wurdt se lilk. Sy en Jip binne ferloofd west. Sy hat de ferloving ferbrutsen, nei`t Jip har oerhelle hie ta in frijpartij yn in gymnastykseal wêr`t se troch Yvonne`s muoike betrape waarden. Sy tinkt dat Jip har noch altyd efterfolget en dat hy har mei in ferlechje oan Klo optwongen hat. Yn har lilkens smyt se Jip seis Sineeske komkes nei de holle. Neffens Klo binne dat kostbere stikken antyk dy`t hy fan syn mem lient hat. De skatte skea: tweintichtûzen euro. It slimste is dat Klo syn mem, Linda, de komkes meikoarten wer ophelje sil. Sy en Klo hawwe bargebiten. Se seit gjin wurd mear tsjin him. Jip fynt in oplossing foar it probleem. Hy hat fan Myléne tweintichtûzen euro krigen om harren houliksreis te beteljen. Dy lient hy oan Klo om oare komkes te keapjen. Syn houliksreis is pas oer trije moanne yn dizze tiid moat Klo as psychoterapeut sa`n bedrach wol fertsjinje kinne. Neutje seit dat hy de brutsen komkes wol reparearje sil mar Jip set syn plan troch. Neutje hat ek in idee; hy giet nei syn dochter, Myléne fertelle dat hy him troch Klo foar syn dronkenskip behannelje lit. Spitich blykt Jip syn plan yn it wetter te fallen as blykt dat Klo fan kjellens syn stim kwyt rekke is. Hy sil foar in lange tiid gjin pasjinten behannelje kinne. Mar wer hat Jip in oplossing: hy sil, mei masker, Klo syn plak ynnimme en de pasjinten neffens Klo syn skriftlike oanwizingen fan harren problemen ôf helpe. Wilens is Neutje syn nije freondinne oankommen: Linda ten Havezate, de mem fan Klo. Dat lêste wit nimmen, útsein Klo, mar dy kin net prate. Linda sels makket ek nimmen wizer en negearret Klo hielendal. De oare moarn behannelet Jip neffens plan Klo syn earste pasjint: in man dy`t tinkt dat hy in hûn is. Jip docht dat mei sukses, mar op sa`n frjemde wize dat hy der gjin jild foar kriget. De oare saneamde pasjint is Neutje. Jip moat krekt dwaan as of hy Neutje echt behannelet, want Myléne is mei har heit meikommen. Trochdat Jip him ferpraat, ûntmaskeret Myléne him al gau. Sy wurdt poerlilk, en lêst Jip it mannewaar op, mar soarget der ek foar dat Klo wer prate kin. No blykt ek dat Linda Klo syn mem is. Sels wurdt Myléne nuet makke troch Yvonne dy op it lêst dochs wer de kant fan Jip kiest. Linda ferteld dat de brutsen Sineeske komkes goedkeape neimakke antyk wiene en Myléne keapet echte antike Sineeske komkes foar fiif en tweintichtûzen euro. Linda helpt Neutje fan syn drankproblemen ôf. Klo en Myléne reitsje fereale op elkoar en Jip en Yvonne foarmje wer in spantsje. Op it lêst kriget Jip syn lêste bel idee; hy lit it doek ticht gean.
Problemen……..As Jip yn syn holle in beltsje rinkeljen heart, hat hy foar elk probleem in hiel bysûndere oplossing. Utsein foar de wurge kaken fan it publyk yn`e seal.

De erfenis fan omke Sjors

Hein en Bet ha in kastiel urven fan rike omke Sjors. Mei dochter Loeky, broer Daan en syn frou Dora, sille se harren nije oanwinst yn gebrûk nimme. Allegear royale, grappige folksminsken. Allinnich Loeky rint der wat út. Yn it kastiel treffe se de deftige húsfeint en in húshâldster. En noch in soad oare dingen, heimsinniche, griezeliche dingen, dy’t foaral Daan en Dora de stúpen op it liif jeie. It doocht dêr net yn it kastiel, it spûket dêr. Uteinlik binne it twa oanwaaide gasten, Tanja en Max, dy’t mei help fan Loeky, de boel witte op te lossen. In kluchtige thriller dy’t garant stiet foar in jûn wille.

Stimmen oan de oare kant

In bûtengewoan spannend spiritueel toanielstik foar ferieningen dy it publyk grizelje litte wolle. It spul begjint yn de achttjinde ieu, wêr inkelde ûngelokkige earme sielen ophongen wurde yn in gerjochtsgebou. Ieuwen letter, yn dizze tiid, is it gerjochtsgebou omboud ta wenhûs. Evalien Verhoeven, in nochtere frou dy`t oant betterjen is fan in skieding, komt mei har suster en dochter yn it hûs wenjen. In searje eangstige barren begjint. Der sweve geasten yn it iuwenâlde pân om en dy ha it op dochter Evie fersjoen. In serieuze thriller wêryn hja gebrûk meitsje kinne fan spannende effekten, dy`t maklik te realisearjen binne. In thriller dy`t sels de meast nochtere minsken ta it ein yn`e besnijing hâldt.

Ferhaal:
Dit spul befettet in apart en orizjineel ferhaal. De earste útkomst spilet him ôf yn de 18e ieu. Wy befine ús yn in rjochtseal. Fjouwer fertochten wurde dêr ta de dea feroardiele. Dit bedriuw is ien en al fertriet en ûnrjochtfeardich. Ek de spikerhurde rjochtspraak út dy tiden sil wiidweidich nei foaren komme. Alhoewol fiksje, leit dit net fier fan de wierheid. Rjochtspraak yn dy dagen wie net te fergelykjen mei wat wy no kenne. Wannear de fjouwer fertochten ophongen wurde, yn dizze selde romte, geane wy fierder mei it twadde bedriuw fan dit toanielstik. Yn it twadde bedriuw meitsje wy in tiidsferrin nei hjoed de dei. Wy befine ús yn itselde gebou. No gjin gerjochtsgebou mear, mar omboud ta in wenhûs. De bewenners ha gjin flau benul fan de ferskriklike tafrielen dy him hûnderten jierren lyn yn harren húskeamer ôfspile ha. It wurdt ús subtyl en stadich dúdlik dat der wat net yn`e heak is. Evie, de dochter, kriget regelmjittich besite op har sliepkeamer. Se praat mei de ferstoarne minsken dy yn har hûs terjochte steld binne. Evie wurdt net begrepen en har mem is bang dat se gek wurden is. Uteinlik skeakelt se dochs help fan in parapsycholooch yn. Oft hy yn steat is om te begripen wat de omdoarmjende geasten wolle, is noch mar de fraach. Wa begrypt de; Stimmen oan`e oare kant?
In spul dat it begryp “ spûkferhaal” in oare draaiïng jaan sil. Lykas earder beskreaun. Men is yn steat om mei dit spul it publyk grizelje te litten.

Sfear setting:
De sfear moat yn it earste bedriuw oars wêze, as yn it twadde en tredde bedriuw. It earste bedriuw is nammentlik it begjin, de kearn fan dit ferhaal. Wy witte no dat it wenhûs ienris in rjochtbank west is, wêr de ferskriklike foltere en eksekúsjes plak fûnen. Wichtich: Yn it earste bedriuw is de romte in rjochtseal, en letter wurdt dit in wenhûs yn it twadde bedriuw. Hja meie sjen dat de keamer troch de rin der iuwen feroare is. Echter moatte der wol kearnpunten bliuwe, dy yn de 18e ieu en op dit stuit noch altyd itselde binne. Bygelyks in nis yn de muorre of in sierlist dy`t der altyd al hongen hat. Dat is nammentlik de magy fan dit toanielstik: Wat barde der doe en wat bart der no, yn dizze selde romte. It publyk is ommers de iennichste dy ’t tsjûge west is fan de ferskrikkingen dy plak fûnen yn de 18e ieu. De spilers dy it gesin Verhoeven spylje witte net dat harren húskeamer iuwen lyn in rjochtseal wie. Dit makket de situaasje spannend en bizar

Op bêd? Mei sa’n portret?

Liesbeth van Tilburg, in skieden jonge frou besiket mei wikseljend sukses in Bêd en Brochje oan see te behearen. Paul, har eardere peetomke, stipet har út en troch dêrby. Op in dei komt hy mei in apart ferhaal, dat mei ien klap in ein meitsje kinne soe oan har finansjele problemen. As hja troud mei – de foar har folsleine frjemde – Freek Wagemakers, sille sy en hy erfgenamt wurde fan in hiele protte jild.
Liesbeth is nettsjinsteande dochs wol hiel nijsgjirrich nei de ûnbekende houlikskandidaat…..Wannear hy as gast nei har B en B komt, kriget se de kâns him kennen te learen. Om sels dêrby op de eftergrûn te bliuwen, betinkt se in nuodlike list.
Dêrneist hat se noch te krijen mei in aardige, mar trochloaie ynwenjende neef, en in net te snoade helpke, frjemde buorren en op in stuit ek mei de twa ferskate susters fan de mooglike brêgeman.
Hoe giet se dêr mei om?

It Crusoë kwartet

Earne healwei de reis, fergiet midden op de Stille Oseaan “De Simmerstream”, it meast lúksueuze cruiseskip fan de wrâld. De oare moarns betiid spiele fjouwer misken oan op in lyts ûnbewenne eilantsje. Sa’t it liket binne sy de iennichste oerlibjenden fan de ramp.

De fraach is no:sille sy ek it ferbliuw op it eilân oerlibje?

Blau bloed

Beppie en Karel in âlder, suterich, pear. Sa as altyd om ‘e wike op sneintemoarn, komme harren dochter Bianca en de pake- en beppesizzers Judith en Erik op ‘e kofje. Dizze kear kriget de besite wol in tige ferrassende draai as der ûnferwachts ek noch oare gasten op ‘e stoepe stean.
Beppe Beppie blykt de lêste telch te wêzen fan de keninklike famylje van Klompenstein, in lyts keninkryk yn it Dúts-Eastenryks grinsgebiet. Beppie en de oaren meitsje kâns om diel út te meitsjen fan it keninklik hûs.
Dêrfoar moatte se earst in soarte fan eksamen ôflizze en allinnich as dit suksesfol is kinne se echt oanspraak meitsje op harren keninklike titel.
De folgjende 2 wiken wurdt der ûnder lieding fan dhr. Von Schlippenbach, dhr. Von Nebelhausen en mefr. Hompasch zu Buttershein dan ek flink studearre om alle kunde en feardichheden ûnder de knibbel te krijen. Dit gie lykwols net sûnder problemen. Slagje Beppie en har famylje deryn om it eksamen te heljen? Of rêde se it net en is it fuortbestean fan keninkryk Klompenstein yn gefaar?

De roaze pyama

It begûn mei in pyama. Roas fan kleur en hiel ienfâldich. Neat om jin drok om te meitsjen. Dochs? Joost Bramzaaier tinkt dêr oars oer. Fan ôf it momint dat hy de pyama ûnder eagen krige, begûn de ellinde. Syn skoanmem – in ôfgryslike draak fan in frou – beskuldiget him fan troubrek. En dat koe der noch krekt by komt Joost yn de macht fan twa gemiene sjanteurs. Wa kin him helpe? De plysje? De direkteur fan in kleanwinkel? Marjan, de tûke wurkster? Of faaks in priveedetective? Ien ding is wis: de roaze pyama soarget foar sliepeleaze nachten.

Streek troch de rekken

Paul en suster Lynn hawwe fan harren âlders hotel Aaftink erve. Paul beheart it hotel en Lynn wurket by de plysje. Broer en suster hawwe hieltyd bargebiten. Lynn wol dat it hotel ferkocht wurdt want se wol jild om libje te kinnen. Oars te libjen kinnen. En grif omdat se, mei har freondinne Anne, by de plysje op`e dyk setten binne. Der melde trije frjemde gasten yn it hotel……In mynhear Vrolijk dy nei sizzen de sykte Multiple Personality Syndrome ( MPS) ûnder de lea hat. De iene kear is hy in homofile cowboy, dan wer in bokser, en úteinlik in dokter. Mar yn werklikheid is ús hear Vrolijk in privee detective mei in opjefte. Ek komt der de wat frjemde Waltraut fan Wemelding-Hoogstade mei har tuttige dochter Venus yn it hotel útfanhúzjen. Se dogge harren foar as oft se út in hiele rike famylje komme. Mar se hawwe in hiel oare foarskiednis. Se hawwe al meardere, âldere manlju fan harren miljoenen berôve. Waltraut wol Venus oan Paul keppelje, omdat se te witten kommen is dat hy fiif miljoen ervje sil. Foar’t se spoarleas ferdwine wol, wol se as lêste putsje noch efkes fiif miljoen ynkassearje. Venus is net de dochter fan Waltraut. Mar omdat sy wat fan har wit wurdt se twongen har as har dochter te begelieden om sadwaande it fertrouwen te winnen fan dy âlde rike manlju. Venus wol by Waltraut wei, mar wit net wêr dy it jild ferstoppe hat. En se wol dochs wol har oandiel Of oars sein, se wol alles. As Lynn en Anne dêr efterkomme wolle se ek in oandiel yn de bút. Der folget in yngewikkeld spul om de knikkers. Úteinlik pike der twa mei de miljoenen fan Waltraut út.

Hûnehotel ‘De byljende hûn’

Regina is it sêd om thús te sitten. Se hat betocht om in eigen saak te begjinnen. En dan ek noch eat mei bisten. Se begjint dêrom in hûnehotel. Dat se net goed beseft wat dat allegear ynhâldt blykt wol út it feit dat se ferjit dat har man allergysk is foar hûnen. Boppedat komme der besikers fan alderlei minsken oer de flier. Wat te tinken fan in frou dy mar gjin ôfskied nimme kin fan har leafste of fan dy geheimsinnige frou dy`t in soad belangstelling hat foar it hûnehotel mar faaks noch wol mear fan de man fan Regina. As wie it noch net moai genôch komt ek noch ris de mem fan Regina útfanhúzjen omdat it fersoargingstehûs ferboud wurdt. En dan rint der ek noch in handich boantsjelap om. Allinnich spitich dat hy sa nijsgjirrich is. Koartsein alderlei tûkelteammen yn it nij hûnehotel.

Skiteldeftich en rosmos

Troch in ûngelokkich tafal kriget de asosjale famylje Stomp nije buorren. De elitêre famylje de Prael fan Goudenjagt komt neist harren wenjen. Dizze deftige minsken sykje in tydlik ûnderkommen wylst harren nije filla boud wurdt. Hja hiene gjin minder adres treffe kinnen. De spanningen tusken de famyljes rinne heech op. Se helje elkoar it bloed ûnder neilen wei. Der ûntsteane fûle konflikten. En wannear der in net winske leafde opbloeit, is it kermis yn`e hel……

Take 5

Yn it lytse Ingelske stedsje Framlingham, Sufflok, beheare de hear John en de hear George in bank: The Caitlin & Ratcliff Bank. De hearen steane bekend as bûtengewoan ryk en aristokratysk. Hja binne neven fan inoar en fan de âlde stimpel, dus echte hearen mei bolhoed. It is wykein en der komt besite. Net allinnich harren ferloofden, mar ek harren bemuoisuchtige memmen en muoikes mei tsjinstelde belangen binne fan de partij. It is dus stressen foar de hearen. Fierder is dan ek noch de ferneamde krimineel Mad Jack ûntsnapt. Hy komt graach by de minsken thús.

It lit de pastoar kâld

Pastoar de Bonte hat de biskop en syn Afrikaanske sustergemeente Bouli-Bouli om jildlike stipe frege, omdat syn parochy yn jild pine sit. Dit fanwege út`e hân rinnende kosten, wêrûnder bygelyks de rekken fan de pleatslike drankhannel. Om te sjen oft de parochy noch wol “libbensfetber “ is, stjoerd de biskop syn sekretaresse, dy`t him in posityf of negatyf advys jaan sil. Dizze noartske frou sit de pastoar hieltyd efter de fodden en as it oan har lei, waard de parochy fuortendalik opdûkt. Ek de taseine stipe út Bouli-Bouli pakt hielendal net út lykas de pastoar hope hie. Foardat hy it wit rinne der manlju mei pistoalen yn syn parochy, klinke der nachts de meast freeslik lûden, wurdt it rioel iepenbrutsen en besiket men him om te keapjen om de regels yn`e tsjerke, te oertreden. Wannear hy dan ek noch ris de skeve hoanne fan de tsjerketoer helje moat en de meast waansinnige ferhalen oanhearre moat yn de bychtstoel, wurdt it sels de meast betûfte pastoar it wol ris tefolle. Mar in net goed funksjonearjende pastoar soe fansels hielendal de deastek foar de parochy wêze. Om har baantsje behâlde te kinnen betinkt skjinmakster Wilma in rêdingsplan, wêryn se ek koster Kees meisleept. Dizze leau`t folslein net yn`e goede ôfrin fan dit dwylsinnige plan en moat as klapstik ek noch ris in houliksmis tusken in hottefyljende breid en breugeman ta in goed ein bringe. Koart sein: in gebed fol kolder mei in ferrassende ein…..wêrby it hiele publyk as figurant meispilet.

Komt goed ju!

Jantien, manager fan it hotel, spilet tegearre mei Klaas, in sjauffeur fan in reisorganisaasje skûlje mei-inoar ûnder ien tek. Hja litte klanten saneamd fêstrinne, wêrtroch dizze dan yn it hotel bliuwe moatte. Lex, de boantsjelap is ek belutsen by de oplichting. De gasten binne hiel ferskaat. Odette, in skiteldeftich type, tegearre mei har goederlaaks freondinne Odile. En Angela en Knurt, in hiel apart span, wêrby sein wurde moat dat Angela hiel dominant en kleierich is. Hja tinke hieltyd dat se ien of oare sykte hat. En de twa noflike idioate fammen Samantha en Charissa, binne feestbisten. Theresia, op it each de pleatslike doarpsgek, dy`t yn ferskate kleurrike typen ferskynt. As in grut fliepleach en in hiele trange wynjûn de saak noch fierder eskalearje lit, binne de rapen gear. In suvere klucht, mei in soad faasje skreaun

Opskuor yn it meditaasjesintrum

Julia beheart it meditaasjesintrum Rusty, bystien troch har stazjêre Haijo. Op in dei komme der ferskate gasten. Wat te sizzen fan it folkse pearke Bart en Roxanne? Hja komme wol hiel ûnferwachts en binne tige erchtinkend nei elkenien. En wat fiert de skiteldeftige mefrou Heleen de Rooij út? Hja hat wol in hiel soad belangstelling foar it sintrum. Mar it wurdt pas echt stressen foar de gasten as der in plysjeynspekteur opdûkt dy`t foar har wurk wat freegje moat. Allegear fragen wêr jimme op it ein fan dit blier spul andert op krije.

Opskuor yn ‘Trampas’

Earne yn Nederlân stiet in hotel. Hotel “ Trampas “ is de namme. Trampas is it Spaanske wurd foar bedroch….Freek fan den Burgh is in begoedige abbekaat. Hy moat fan need ûnderdûke foar in wraaksuchtige finzene dy`t ûntsnapt is. Dêrom geane Lucy en Freek fan den Burgh ûnder in oare namme útfanhûzje yn hotel “ Trampas “. Freek hat dêr ek stikem in ôfspraak mei syn chatfreondinne. Syn frou mei dit net witte mar sy hat sels ek stikem in ôfspraak mei in jongefint. De swierrichheden steapelje harren op wannear ek harren dochter, in tsjuster figuer en in bemuoi sike skriuwster yn it hotel komme te útfanhûzjen. En wa binne eigentlik dy stikeme ôfspraken? Betizing, ferkwikkingen mar foaral bedroch fiert de boppetoan fan dizze luchtige komeedzje.

Fan jins famylje moatst it hawwe

Peter fan Engelen stiet op it punt lieder fan syn politike partij te wurden, in baan dy`t allinnich foarbehâlden is oan minsken mei in ûnbelekke hâlden en dragen. As syn skoanmem útfanhûzjen komt, syn freon Herbert tinkt dat hy in ferhâlding hat mei Mirjam en der op it lêst in soan út in eardere relaasje opdûkt, dy`t dêrnei syn frou en skoanheit meinimt, komme der dûkjes yn it ûnbelekke hâlden en dragen en moat Peter freze foar syn politike karriêre.