It lyk is poater

De rike heit fan Fay (oarspronkelik Faith) Barraclough is stoarn en sy hopet op in grutte erfenis. Hy lit ek in grut hûs nei mei betsjinners. Yn syn testamint stiet dat de betsjinners nog 6 moanne yn tsjinst bliuwe moatte en dat se elk in grut bedrach krije. Fay wol it leafst sa fluch mooglik fan’e betsjinners ôf. De mannen fan it notariskantoar, Blundell en Mickleby, in grappich stel, fine út dat yn’e kiste gjin lyk leit. Unferwacht stjert Fay. Dan komt de twalingsuster fan Fay, Hope. Har gelikenis mei Fay jout betizing. Sy tyrannisearret it personeel. It lyk fan Fay ferdwynt ek en Hope wurdt fermoarde. Blundell en Mickleby geane op ûndersyk nei de moardner.
Net sa’n sterke skriller, dy’t it foaral fan it duo Blundell en Mickleby hawwe moat.