Romeo en Julietta
De eftergrûn fan dit stik wurdt foarme troch in al lange tiid duorjend skeel tusken twa begoedige famyljes yn it Verona fan de 13de ieu: de Montagues en de Capulets. Fieden troch haat fan de âlderen befjochtet it jongfolk elkoar aldegeduerigen op strjitte. In fersoenjend feestje by de Capulets mislearret hast. Nettsjinsteande de fijânskip wurdt Romeo, de soan fan Montegue fereale op de dochter fan de Capulets, Julietta. De leafde is fan wjerskanten, hoewol’t Julia wit dat har âlden in graaf Paris foar har as man útsocht hawwe. De twa beminden witte in pater Lorenzo oer te heljen om harren stikem
trouwe te litten, wêrnei’t se út de stêd flechtsje sille. De striid tusken de jongerein jaget de boel yn’e bulten lykwols. De neef fan Julia mislediget Romeo, wêrnei’t har freon Mercuto yn de oanfal giet. Tybalt deadet Mercutio en no kin Romeo him net langer ynhâlde en
stekt Tybalt del. Romeo sil no flechtsje moatte. Noch ien nacht hat hy mei Julia, wêryn it houlik ynseine wurdt. Julia, dy’t ûnder druk stiet om mei graaf Paris te trouwen, nimt op oanrieden fan pater Lorenzo in drankje dat har skyndea meitsje sil. Pater Lorenzo sil in
geheim bryfke nei de útnaaide Romeo stjoere om Julia op te heljen út it famyljegrêf bûten de stêd. It rint oars. Romeo kriget allinne in berjocht fan har dea. Boppe de opbiere Julia stekt Romeo himsels dea. As Julia wekker wurdt, sjocht hja gjin oare útwei dan om syn foarbyld te folgjen.
Kommintaar:
It tema fan dit stik is fansels frij bekend. Tink mar oan de film The West Side Story, wêryn it ferhaal oerbrocht is nei it New York fan de jierren sechtich.
Dochs binne der nei myn betinken net in soad minsken dy’t it echt sjoen hawwe. It is in prachtich stik mei spektakel, (fjochtsênes), tragyk, leafdessênes, ôfskiedssênes, ensafh.
Geskikt foar gruttere produksjes, bygelyks in iepenloftspul.
Foar de stikken fan Shakespeare komt hiel wat te sjen, mar mei in ynventive regisseur en dekorploech is it grif geskikte stof foar amateurs, dy’t ris in bysûndere produksje bringe wolle.
HB