Twa tsjinstfamkes, en suskes, wachtsje thús op de komst fan harren ‘mefrou’. Eins sitte de fammen finzen yn it hûs en yn harren posysje as ûnderhearrige. Om hjirmei om te gean dogge se spultsjes. Solange docht krekt as hja ‘Mefrou’ is en Claire ‘spilet’ tsjinstfamke. Hieltyd wer wurde de grinzen fan it spul ferkend, de rigels oertrêde en de rollen ferwiksele. Yn it spul om de macht wurdt harren posysje ôfwiksele mei skuldbekentenissen en boetedwanings. Ut de lustgefoelens dêr’t ek de (spile) ûnderdrukking mei mank giet, docht bliken dat hja net by steat binne harren los te meitsjen fan ‘e besnijing dêr’t ‘Mefrou’ harren yn hâldt.
Yn it spul wurdt fantasearre en dreamd oer frijheid en langstme, mar hja sitte te fest yn harren rol fan ûnderhearrigen.
Ut wraak hawwe de famkes de (kriminele) frijer fan ‘Mefrou’ beskuldige, wêrtroch dizze hear efter de doarren set is. Mei in kwea-aardich plesier genietsje de famkes fan harren wraaknimming. Mar dat slacht om yn eangst as hja troch ‘Mefrou’ belle wurde dat de man wer frijlitten wurdt. It plan ûntstiet om harren ‘Mefrou’ te fermoardzjen. De fammen beseffe dat hja net langer by steat binne om mei harren destruktive fantasyën troch te gean, of te ûntkommen oan harren werklike situaasje. As harren ‘Mefrou’ lang om let thús komt, hawwe de famkes al har attributen, dy’t hja brûkten yn harren spul, wer opromme en hja ûntfange har mei flaaikerijen en tsjinstigens. De fergiftige tee dringt hja lykwols net. Yn in uterst besykjen om har mei har gebiedster te idintifisearjen, drinkt Solange de tee úteinlik sels op.
Kommintaar:
Ien fan de nei-oarlochske klassikers. Genet, dy’t sels in ‘kansearm’ ferline hie as dief en finzene, wit as gjin oarenien foarm te jaan oan de geheimsinnige relaasje dy’t der bestiet tusken feint en master, fantasy en werklikheid, pine en genot.
Mei ‘De Fammen’ woe hy gjin realistysk toaniel skriuwe of in sosjale oanklacht dwaan. Hy socht nei foarmen om de belibbing fan allerhanne gefoelens fan binnenút te beskriuwen.
HB