Saltimbank

In brokje leafdestragyk achter de skermen fan it sirkuslibben. Haadpersoan is de kloan Aujust, dy’t nei in slim beropsongelok lang de âlde net mear is, ek al docht er wer wat nûmerkes mei en dy’t boppedat sûnt dy tiid by syn frou folslein net mear yn tel is. Under it ôfdraaien fan it programma komt it yn ‘e klaaitinte ta in ferheftige rûzje as syn fermoeden oangeande syn oare helte (dûnseres yn it sirkus) befestige wurdt.
Amper wit er him foar in moard op har te hoedzjen, as Funny oan it uterste ta yn har haat behurdet, stiet dan yn bestân om it sirkus sonder har farwol te sizzen, mar by eintsjebeslút krûpt it bloed wêr’t it net gean kin. En by it sakjen fan it doek bliuwt er iensum, as in geastlik wrak, achter.