Strobke
Strobke (Kruimeltje) is it ferhaal fan in jong fan in jier as tsien. Strobke hat it net maklik. Oft syn heit en mem noch libje, wit er net. Hy wennet bij frou Koster en dat is net sa’n bêstenien. As hja ynienen dearekket by in ûngemak, komt Strobke allinne te stean. Lokkich nimt Baas Wilkes it foar him op, mar dat betsjut net dat er it makliker kriget. De binde fan Fette Fri, sit him dwers, de plysje moat him allegeduerigen ha en ‘heit en mem’ Keizer fan it gesticht binne ek net sa noflik. Dat it op it lêst noch goed beteart, hat Strobke foaral te tankjen oan syn trouwe hûn Moar, in pear goede freonen en oan syn eigen altyd fleurich aard.