Rixt

It stik spilet op in ferlitten strân tichtby in doarpke yn it noarden fan Fryslân. Rixt sit by it fjoer. Twa doarpelingen beslûpe har, se tinke dat sy in heks is. At Rixt tsjin de mannen begjint te praten drave se gau fourt. De froulju út it doarp hawwe it net sa op Rixt stean, har selsstandichheid beëangstiget har. De doarpelingen stoke elkoar op yn harren ôfkear foar Rixt. Rixt beslút om har boat te reparearjen. Evert wurdt troch de doarpelingen oanwiisd as de man dy’t har helpe moat. Rixt ferliedt him om de heit te wurden fan har bern. Der wurdt in soan berne: Sjoerd. Evert kiest foar Rixt en bliuwt by har, de doarpelingen besykje him oer te heljen om Rixt oan harren út te leverjen. Se ferwite him dat hy de mienskip ferlitten hat foar de duvelske Rixt. Evert beslút om werom te gean nei it doarp. As hy werom komt, freget er Rixt en Sjoerd om te flechtsjen nei it eilân Amelân. Dêr moetet Sjoerd Marieke, in famke fan fleis en bloed. As Sjoerd har leafde ôfwiist wol Marieke har op him wreke. Dan grypt syn mem Rixt yn, de doarpelingen doare har net oan te reitsjen. Sjoerd giet fuort, hy folget de rop fan de see. In jier of twa letter sjocht Rixt oer de see, se sjocht Sjoerd syn inisjaal yn it fjoer, in teken dat er ticht by wêze moat, mar se sjocht him nearne. Mei har fjoer besiket se him te lokjen. De doarpelingen dôvje it fjoer, want dat kin skippen op in dwaalspoar bringe, mar it is al te let. Evert komt op mei harren deade soan.