Gefare-trijehoek

In freonlik stikje oer in pear ‘gewoane’ minsken, hy kantoarman, sy húsfrou. Omdat dat libben sa egaal en sûnder aventoeren is, ha se foar harren tegearre in wrâld fan ferbylding skepen. Dêr geane se beide tige yn op en dat bynt harren mei in ûnferbreklike bân fan ferealens en leafde. De sênes tusken harren binne wol komysk, mar se moatte ‘oprjocht’ spile wurde. Se ha alle wille yn har ferbyldingswrâld en Klare har blier omgean mei Wiebe syn ‘aventoerkes’ jout de noadige o hedens yn ‘e sêne mei Boate. Dy begrypt der earst neat fan mar as er it begjint te leauwen, fielt er him suver mei yn ’t komplot, mar sa bliuwt it net…. Dan komt kafee-hâldster, frou Ropta, noch mei de klopen yn ’t spul, mar nei de earste argewaasje, is it slotpetea rêstich en har ôfgean ek. En dan binne Wiebe en Klare wer tegearre yn harren mearkewrâld en se jouwe harren dêr wer noflik yn del: der mei lykwols gjin karikatuer fan har personaazjes makke wurde!.

Berend past op’e slach

Janny Landstra, in widdo, driuwt mei har dochter en in feint in boerenbedriuw dêr’t Berend, in âlde sjacherder, gauris syn kommen hat.
It fredige libbentsje dêr wurdt raar fersteurd as der in brânbrief fan de lânhearre komt, hy wol jild sjen! Hy komt, dy jonker!
Troch tadwaan fan âlde Berend, dy’t mei de swierrichheden op’e hichte is, rekket de jonker op in nuvere wize it hiem ôf. En de jonker driget dat er Janny de pleats ûnder it gat wei ferkeapje sil. Minke, de jonker syn faam, giet alles fierstente mâl, sy leart de jonker no pas goed kennen, en keart har fan him ôf.
Sadwaande set de jonker syn drigemint troch en ferkeapet de pleats. Omdat de jonker net wit wa’t de keaper is, falt er dochs noch yn in djip gat, want âlde Berend hat op’e slach past….