De gûvernante út Froubuorren

It stik spilet yn it hûs fan Lucien en Emily du Baron, broer en suster. Lucien (wol jild, gjin adel) is in wat soere keardel; in ûngemak fan in jier lyn hat him gjin goed dien. Hy hipt noch altyd op krukken om, om ’t syn skonken net rjocht mei wolle. En hy hat gjin moed en kriich om der wat oan te dwaan, alteast net genôch…
Hy sit leaver wat yn syn stoel te stúmjen en te kommandearjen, wylst de minsken om him hinne alle war dogge om him te helpen. By eintsjebeslút soarget de gûvernante, dy’t ynhierd wie foar de útfanhûzers, der foar dat er wer komt te rinnen: sy pakt him oan!

Sudewyn mei in sûpke

It houlik fan Klaas Kingma en syn frou Mine is net mear wat it west hat. Fangefolgen ferlit Mine mei dochter Wike harren thús en bestelle harren as help yn in hotelbedriuw. Mei de oberkelner Karl en de wurkstudint Pyt moatte se ferkeare yn ien keamer en twa sliepkeamers. Yn dy sitewaasje kriget Pyt sin oan Wia, de resepsjoniste. Hy doart har net rjocht te freegjen omt er mient dat Karl gading nei har makket, mar Karl, in earste froulju’s fersierder, kriget smjucht op Wike. Dy jout him yn’t earstoan gjin kâns, omt se sjoen hat dat er mei Wia frijde.
Underwilens komt Klaas nuverre paden lâns by it hotel om it tusken him en syn frou wer goed te meitsjen.
It seit himsels dat oan’e ein alles wer op’e poatsjes te lâne komt.

## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.

As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.