In moardner yn’e ploech…!

In skriller, mei in soad yntriges oer in amateurselskip dat in skriller repetearret. Reinou, in spylster, komt op’e repetysje. Se is oantaast troch in strúnder, dy’t al langer de stêd ûnfeilich makket. Trochdat de strúnder in sjaal brûkte dy’t fan’e regisseur, Klaas Dykstra is, tinkt se dat hy it wie. Klaas kin himsels frijsprekke.
Ien fan’e spylsters, Jeltsje, reagearret frjemd op’e nije konsjerzje. Se tinkt dat hy wat te meitsjen hie mei de dea fan har soan. Wat letter wurdt de konsjerzje dea fûn. Jeltsje hat it net dien. Dan blykt dat de konsjerzje Suze, de frou fan Klaas, sjantearre hat, om’t hy har sjoen hat mei de jonge spiler Nykle. Mar sy hat it ek net dien. Op it lêst komt Jappy de toanielfeint de seal yn. Bytsje by bytsje bekent er dat hy de konsjerzje fermoarde hat, omdat dy wist dat hy de strúnder is dy’t de stêd ûnfeilich makket.

De wrâld is in boarterstún

De sjippefabrikant Skuringa mist op in stuit f. 2.000,00 fan syn buro. De fertinking falt op Jelmer, ien fan ’t kantoar, mei om reden dat er de lêste tiid nochal wat oanskaft hat. Skuringa wol perfoarst net de plysje der yn behelje, dat soe syn saak yn opspraak bringe. Hy docht it ôf troch Jelmer ûntslach oan te sizzen. Troch syn siktaresse wurdt it gefal lykwols buorkundich makke. Dit is dreech foar Jelmer, mar benammen foar syn frou. Sy wol it der net by sitte litte en ûndernimt, tsjin it sin fan Jelmer, stappen om de saak ta klearrichheid te bringen. Om de wierheid boppe wetter te krijen freget se skieding oan. Foar de rjochtbank oer sil se dan de mûle wille jaan oer de saneamde stellerij fan har man.
Safier komt it lykwols net, Vlieger, in kollega fan Jelmer woe syn baas ris in leske jaan foar syn rûgens en hie it jild oppakt, mar ja, wêre…. It seit himsels dat der hiel wat ôf hottefile wurdt foardat elk mei oar wer yn frede libje kin.

Snoepy haaibaai

Wytske Bouma moetet op in moadebeurs yn Düsseldorf in earder kammeraatske, dy’t ek yn it moadefak sit. Tegearre reizgje se werom, in dei earder as dat Douwe Bouma syn Wytske thús ferwachtet. Wytske jout wakker op fan Douwe, mar de krekt skieden Sia seit, dat gjin inkele man it by ien frou hâldt. Om Douwe te testen komme se oerien de mûs op it spek te binen. Wytske giet nei Sia’s flat en Sia skillet even letter by Douwe oan as freondinne fan Wytske, dy’t gjin hotelkeamer fine kin. Douwe skillet de hiele Gouden Gids troch, mar it slagget ek him net in gaadlik plak foar Sia te finen.
No kin Sia útein sette mei har ferliedingskeunsten om Douwe op’e proef te stellen. It seit himsels dat der in soad brike sitewaasjes ûntsteane, mar Douwe hâldt hoek. As Wytske de oare moarns thúskomt moat Sia bekenne dat Douwe in snoepy fan in man is. Sy komt der minder ôf, Douwe fynt har in haaibaar fan in frommes.
In alderaardichst blijspul.