In hûs mei húshâldster
De famylje Singelsma komt te húsbesjen by de widdo Arends, dy’t nei in lytser hûs yn ‘e stêd ta wol, omdat de tún har te bewurklik wurdt. Yn in advertinsje yn ‘e krante biedt sy har hûs oan ‘mei húshâldster’, want dêr hat sy yn ‘e stêd ek gjin ferlet mear fan. De priis, dy ’t sy foar har hûs freget, falt Singelsma sa bot ôf, dat er net fierder wol as de wenkeamer: de keap kin neat wurde. Syn frou wol dochs wol graach wat mear fan it hûs sjen en fansels giet frou Arends har mei alle wille foar om in slach troch it hûs. Yn dy tiid komt Singelsma yn ‘e kunde mei de húshâldster en dan binne hy èn it hûs samar ferkocht……