‘Kealkonten’ spilet yn in lytse keamer yn in sloopbuert, dêr’t trije mânlju harren bêst dogge it libben werom te bringen ta begryplike ôfmjittings. Se sykje it net yn heechdravende en filosofyske petearen mar yn it minusjeus útplúzjen fan de lytse dingen dy’t barre yn it deistich bestean. Troch harren naïeve wrâldfysje en earmoede lykje de trije troch it lot mei elkoar ferbûn. De fideorekorder is it finster op de wrâld, mar omt se gjin finster yn de keamer ha, is harren sicht wol tige beheind. De blik giet net fierder as it saneamde rút. Yn de earste libbenssaken, sa as ite, drinke en sliepe kinne se mar amper foarsjen, it sljochtweihinne medisyn as magetabletten betsjut al in dramatyske oanslach op de al krappe reserves fan dizze kealkonten. Troch it tekoart oan middels en krêft komt der fan alle plannen mar in ferrekt lyts bytsje terjochte. ‘Deljaan’ is de moter, wermei’t se in wei sykje troch it libben. Sûnder ienige foarm fan hokker takomstferwachting dan ek, bliuwt de stille hoop yn de efterholle dat úteinlik alles goed komme sil.