De moardner

Yn in jachthûs stiet in tafel dutsen foar 4 persoanen: in jonge kreaze frou, har man, in jachtfreon en in húsfreon (apteker). De jongkeardel en syn jachtfreon binne der mei it gewear op út. It is jûn en ûnlijich waar. De apteker fertelt de frou fan eardere jachtpartijen en dan twa gefallen, dêr’t ien by deasketten wie. Beide kearen hie der sprake west fan oergeunst ûnder de manlju op it besit fan in oar syn frou.
It docht bliken dat de jonge frou en de s.n. jachtfreon wat dat oengiet ek net alhiel frijút geane. Sadwaande krije de ferhalen fan de apteker wat in nuvere bysmaak.
Op it lêst komt de jongeman allinne thús en wit eins gjin ferklearring te jaan wêr’t syn gast bleaun is. De jonge frou besiket him út te kloarkjen hoe ’t alles by de jachtpartij om en ta gien is, mar kin it krekte net rjocht gewaar wurde. Se giet der lykwols fan út dat har man de freon deasketten hat en as de plysje by de doar komt, bychtet se har man op dat se in ferhâlding mei de freon hat, mar dat it ôfrûn wêze sil. Dan komt de freon foar ’t ljocht mei de ein, dy’t se earst net fine koene.
By eintsjebeslút is der dus gjin moardner, hat it jongwyfke har bycht dien en betterskip ûnthjitten foar har man oer.
De plysje kaam om in kuorfol jirpels…