Bloed fan ‘e hongerlijers

In ferfallen buorkerij yn in gebied dat oan de râne fan ‘e woestijn leit. Der is hast neat mear te iten. De heit is oan ‘e drank en al dagenlang fuort, nei’t hy de doar yntrape hie. Mem wol net dat soan Wesley de boel oprommet, mar dy fielt him as iennichste roppen om te besykjen noch eat fan it bedriuw te meitsjen. Syn skoalgeande suster dreamt fan fuortgean en in skoan libben hawwe, krekt as de mem dy’t mei de bern nei Europa ta wolle soe. Hja hat plannen om de boel te ferkeapjen, nei’t hja it oanlein hat mei in ûnbetroubere abbekaat, dy’t wurket foar projektûntwikkelers. Wesley wol dit tefoaren komme en fertelt it oan syn heit as dy werom is. Dy hat it huis yn in kroech al oan in oar tasein om syn skulden te beteljen.
As de kroechbaas, mei it jild en de keapakte ferskynt en de abbekaat tsjin komt, komt de saak ta in útbarsting. Dy beweart dat de ferkeap net rjochtsjildich is. Underwylst slept de heit ûnbekommere syn rûs út op ‘e tafel. Dan komt in plysje ferheljen dat de dochter de kroech fan de kroechbaas fernield hat, hja sit no yn ‘e sel. Poerrazend ferdwynt de kroechbaas, folge troch Wesley dy’t it jild weromhelje wol.
De oare moarn is de heit wer sa warber as in bij. No is it de mem dy’t skjin oanein yn sliep fallen is. Wesley beseft lykwols dat der neat mear te rêden falt. Hy makket it laam dea dat hy earst fersoarge hie, proppet him fol mei iten en lûkt de klean fan syn heit oan. In pear hantlangers fan de kroechbaar ferniele de auto út wraak. Om’t hy wit dat hja weromkomme sille, bliuwt Wesley ferdôve efter.
KOMMINTAAR:
In rau, realistysk stik, mei in tal symboalyske aspekten, lykas it laam dat Wesley fersoarget en dat symboal stiet foar syn eigen lot. Troch de útsprutsen karaktertekenings, de subtile symbolyk en de humor dy’t der hjir en dêr ek wiswol yn sit, stiket it stik fier út boppe it platte realisme.
It tema fan it stik is in gesin dat oan alle kanten út elkoar skuord wurdt. Yn ’t foarste plak wurdt dat feroarsake troch de stikken rûne relaasje tusken de heit en de mem, twa útienrinnende, mar heftige karakters. Op de eftergrûn fan dy mislearre libbens, steane lykwols driigjende maatskiplike krêften, dy’t der mei foar ferantwurlik binne dat it gesin him net hanthavenje kin. Sintrale figuer yn it stik is de yn himsels kearde sean Wesley. Hy fielt it bêste oan wat der mis is, mar is net by steat om it ferfal te kearen.
It stik spilet yn ‘e ein jierren fyftich yn it súdwesten fan de Feriene Steaten. Oft men de hanneling no nei dizze tiid of dit plak oerbringe soe of net – it stik is by steat om in grut publyk oan te sprekken.

HB