Ekseem

In skildersbedriuw wurdt foar de fjirde kear frege om de foardoar oer te skilderjen. Foar sa’n heech bedrach mei der doch wol kwaliteit ferwachte wurde. “Kâlde Kak” fynt de jongste skilder en hy nimt op in prachtige wize wraak.

Yn wankel lykwicht

It libben fan in ‘deagewoan’ stel wurdt fersteurd as harren alderbêste freonen Harry en Edna foar de doar stean en harren dochter nei in mislearre houlik wer op ‘e stoepe stiet. Mei in alkoholistyske suster dy’t mar wat graach tasjocht en oardielt fan de sydline, in flinke foarried whisky en in protte fatsoen begjint der in spul fan minsken dy’t master binne yn it tadekken, it ferjitten, of net sizzen.

Terrasklanten

De titels binne 1. Even tuskentroch; 2. Reiske nei it ferline; 3. Sneintemiddei en 4. Time out

De ienakters gean oer hjoeddeiske maatskiplike foarfallen, mei ferrassingen en humor. Jo komme yn ‘e kunde mei (un)gewoane minsken, sa t jo se daagliks tsjinkomme. Se fertsjintwurdigje in trochsnee fan de maatskippij, der’t fan alles bart.

Gjin jûn itselde

Paul en Sonja hawwe Norbert en Inez útnoege om by harren te iten. De mannen binne astrofysisy en wurkje oan itselde wittenskiplike institut. Foar Paul hinget der in protte fan ôf hoe as dizze jûn ferrinne sil. Hy hopet, dat syn kollega him helpe kin mei in promoasje, mar… dan stean de gasten ynienen in jûn te betiid op ‘e stoepe. En wat no.., no t der allinne mar wat droege koekjes en in stikje tsiis yn ‘e hûs is? Dat harren jonkje mar net sliepe wol en oars net docht as seure om wat te iten, makket it der net folle better op. Dizze jûn wurdt 3x spile, hieltiid fan út in oar perspektyf mar toch mei deselde yngrediïnten.

Sis es Aa

Sa as altyd bart der fan alles yn it hûs fan de dokter. Gert-Jan komt thús út Kurasao en nimt in boltsjeslokker mei. De mem fan Mien Dobbelstien is flechte út ‘e Boei en siket ûnderdak. En Wieb komt der ek yn stowen, is by John weigien. Koartsein, ien en al gaos, mar wol gesellich, sa ’t we wend binne fan dizze komedianten. In jûntsje âlderwetsk genietsjen.

Mei de assistinte fan dokter Van der Ploeg

Gert-Jan, de soan fan Lydie van der Ploeg, hat de dokterspraktyk fan syn mem oernommen. Hy hat no ek syn soan Pim yn ‘e hus.
Yn e wachtkeamer fan de dokter sitte froulju yn burka’s, der wurdt in moslimjonge – soe dat in soan fan Pim wêze – as fûnling foar de doar lein en it giet oer terreurdriging. De multikulturele foarstelling sil yn alle gefallen goed yn ‘e smaak falle by jong en âld.

Gewoan gewoan

In moderne relaasjekomeedzje oer twa freonen, in skiedend alderpear, de minneres fan de heit en in transseksueel. In restige, romantyske freedtejun feroaret al gau yn in gaos, omdat der in hiele stoet net utnoege gasten komt. Yn stee fan yntym dinearjen, wurdt der slein, driigd en mei servys smiten. Ek blykt der nochal wat spanning te stean op de relaasje fan Mike en Bas. It houlik fan de alders fan Bas liket net mear te reparearjen, mar komt it goed mei de relaasje fan de jonges?

Op ‘e hichte

Fiif fakânsjegongers komme ûnder lieding fan in profesjonele gids oan op it berchplato dêr’t se harren kamp foar de nacht opslaan sille. Allegear ha se harren eigen motyf om foar sa’n aktive, mar ek primitive fakânsje te kiezen. Mar komt dat wol goed? As de muoite wêrmei’t se it plato opklauterje in metafoar is foar de rest fan de fakânsje, dan is it noch mar de fraach oft se it ein wol goed helje sille. De groep wurdt pleage troch snobisme, fobyen, ûntrou, dronkenskip… eins tefolle om op te neamen. In “happy end”? It leit der mar oan hoe’t je it besjogge.

In rûzich wykein

Bart de Jager wol mei in freondinne dy’t er noch oppikke moat, in wykein trochbringe yn syn appartemint oan de kust. Syn twillingbroer Mark dy’t syn frou ferteld hat dat er nei in kongres moat, wol mei syn maitresse in wykein trochbringe yn dat selde apprtemint.
Omdat Mark fuort is, tinkt Mare, de frou fan Mark, dat it in goede gelegenheid is om in wykein nei harren appartemint te gean mei haar minner. Hugo de Jager, de heit fan de twilling, tinkt dat in wykein oan de kust, en ek noch wol yn appartemint fan syn soannen, in goede kâns is om syn nije sekretaresse by him op bêd te krijen. Safolle folk, net wittend wa’t der noch mear yn it appartemint is, yn ien appartemint, dat moat hast wol problemen jaan. Nammerste mear as âlde leafdesaffêres de kop opstekke.
It gefolch is: persoansferwikselingen, hertsear, sjantaazje en gean sa mar troch.