Jou my wjukken

Daniël Daréus, in bekende dirigint, moat rêstiger oan dwaan en beslút derom werom te gean nei syn bertedoarp. Gjinien werkend him as it jonkje dat eartiids sa pesten waard. De grutste pester terrorisearret it doarp en mishannelt syn frou Gabriella.
Daniël wurdt dirigint fan it doarpskoar en syn wurkwize makket in protte los ûnder de doarpsbewenners. De dûmnysfrou wurdt iepener en gelokkiger en ûnder in optreden sjongt Gabriella it doarp ta mei it boadskip dat se har eigen libben wer liede wol.
As alles út ‘e han liket te rinnen ferteld Daniël oan it koar wa’t hy echt is: it pestte jonkje fan skoalle.
Hy hat no ôfrekkene mei de spûken út it ferline en ûnder syn lieding stiicht it koar boppe himsels ut. Se wurde talitten ta in grutte ynternasjonale sjongwedstriid yn Eastenryk. Op de dei fan de útfiering kriget Daniël wer in hertoanfal en falt yn de toiletten tsjin in radiator. Wylst hy bliedzjend en helpleas op ‘e grûn leit, heart hy it koar sjongen oer de speakers. It publyk sjongt massaal mei en mei in glimke om ‘e mûle slút Daniël de eagen.

Venetiaans karnaval

De selsbewuste Venetiaanske widdo Rosaura di Bisognosi hat net te klaaien oer belangstelling fan manlju. Fjouwer karnavalfierders, in Ingelsman, in Frânsman, in Spanjoal, en in Italjaanske lânsgenoat binne wei fan har. Wa’t har krijt, bepaalt Rosaura sels. Op fernimstige wize stelt se de hearen op ‘e proef en docht dêrneffens in kar.

In sinterske opera

It stik spilet him ôf yn de ûnderwrâld fan de Londens wyk Soho, wêr’t MacHeath, alias Mackie Messer omgong hat mei Polly, de dochter fan de bidlerskening Peachum en tsjin de heit syn sin mei har trout. Peachum probearret MacHeath oan de galge te bringen. MacHeath belânet yn ‘e finzenis en ûntsnapt troch syn relaasje mei Lucy, dochter fan de polysjesjef. Peachum wurdt woest en driget mei in massale opkomst fan bidlers tidens de kroaning fan de keninginne. Brown wurd hjir sa bang fan dat hy MacHeath lykwols oppakke lit. It liket derop dat Macheath op it ein terjochte steld wurde sil, mar hy kriget op it lêste momint graasje fan de keninginne en wurdt ferheven ta te adel. Dêrmei wurdt ekstra oanjûn dat it allinnich in toanielstik is.

In dûbele Nelson

Dûbele Nelson is in ferhaal fan fêstsitte en losbrekke, fan wanhoop en leafde, fan underdog en held, fan izeren wetten en romantyske idealen. It bestean yn de bak komt yn in hegere fersnelling mei’t de direkteur foarstelt om wer in sjo yn te studearjen mei de kliïnten. Oan de hân fan de foarstelling: Nelson de Musical, wurket it stik yn in rige fan hilaryske en ûntroerende sênes nei in tige ferrassend slot ta.

Dûbele Nelson is basearre op de film Lucky Break. De film is de basis, mar it is in typysk Jorwerter stik wurden.

Alles út (The full Monty)

Alles Ut spilet him ôf yn Sheffield, eartiids in brûzjende stêd fan de stiel-yndustry, mar no’t de yndustry fuort is, in stêd mei grutte wurkleazens. De arbeiders steane yn ‘e rige foar in útkearing. As de manlju lykwols sjogge hoe’t de froulju flink jild deltelle om in stripper yn aksje te sjen komme se op in idee. Wat dy keardel kin, dat kinne sy better.

Kabaret

“Kabaret” is in oangripend ferhaal dat him ôfspilet tsjin de achtergrûn fan de opkomst fan it nazisme yn it Berlyn fan om 1930 hinne en dat de ynfloed dêrfan op it deistich bestean sichtber en fielber makket.
In Amearikaanske skriuwer, op syk nei materiaal foar in roman, bedarret yn de Dútse haadstêd. Hy komt dêr yn ‘e kunde mei de nachtklubsjongeres. Yn it pension fan Fraulein Schneider lûkt in nachtklubstjer by de skriuwer yn en der ûntstiet in leafesrelaasje tusken twa hiel ferskillende wrâlden.
Allyksa liket in ferhâlding fan Fraulein Schneider en de Joadske grienteman Herr Schulz mei in houlik besegele te wurden. De opkomst fan it Nazisme hat grutte ynfloed op ien en oar.
“Kabaret” is in yndrukwekkend ferhaal mei toaniel, sang en dûns, dêr ’t in lytse tritich spilers, sjongers, dûnsers en muzikanten oan meidogge.

Veronika har keamer

In jong famke wurdt frege om foar koarte tiid de rol fan de stoarne Veronika te spyljen, om Veronika har suster, dy’t al jierren yn it ferline libbet, in tsjinst te bewiizen. Sa begjint, yn earsten in ûnskuldig spultsje, wat lykwols geandewei in nachtmerje wurdt mei persoans- en wurklikheitsferwikselingen.

Witwatjewolle.nl

It stik giet oer de handichheid fan de jeugd mei kompjoeters tsjinoer de handichheid fan de âlderen mei kompjoeters. De âlderen wolle neat fan de jeugd oannimme en komme raar yn de knipe te sitten.
Geschikt foar in feestlike âlderjûn. Der kinne in soad bern meidwaan en it is fan dizze tiid.

Boske Kryn

Baron Lodewyn is mei syn freon oerienkommen dat syn dochter Aukelyntsje trouwe sil mei Jonker Blokskaal, de soan fan dy freon. Aukelyntsje wol net en flechtet, as jonge ferklaaid, it hûs út. Sy belânet by Boske Kryn, dy ’t har wol helpe wol. Alleman wurdt der op út stjoerd om it oerhearrige fanke te sykjen. Dêr docht ek de Jonker oan mei en lit dy no Sytske de eptige dochter fan ‘e keukenfaam moetsje en har oansjen foar Frêle Aukelyntsje! Dy twa reitsje fereale op elkoar en sa as it yn mearkes heart, Aukelyntsje komt wer thús en nimt har Boske Kryn, de hearremyt mei, dy ’t in geleard man blykt te wêzen en folle mear wit as de Baron mei syn hiele famylje.
By eintsjebeslút wurdt der in grut feest holden foar twa lokkige pearen……

Equus

In jonge wurdt opnaam yn in psychiatrysk sikehûs nei’t dy by in stikmannich hynders de eagen útstutsen hat. De behanneljende psychiater ferdjippet him hieltyd mear yn ‘e jonge. De jonge wol yn earste ynstânsje allinne ‘jingles’ fan reklames sjonge, stadichoan kriget de psychiater him safier om fia ferskillende techniken antwurden te krijen op krusiale vragen. As de psychiater him fierder yn de jonge ferdjippet wurdt hy hieltyd mear konfrontearre mei syn libben en syn berop.
KOMMINTAAR:
It is in meinimmend ferhaal mei in grutte spanningsbôge dy’t fanôf it begjin oant it ein ta spand stiet. De teksten binne gâns aktueel om’t der djip op guon fasetten fan it libben yngien wurdt. It dekor en de rezjy oanwizings binne yngewikkeld mar ôfgryslik moai.

DS