Ronja de rôversdochter

Ronja wurdt berne yn in húshâlding dy’t tahâldt op in berch wêr’t de rôvers fan Mattis skûlje, at se net op rôverspaad binne. De famylje fan Ronja is lykwols net de ienichste rôversfamylje yn de omkriten. Der is ek noch dy oare famylje fan rôverhaadman Bjorka. Beide famyljes kinne net mei elkoar oerwei, de iene kin de oare foar de eagen net sjen.

At Ronja wat âlder wurdt, lûkt se de wrâld yn. Sa komt se op in dei by tafal yn ’e kunde mei Bjirk, lid fan dy oare rôversfamylje. Se witte eins net wat se oan elkoar ha. Oan de iene kant kinne se it goed mei elkoar fine. Mar oan de oare kant witte se ek dat se eins net mei elkoar omgean meie. Harren heiten haatsje elkoar ommers. It falt foar Ronja en Bjirk net ta, se sitte hieltyd yn twastriid. Kieze se foar elkoar of foar de haat fan harren beide heiten?