Betizing om in gryk
Durk van Houten, fabrikant fan boerejonges, fan om en de by fyftich jier, hat it bêste mei syn dochter foar, as sy mar docht, wat hy seit. Hy kin in ‘deal’ slute mei de Gryk Limminomalos en wol syn dochter oan him keppelje. Dochter Neeltsje hat lykwols ferkearing met Klaas, de postrinder. Sy hawwe Van Houten te fiter troch Klaas as de Gryk Limminomalos opdrave te litten.
Mar fansels komt de Gryk mei de klompen yn ’t spul: hy stiet ek foar de doar. Limminomalis spilet it spultsje mei as liifdokter en lit by eintsje beslút de heit tekenje foar it houlik fan Klaas en Neeltsje.
De nijsgjirrige buorfrou, de suster fan mem Dieuwke en in taksjesjauffeuze soargje mei foar kluchtige tafrielen.
In fleurich stik foar in noflike jûn.