Cocktails

Cocktails is in tragikomeedzje oer kwetsberens, fearkrêft en solidariteit. Yn in ferhaal dat sawol spannend as humorystysk is, litte fiif freonen harren ljocht skine op de wearde fan freonskip.
Under in hearlike jûn op it strân, Mojito of Margarita yn de hân, feroaret harren libben yn ien kear sa ûnferwacht en yngripend, dat de ûnderlinge ferhâldingen earnstich op de proef steld wurde.
Yn in cocktail van emoasjes, mieningen en pynlike iepenbieringen komme harren saneamde slagge levens ynienen yn in hiel oar ljocht te stean.
Hoe kin je immen helpe sûnder dat it meilijen wurdt? En hoe gean je om mei jo eigen skuldgefoel?

Wyn

Op in jûn mei fierste folle wyn, rint alles krekt even oars as ferwachte. Gesellich? No nee.
Charles en Charlotte binne út elkoar groeid, Marja en Charlotte meie elkoar net lije en Charles
hat wol in heel bysûnder momint keazen foar in wynjûntsje dit jier. Boppedat is Ed dizze kear
net útnûge… In (skriller)komeedzje.

Kening Klysterburd

In mearke oer de fernedering fan in heechmoedige prinses. In prinses bespot alle houlikskandidaten. Har heit hat der genôch fan en beslút har oan de earste de beste bidler te jaan. Yn werklikheid docht bliken dat it in kening is, dy’t de prinses bespot hat en him de bynamme Klysterburd jûn hat. De fernedering brekt úteinlik har heechmoed.

Sit de trije al yn ‘e klok?

In dialooch tusken in man en in frou. Se sitte beide thús; hy mei in hernia en sy mei in burn-out. Tegearre moatte se útfine hoe ’t se dêr mei omgean moatte. Beide fine se dat de oare him/har oanstelt.

De help

Arnoud is in jonge bankier dy’t yn ien dei syn wurk en syn frou ferliest en ek noch in hernia kriget. En dan seit er ek noch de help fjirtichtûzen euro ta.
Dit stik is in rekonstruksje fan hoe’t it sa fier komme koe. Fia de help Lucas leart Arnoud in wrâld kennen dy’t er hjirfoar net koe.

Ferjitlikens

Antoin wurdt stadichoan in bytsje ferjitachtich. Hy giet in pear dagen nei it strânhûs fan syn eksfrou Sarah. Syn dochter Iris hat him mist op ‘e saak en siket him. As sy tegearre op it strân binne, komme syn beide eksfroulju Sarah en Debora nei it strânhûs om harren soarch oer syn begjinnende demintes te besprekken en de soarch foar de takomst te regeljen. Dat fjouwertal mei in ferline mei-inoar, en harren eksplosive karakters, soarget foar it noadige fjoerwurk.

Hjerst yn Schoorl

Elk jier bringe Herman en Paulien van Beem yn de hjerst in pear dagen troch yn it ienfaldige simmerhúske fan syn broer yn Schoorl. It jierlikse útstapke is in fëst beaken yn harren oardere, berneleaze bestean. Yn wat nei alle gedachten harren lêste hjerst yn Schoorl wurdt, mynhear van Beem wurdt nei syn pensioen pleage troch stimmingswikselingen en betizing, sjocht it pear werom op in lang net altyd even maklik ferrûn houlik. De tiid dat se inoar definityf loslitte moatte, komt yn sicht. Mar hoe dogge je dat nei hast fyftich jier tegearre?

It Diner

Twa broers ite mei harren froulju yn in sjyk restaurant. In diner mei in missy, want der moat praat wurde oer harren bern. Dy pubers ha wat útfretten wat harren takomst ferniele kin. Wylst de spanning oan tafel hieltyd heger wurdt, bliuwt de ober trochpraten oer it bysûndere iten wat allegearre op tafel komt. It diner is in synysk en ek in humoristysk ferhaal, dat guon âlders in spegel foar hâldt. Want yn hoefier binne jo ferantwurdlik foar it gedrach fan jo bern? En hoe fier geane jo om harren te beskermjen tsjin de konsekwinsjes fan harren dieden?

No even net

No even net is de tragikomyske earste helte fan in dubelfoarstelling, dy t giet oer fjouwer freonen dy t elkoar al tweintig jier kenne. Al dy jierren dinearje se ien kear yn e moanne yn itselde restaurant. Se ite der mei-elkoar en se prate, sa as ien fan de fjouwer seit, oer neat.
Werom nei de tiid fan doe, mar is dy tiid no wol itselde? Se besykje de ferlerne tiid fan doe yn te heljen, mar fine allinne mar untgucheling by elkoar. Harren froulju begripe neat, en miskien is dat ek mar goed. As de manlju it mar begripe.

No even wol

No even wol is de tragikoyske twadde helte fan in dubelfoarstelling, dy t giet oer fjouwer froulju dy t elkoar by in dinertsje yn in restaurant moetsje. Der wer t de manlju it oer it ferline ha, prate de froulju oer it no. En it no hat bannen mei it ferline.
Ien fan de fjouwer manlju is undertusken ferstoarn en it docht biken dat er in minneres hie doe t er troud wie. De minneres moetet de trije freondinnen, en freondinne is de frou fan de ferstoarne man, yn it restaurant. Hjir begjint it drama.

Pleinfrees

Dan en Nicole lykje in perfekt stel as se sykje om in fjouwer keamer appartemint. Dan is in knappe eks-legerofsier mei in prachtige partner, en it liket dat er alles hat. Mar alles is net wat it liket: hy is wurkleas en alkoholist.

Stuart wennet mei syn ferlegen suster Imme, rêstich mar wol lokkich. Imme bringt de jûnen net troch mei har ‘wivebendes’ sa ’t se seit, mar sit faak te wachtsjen op har ‘blind dates’ dy ’t noait komme.

Charlotte is in frjemde frou. Se lit har emoasjes net sjen. Se lient fideo’s oan Stuart. It earste healoere fan de film bestiet út ‘muzyk dy ’t dyn libben feroare hat’ en dêrnei komme filmkes mei har tige geheime seks libben.

Wannear Charlotte net wurket op it makelderskantoar, past se op in siik, mar wol fiis âld mantsje Arthur. Dit mantsje bliuwt achter de kûlissen.

De soan fan dit âld mantsje, Marinus, is de barman yn it hotel dêr ’t Dan hieltyd sit te drinken. Marinus hat syn eigen geheim, in manlike leafde dy ’t hast seker stoarn is oan Aids.

Fjouwer kear ferkocht

1. Charlotte rommet har appartemint leech. Har eks-man komt del. Hy wennet al in jier by Micheline, de masseuse fan Charlotte. Se prate oer harren dochter, oer harren houlik en de jierren dat se by elkoar wienen. Uteinlik krije se rûzje oer in lampe. Nei de rûzje komme se neier by elkoar en beslute se it wer tegearre te besykjen. Mar oft dat ek wat wurdt is wer wat oars… 1 frou/2 manlju

2.Jessica, jonge frou fan 20, besjocht mei de makeler it appartemint. Bob, har oansteande, is in fjirtiger, dy’t alles op alles set om by de freonen fan har jierren te hearren. Dan komt Betty, de flotte, jeugdige, frijfochten mem fan Jessica, dy’t yn in kommune wenne hat, del om yn ’e kunde te kommen mei har skoansoan. It docht bliken dat Bob en Betty elkoar 20 jier lyn koenen en wat mei elkoar hienen. Bob set doch mar gjin hantekening ûnder it keapkontrakt. 2 froulju/2 manlju

3.Irene, in tige rike frou, dy’t it wend is om har leafde en gelok te keapjen, stiet op it punt om it appartemint te keapjen foar har jongere minner. In treffen mei de skilder yn it appartemint docht har fan betinken feroarjen.
1 frou/2 manlju

4.Georgette wachtet by de klearmakke krysttafel op har minner Marcel, dy’t se in jier lang net sjoen hat. It rint net hielendal sa’t se tocht hie. Marcel en Georgette diele in geheim, dat tusken harren stiet. Dan wurdt Georgette fassinearre troch de besoarger fan de krystkalkoen. Marcel sjocht deadlik ferskrikt, hy werkent dizze sêne… 2 froulju/3 manlju

Wat in gekke man…en syn frou dan?

It stik spilet him ôf op trije Krystjûnen, yn trije ferskillende keukens, by trije echtpearen thús. Kostlike dialogen, misferstannen en teloarstellingen. Mislearre yn it libben en karikaturen fan harren sels wurden, trochdat elkenien mei eachkleppen op rint.
Foar de bûtewrâld liket alles perfekt, mar as de maskers ôf falle sjogge wy de echte wrâld. Hjirtroch heart nimmen mear wat der sein wurdt. It is in wrange komeedzje, mar wol in bysûndere.
Fermaaklik en skerp skreaun mei doldryste situaasjes. Der wurdt in spegel foar hâlden en neat is wat it liket.

Twastriid

Twa susters treffe elkoar yn de wachtkeamer fan de notaris. Se diele in ferline mar binne tsjinpoalen wurden en ha elkoar mar sa no en dan de lêste jierren sjoen. As se elkoar ferplicht nei de dea fan harren heit by de notaris wer sjogge, wurde net allinne âlde wûnen wer iepenhelle, mar stiet har ek noch in ferfelende ferrassing te wachtsjen.

Maitiid

In ‘feel good’ toanielstik wêryn’t de ûngewoane leafdesskiednis ferteld wurdt fan trije minsken dy’t elk harren eigen geheim mei harren meidrage. Marja en Martin komme mei elkoar yn’ e kunde op it tsjerkhôf. Wylst se by de grêven van harren beminden steane wurde se ferrast troch de gefoelens foar elkoar. It ‘maitiidsgefoel’ sa as Marja it neamt: opnij fereale wurde op in leeftyd as je it net mear ferwachtsje. Mar dan blykt der noch in frou te wêzen, Stella, dy’t al jierren in rol yn Martin syn libbet spilet en dy’t net fan doel is om har plak samar ôf te stean oan in oar. ‘Maitiid’is in toanielstik mei humor, oandwaaning en sprankeljend as de maitiid sels.

Twastriid

Twa susters treffe elkoar yn de wachtkeamer fan de notaris. Se diele in ferline mar binne tsjinpoalen wurden en ha mar sa no en dan de lêste jierren elkoar sjoen. As se elkoar ferplicht nei de dea fan harren heit by de notaris wer sjogge, wurde net allinne âlde wûnen wer iepenhelle, mar stiet har ek noch in ferfelende ferrassing te wachtsjen.

Privee foar twa

Sy is de minneres fan twa manlju dy’t elkoar net kenne, wylst har man in misdiediger is yn Súd Amearika. Dan komt har suster útfanhûs en ien fan de manlju ferstûket it ankel wêrtroch beide manlju tagelyk oanwêzich binne en de leagens elkenien om de earen fleane

Privee foar twa

Sy is de minneres fan twa manlju, dy’t elkoar net kenne, wylst har man in misdiediger is yn Súd Amearika. Dan komt har suster útfanhûs en ien fan de manlju ferstûket it ankel, wêrtroch beide manlju tagelyk oanwêzich binne en de leagens elkenien om de earen fleane

Jubileumhotel

Victor Weusink ferbliuwt mei syn frou Emma yn it Jubileumhotel en besiket foar in pear oerkes yn itselde hotel in ôfspraakje te meitsjen mei Sonja Hoppener, de sekretaresse fan de Premier. Hy lit dit regelje troch syn sekretaris Bram Bunning. Dat hie er better net dwaan kinnen! Want as Emma ûnferwacht werom komt, steapelt it iene misferstân him op it oare en rekket it hotelpersoniel folslein oerstjoer

In saaklike affêre

Bob hat in slûperke makke mei Fiona, de frou fan syn baas. As harren echtgenoaten nitelige fragen stelle, betinke se gau in aliby. Bob wie by William en Fiona by Mary.
Oant safier neat oan ‘e hân. Mar dan komme William en Mary ynienen hiel gesellich op besite. En dan is it: rêde wat der noch te rêden falt…
In saaklike affêre is in ûnwjersteanbere geastige relaasjekomeedzje, wêryn’t de perikelen fan trije echtpearen op in orizjinele manier mongen wurde. Ayckbourn lit him yn dit stik fan syn meast humoristyske kant sjen en dat moat wol in net te missen foarstelling wurde. In top teaterjûn!