In grize komeedzje

Fjouwer akteurs op leeftiid komme alle wiken by inoar om te praten oer it fak, oer de fergonklikheid fan sukses en oer it âlder wurden. As ien fan harren beslút dat se leaver dea wol, komme de oaren op in wol hiel kreative manier yn aksje…
Bizarre wendingen, skerpe dialogen en in ferrassend ein. In komeedzje mei in earnstige ûndertoan en de fraach: moat men sukses oant de dea ta ôftwinge?

De Froulju’s Slachterij

“Nea bang wêze foar manlju!” Dizze liifspreuk wurdt troch fjouwer froulju yn it Frânske doarpke Salves op bysûndere wize krêft bysetten. As de slachter fan it doarp stjert, nimme syn dochter en har ivich eameljende man de saak oer. Dit sil it begjin wêze fan in rige dramatyske foarfallen, lugubere insidinten en misferstannen dy’t it libben yn it doarpke foargoed feroarje sille. Dit komyske ferhaal fertelt wat der barre kin as fjouwer froulju it rjocht in eigen hân nimme.

Keale beammen rûze net

De simmer is foarby. Wylst de grûn al kâld oplûkt, sitte Jos en Rie noch hieltyd op de camping. Mei de rêch nei de tinte en útsjoch op it paad, beskôgje sy de wrâld om har hinne wylst de oaljelampe walmet en de reade wyn te kâld is.

“Keale beammen rûze net” is in duet foar twa froulju, earne yn in refugium oan de râne fan de maatskippij. Yn in wanhopige syktocht nei hoe ’t se harren it bêste klaaie kinne foar de komst fan… ja wa eins… komt de jas boppe wetter dy’t Rie oan hie doe ’t se op in dei nei Jos ta flechte is. Under it mom fan “oantinkens ophelje”, folget in hilaryske, mar al geandewei hieltyd pynliker ûntknoping, dêr’t it fertriet fan de twa froulju hieltyd better fielber wurdt.

De skyn ophâlde

Der wurdt in wedstriid roaze kweke organisearre troch it Ingelske Hof. Hyacinth wol in nije roazesoart kweke dy’t hooplik de namme Prins Charles kriget. Se set Richard oan it wurk.
As se útnûge wurdt mei har roas op it paleis fan Kensington, docht se alles om yn ‘e graasje fan Charles te kommen. Mar dan hat se net op de bûnte samling fan har famylje rekkene.

Swart is sa tryst

‘Swart is sa tryst’ fertelt it ferhaal fan trije suskes, dy’t byinoar komme nei it ferstjerren fan harren mem. Der moat noch it ien en oar regele wurde, mar de belutsenheid tusken de trije is fier te sykjen. Alles wat de iene regele hat of regelje wol, is op foarhân al ferkeard. Dêrnjonken ha se alle trije har eigen byld fan oantinkens en gedachten. We sjogge de trije suskes wankeljen op de púnheapen fan har eigen libbens. “Swart is sa tryst” is in stik mei in protte humor, wêryn de trije froulju, dy’t oan inoar weage binne, net fan doel binne om ek mar ien stap oan ‘e kant te dwaan foar de oar.