Fûke foar in man allinne

Daniël wie tige lokkich troud mei Elisabeth. In prachtige houliksreis… In prachtige fakânsje yn in riante filla… Mar ynienen is Elisabeth ferdwûn, sûnder in adres achter te litten.
De plysje wurdt op ‘e hichte brocht. De kommissaris is tige behelpsum. En de nije pastoar… hy bringt haar werom. Mar it is Elisabeth net! Hoe sil Daniël dat bewize kinne?

De lêste reis fan Bearend Bolderbast

Yn dit stik giet it oer it komplot fan Jildwolf, de minister fan Kening Durk III, tsjin de kening, om de macht oer it lân yn hannen te krijen. Jildwolf hat in fetsje mei fergif stellen en lit dat troch syn feint Hantlanger yn’e see leegje. Alle fisk dy’t dêr yn swimt, sil dan fergiftige wêze en de kening, dy’t dy deis fisk ite sil, sil stjerre. It komt lykwols net safier dat Jildwolf dan de macht oernimme kin, want Doutsen, de keukenfaam, fernimt krekt op tiid dat de fisk ferjûn is. It slagget Bearend Bolderbast dan ek noch om it jild út de skatkiste, dat Jildwolf meinommen hie, wer yn feilichheid te bringen, dat kening Durk de Tredde is út’e soargen wei en hoecht net mear in minister fan finansjele swierrichheden mear. It stik beslacht oan tiid in hiele jûn – it skoft meirekkene – en it is ornearre foar de bern fan de heechste klassen. Mar it lient der him ek tige foar, troch folwoechsenen foar de bern spylje te litten.

De útsetter

Louis hat destiids in tige jong wyfke troud, dat se is noch lang gjin fyftich jier, of har trije bern binne troud en wol de doar al út.
Mar se hat ambysjes en se skriuwt temûk in boek, yn ‘e mande mei de redakteur fan in frouljusblêd. It docht bliken dat it boek, oankundige as in ‘damesroman’, der omraak ynfalt, benammen omdat de minsken út har stedsje der bekende persoanen yn tinke te finen. Dat jout bygelyks yn ‘e húshâlding fan domeny ek al opskuor omdat mefrou ta de ûntdekking komt dat se as frou winliken fierstentemin earmslach hat. Tenei wol sy ek oars en dat bringt neffens domeny it hillich ynstitút fan it houlik yn gefaar. As it skriuwers-koppel nei dit sukses in nij boek op priemmen sette wol, jout dat ynearsten de wenstige problemen mei Louis, mar dy komt ta it ynsjoch dat er it spul mar better meispylje kin, dat hy hellet – no’t it auteursduo him tydlik ôfsûndere hat – syn siktaresse by him yn ‘e hûs.

Dat jout fansels wer nije problemen en trelit, net te min yn famylje- en freonerûnte.

En it duorret net mâle lang of alle trije froulju ferwachtsje in poppe.

Louis hat dan syn rêst werom en syn frou sjocht as takomstige beppe in gloednije taak foar har lizzen en seit dat se oan in nij haadstik fan har libben begjinne wol………..

Ien foar ’t brekken

De haadpersoan is hjir in frommeske, Nora, dy’t foar de twadde kear troud is, mei in widner mei in dochter fan in jier of 18. Nora hâldt dizze man gauris foar dat har earste man gâns mear keardel útmakke as hy. It liket har soms suver te muoien dat dy earste man, in sekere Albert, der net mear is en foar de wet deaferklearre is.
Ynienen komt dy ‘ferstoarne’ Albert dochs wer yn ’t fermidden en it docht har bliken dat hy yn uterlik noch aard lang net oan Harry, de twadde, takomt. Likegoed besiket Nora har earste man noch tsjin de twaade út te spyljen, mar dy beslacht dat ornaris mei de gek. Mar op ’t lêst komt de aap út ‘e mouwe: it giet Albert net om Nora, mar om har jild, en dan is Harry foar har wer de bêste. Albert komt ek noch raar te pal as syn twadde frou ferskynt en him sonder folle omslach meifiert.
Koartswilich en lichtfuottich, mei bûten de haadpersoanen noch in pear nijsgjirrige figueren dy’t meitsje dat der alderaardichste dialogen yn sitte.

In hûs fan hâldoan

Albert Jorna, tsjin ‘e fyftich jier, hat syn frou ferlern en ferhiert no keamers oan jonge fammen. Syn buorfrou hat er frege om wat kontakt mei de famkes te hâlden en wat ta te sjen. Twa fan harren hawwe ferkearing; de tredde, dy’t fan bûten komt, net. De jonges fan de twa fammen komme dêr ek yn ‘e hûs em sa spylje har dêr allerhande scènes ôf, dêr’t leafde en oergeunst, fertrouwen en wantrouwen yn gauris wikseljende stimmingen yn ta utering komme. Jorna, dy’t, omdat er sa bot smookt, Oom Camel neamd wurdt, makket him fertsjinstlik troch by allerlei aksjes en problemen dy’t har foardogge in bemiddeljende rol te spyljen.
Hy fernimt dat, al hâldt en draacht de jongerein him gâns oars as earder, de problemen yn wêzen deselde binne as doe. Gauris kin er de jongelju helpe en fan tsjinst wêze, mar dochs fielt er him iensum.
As er lykwols yn ‘e kunde komt mei in suster fan it famke fan bûten, dan liket it him ta dat der in kâns is op in oplossing foar dat probleem. Dy suster, in frou fan tsjin ‘e fjirtich, wol, omdat se as skoaljuffer yn har eigen wenplak en by har âlden alhiel driget te fersuorjen, in baantsje yn ‘e stêd sykje.
It betsjut foar Jorna leafde op it earste gesicht. Dochs is it sa maklik net as it earst like, mar bei wat tûkelteammen komt it dochs klear mei harren.