De ferbouwing

Ylka en Thomas, litte harren hûs ferbouwe yn de hope harren houliksproblemen fuort te timmerjen. Der moat in muorre komme om inoar net sa op ‘e nekke te sitten. In muorre om kommunisearje bliuwe te kinnen. Twa ferbouwers fiere de opdracht út. Al moannen binne se der drok mei om’t de plannen hieltyd op ‘e nij wizige wurde. Oant hoe fier moat de muorre rinne? Mei Ylka Thomas sjen kinne as se fan de trep ôf komt? Wa beslút wêr ’t it doarke fan de meterkast komme moat? Der komme hieltyd mear barsten yn de gearwurking tusken de opdrachtjouwers en de útfierders. En tusken de baas Ben en syn help Mike, mar foaral tusken de yn in midlifekrisis sittende Ylka en Thomas. Echt fout giet it pas as Thomas it krekt skuorre doarke werom ha wol op it oarspronklik ôfpraten plak. De ferbouwing groeit út ta in metafoar foar al it fergeze knutseljen oan in net wurkjend houlik.

Fred

Mary hat krekt har man begroeven. Se wennen tegearre by Paula yn. De trije-ienheid, wer’t elk syn neuroazes beskerme liken is no fersteurd en de gleone Mary wol neat leaver as wer in man yn ‘e hûs. Dat wurdt de sleauwige Arthur, dy’t him ûntwikkeld as in gefaarlike gek mei in memmekompleks. Hy fersterket de ferwidering tusken de sjagrijnige Mary en de trage Paula.

Falskspilers

It stik giet oer in operetteferiening dy’t “The beggars opera” opfiere wolle. De repetysjes ferrinne lang net sûnder problemen. Neist de hieltyd wer weromkommende problemen mei de rolbesetting, is der sprake fan gekonkel, rabberij en amoereuze ûntwikkelingen. Slagget it de regisseur fan it selskip, dy’t maklik op de kast sit, om de foarstelling op ’e tiid ôf te krijen? En wat wol elkenien doch fan de nije toanielspiler?

Gjin ekskús

René wennet gear mei har freon en sil trouwe. Har bernejierren komme boppen. By de terapeut Chris wurdt dit yn flash-backs oanjûn. It giet om in alkoholistyske mem en in heit dy ’t der noait wie (seeman).
Stipe kriget se fan de buorman dy ’t har misbrûkt. It kommentaar fan de bûtenwacht ( 6 persoanen) wurdt ôfsetten tsjin it ferhaal fan René. It machtelease (net) dwaan fan de helpferlieners. De famylje, de buorlju, de húsdokter ensfh. It is in oanklacht fan René yn dy rjochting. It publyk spilet yn ‘e ein ek mei. Twa tsjinstelde mieningen. (kin dûbelrollen fan eardere 6 wêze)