Sabeare dokter

Harry, in fersekeringsman, komt by in famylje oan hûs fan heit, mem, dochter, soan en faam, dêr’t op dat stuit krekt in dokter (psychiater) ferwachte wurdt om by de soan te sjen. Hy wurdt yn dy sitewaasje suver yn ‘e rol fan dy dokter twongen en is fuortdaliks beret: hy docht dan mar krekt oft er dy psychiater is. En de húshâlding – op de dochter nei – twifelt dêr net oan, foaral omdat Harry dy rol treflik wit te spyljen en him útdrukkingen oaneigenet dêr’t er suver deskundich mei omspringt. En as de echte psychiater komt, wit er it sa te draaien dat dàt de pasjint is en hy de dokter. Oan ‘e ein fan it stik – as er fuort sil – ferget de dochter him op in útspraak. Dan kin er der net foar wei om te bekennen dat er gjin dokter is. Mar as se dat de oaren fertelle sille, wol net ien it leauwe.
En as dan de echte psychiater ek noch seit dat Harry in wûnder is yn ‘e psychology – hy hat him fan de sliepeleazens ôfholpen – en him ‘kollega’ neamt……

Moard oan ‘e mar

Tema: In jacht op jild, dy’t om in moard net oergiet.
Karen is troud mei John Clayton, dy’t in dochter hie. En in protte jild. By in auto-ûngemak hat John it libben litten en is syn dochter Ellen wer opknapt, mar oan ‘e skonken ferlamme bleaun.
Húsdokter Lane behannelet har. Hja wenje yn in hearehûs, dat boppe op in rots oan in mar stiet. As dokter Lane in pear wike nei in kongres moat, soarget er foar in ferfanger, t.w. dokter Corey Phillips.
Dêr binne fierder yn ‘e hûs Jenny, de húshâldster en suster Pepper, de ferpleechster fan Ellen (dy’t yn in rolstoel rydt). Ellen, dy’t gewoanwei frijwat stume, rekket alhiel yn ‘e fleur troch de jonge dokter. Se reitsje suver op elkoar fereale.
Mar der barre dêr yn en om it hûs nuvere dingen. Earst spielt dêr fuortby in lyk fan in manspersoan oan; dan wurdt der op in stuit dat Pepper yn ‘e túndoarren stiet in skot op har lost en noch letter geane alle ljochten dêr yn ‘e hûs út en komt der in man yn it tsjuster fan de warande troch de keamer en dy ferdwynt troch in draaiend paniel yn in kast. Wer letter, as hja datselde paniel iepen dogge, leit de húshâldster dêre en dy is der sa slim oan ta dat hja fuort dêrnei stjert.
As dokter Lane foartidich werom komt, krije hy en Karen yn ‘e rekken dat it mei dy jonge dokter net ynoarder is: it is deselde net dy’t dokter Lane eartiids yn it sikenhûs sjoen hat. Hja geane syn gongen nei en dat op himsels jout al wer fertinkingen by Pepper, dy’t it saakje dêre ek net stiet.
It docht bliken dat net it testamint fan John, wêrby’t er alles oan syn dochter tamakket, it lêste is, mar dat der in letter testamint is, makke mei as tsjûgen: in eardere suster, dy’t tuskentiden stoarn is en Jenny, de húshâldster, dy’t no ek dea is.

Hoe’t it fierder giet? Lês it!

Ingeborg

Ingeborg is troud mei Ottokar. Hy is in goede man, mar hy is in bytsje ferfeelsum. Dat fynt sy, mar dat fynt hy sels ek. Hy ferwachtet dat as sy in flotte jonge man fynt, dat se him bedrage sil. Se krije ûnferwacht besite fan in flotte jonge man, Peter. Peter hat te meitsjen mei de oarsprong fan de leafde tusken Ingeborg en Ottokar; Ingeborg hie as skoalfamke ferkearing mei harren freon. Dizze freon soe fan skoalle stjoerd wurde omdat hy in kear skûltsjesetten hie om mei Ingeborg te wêzen. In oar hat him doe rêden troch de skuld op him te nimmen. Ingeborg waard doe fereale op dizze foar har ûnbekende held. Ottokar makke har wiis dat hy dy held wie. Peter komt nei lang wifkjen om syn gelyk te heljen: hy wie dy held. Sadree’t Ingeborg dit wit hâldt se ek fan him, lykwols sûnder har leafde foar Ottokar te ferliezen. En dat is ek de status quo wêr’t it stik mei einicht: Ottokar krige gelyk, syn frou bedraacht him; Ingeborg kin net kieze en Peter kin it net oer syn hert krije om Ottokar syn frou ôf te nimmen.