Sneinsbern

It spilet him of yn de keamer fan Kuperus yn in fersoargingshûs. Kuperus rint noch goed lyk, mar de lea wurdt hurd minder. Syn bêste freon Alberda wennet ek yn dat hûs.
Hy is noch flink, mar wurdt geastlik minder. Troch de eagen fan dochter Jenny en har man Pieter en troch de kontakten mei juffer Wiinters en juffer Bakker sjogge wy de eangsten en frustraasjes fan de beide manlju.
Mar wy sjogge ek humor en it relativearjen om dizze saken yn balâns te bringen.

De boer en syn lot

Arlette is út jildsucht troud mei Sebastiaan, in man fan boerekomôf. Sy hie heard dat Sebastiaan noch mar in heal jier te libjen hat en hopet mei koarten in rike widdo te wêzen.
Mar Sebastiaan is sa sûn as in fisk en Arlette hat it hielendal hân mei ‘it leafhawwende froutsje spyljen’
Se betinkt in plan om har fan Sebastiaan te ûntdwaan, lykwols dit slagget net en oan ‘e ein fan it stik blykt dat Sebastiaan net ryk is mar wol wurde kin om ’t hy de iennige erfgenamt is fan in rike neef.

De toarre toarnbei

It nijsgjirrige fan dit stik is dat it him ôfspilet foar de doar fan kaffee/pension “It Ammerke”; op it terras dus.
As gasten komme der earst twa bruorren dy’t feitliks it âlderhûs-lês oerhearskjende mem- ûntflechte hawwe.
As oare gasten komme der letter twa susters dy’t op in kuiertocht binne. De karakters en dêrmei it hâlden en dragen fan sawol de bruorren as fan de susters binne alhiel ferskillend en dat op himsels is al in boarne fan mieningsferskillen en botsinkjes.
In knappe studinte/betsjinster, in nuveraardige stamgast en fansels de bazinne kompletearje de ‘cast’.
As daliks de earste jûn al ryklik drank brûkt wurdt, bart der fan alles en einliks ek wer neat.
Mar de betizing is grut en jout oanlieding ta de noadige hylaryske sênes.
Mei faasje spile in flot blijspul.

De Sweedske sekretaresse

It stik spilet him ôf op it kantoar fan de STichting Nij Posityf, dy’ t ta doel hat de literatuer suver te hâlden en de seks ut de boeken banne wol. It ferhaal draait om ‘e wat wrâldske, skieden mem fan in net al te fêst yn ‘e skuon steande meiwurker fan de Stichting.
Hy hat ûnwiis yn de boeken knoeit en ropt op in ûnberet stuit de help yn fan syn mem. No dat sil ‘er witte! Sij kriget de kâns om har ut te jaan foar in oar en sa de Stichting yn te kringen.
Mei de bêste (?) bedoelingen soarget se oan ien wei foar de grutste reboelje yn de Stichting mar se wit har der ek hieltyd wer ut te rêden. It is in satire op seks, boekhâlders dy’t der mei de kas utnaaie en noch mear saken dy’t it minskdom hjoed-de-dei bezich hâldt mar it hat noch wol safolle deugden dat it boppe de gewoane klucht utpiket.
De feardige pinne fan Annie M.G. Schmidt wie dat ek wol tabetroud.

Dûbel ferhierd

Van Dusum en de frou, dy’t in grut hûs bewenje, beslute om de boppe-etaazje te ferhieren. Op har advertinsje komme twa gadingmakkers del: earst ferhiert de frou de keamer oan Bruno Palstra en tewyl’t se der even út is te boadskipjen, ferhiert van Dusum deselde keamer noch ris oan Leny Katsma. Net ien fan beiden wol tajaan en it draait der op út dat elk in helte fan ‘e keamer kriget en elk in sliepkeamer mei massaal gebrûk fan de keuken. Dan binne se it wer iens, mar bytiden ek slim oniens. Hawar, om koart te kriemen, oan ‘e ein krije se elkoar dochs. Dêr tuskenyn spylje de kontakten dy’t se hawwe mei de hear en mefrou van Dusum. Hja is gau bang dat har man oanhâld siket by it frommeske fan boppen en har man is tige slij nei drank, dat him dêr boppe nochal ris oanbean wurdt.
In lichtfuottich gefal, mei gâns spylmooglikheden, dat fiif betûfte minsken freget.

Lottere leafde

Victor Rhodes, in toskedokter fan yn ‘e fjirtich, is troud mei Mary. Hja binne inoar tagedien, mar de hertstocht is al jierren ferdwûn. Dêr komt noch by, dat Victor syn frou ergeret mei syn ivige, berneftige grapkes, dy’t er ek op syn gasten loslit. Mary is fereale op Clive Root, in antikêr, dy’t al mei in hiel rychje troude froulju in misbetearde leafde “ôfwurke” hat en no syn sinnen op Mary set hat. It slagget dizze beide om sûnder dat it yn ’t each rint fjouwer dagen yn in hotel yn Amsterdam ûnder te dûken. Hjir prate hja ôf, dat Mary yn jannewaris, of safolste earder as dat Victor harren ferhâlding trochkrigen hat, Victor ferlitte sil om mei Clive fierder te libjen.
As Victor harren op ‘e lêste dei yn Amsterdam suver wat oer ’t mad komt, hat er neat yn ‘e gaten.
Clive lit dêrop de húsfeint fan it hotel oan Victor skriuwe, dêr’t er it ferhaal yn docht fan it ferbliuw fan Mary en Clive yn Amsterdam. As Victor Mary konfrontearret mei syn nije wittenskip, docht bliken dat hja gjin kar dwaan kin tusken Victor en de bern oan ‘e iene kant en Clive oan de oare. By eintsjebeslút wurde hja it der mei har trijen oer iens, dat Clive tenei alle wiken komme sil te iten en dat Mary in kearmannich jiers mei Clive derop út gean sil.
Njonken de fjouwer neamde persoanen spylje ek noch in befreone span mei in dochter fan njoggentjin jier mei. Dit famke seit Clive iepenlik har leafde foar him oan. Fierders is der noch in Italiaansk pratende man.

Ald boartersguod

Frank en Kiki kinne foar it earst in eigen ûnderkommen krije: in âld skildersatelier. Der is ien betingst by: sy moatte de hiele brut oan skilderijen en âld boartersguod, dêr ’t de keamer fol mei stiet, oernimme. De jongelju hat it jild der net foar, mar de eigenaresse wol it harren earst wol liene. Frank is hawwerich en saaklik, Kiki is gefoelich. As tusken de âlde rommel in kostber skilderij fûn wurdt, komt harren houlik ûnder swiere druk te stean.

It halsketting

Juwelier Frank Mees hat in kostber halsketting yn ‘e hûs. Hy hat der al in klant foar, mar it moat earst fersekere wurde. Ear ’t it sa fier is, ha al hiel wat minsken by him yn ‘e hûs it ketting yn ‘e hannen hân en bewûndere. Yn in “skriller” leit it foar de hân dat it ketting stellen wurdt en dan giet it om de fraach: Wa hat it dien??

## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.

As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.

Oan’e ein fan’e reinbôge

Wolter Enkelaark, in amtner, hiert yn’e fakânsje mei frou en dochter in keamer yn in pensjon. Wolter hat lykwols hiel wat oars yn’t sin as noflik fakânsjehâlde. Syn pake en beppe ha jierren ferlyn yn ditselde hús wenne. Pake soe yn de twadde wrâldkriich in fertún oan gouden tientsjes ûnder de flier bedobbe ha om se út hannen fan de besetter te hâlden.
It hús rekke troch de oarloch slim ferrinnewearre, it waard ferkocht en letter wer opboud. Nimmen hat ea wer om dy tientsjes tocht…. Sa hat Wolter it fan syn heit heard en no is er perfoarst fan doel om dy skat yn hannen te krijen. As it moat is er ree om de hiele flier út it hûs te brekken. Mar dat giet samar net….

Skarrel op ‘e skealing

Mary Rhodes, frou fan toskedokter Victor Rhodes, had in ferhâlding mei Clive Root, in antiker. Harren ferhâlding moat it ha fan stellen oerkes. De net troude Clive easket lykwols hieltyd mear tiid fan Mary op en wol dat se kiest tusken him en har man Viktor. Dat is net maklik foar har, omdat se nettsjinsteande alles ek fan har man Victor hâldt. Boppedat is Mary mem fan twa bern.
Clive forsearret de sitewaasje meidat er Victor troch in brief op de hichte bringt fan harren ferhâlding. Victor skopt Mary lykwols net it hûs út, mar stelt in diskrete omgongsregeling út tusken Mary en Clive. Clive wol Mary allinne foar himsels en sjocht gjin heil yn dizze oplossing. Victor liket him lykwols te oertsjûgjen. It stik hâldt op mei it echtpear Victor en Mary dat foar Clive oer stiet. Sil Clive op it útstel fan Victor yngean?
Kommintaar:
Blijspul mei earnstige ûndertoan. Hoe faak steane wy yn ús libben net foar in kar, dy’t net te meitsjen is. Is it houlik allinne monogaam? Binne der oare libbensstilen mooglik? It stik leit ús gjin miening op. Bikkelhurd reagearje en fêsthâlde oan prinsipes bringt gjin oplossing.
Dus dan dochs mar kieze foar in omgongsregeling?

SP