Edwina Black silger
Gregory Black syn frou is krekt stoarn. De húshâldster Ellen wie har tige tagedien, folle mear as de selskipsdame fan mefrou, Lisa. Lisa hat mear omtinken foar menear Black.
Op in winterjûn yn 1895, wylst mefrou Black noch boppe de ierde stiet, komt de detektive Henry Martin lâns om ’t der wol ris wat net ynoarder wêze koe mei de krekte deadsoarsaak fan mefrou.
Ellen, de húshâldster, hat de eagen ek net yn ‘e bûse en wit fansels fan de ferhâlding menear Black en Lisa. En wylst de ferstoarne mefrou boppe leit, sil der útsocht wurde wat de wiere oarsaak is fan har dea en wa’t de skuldige is oan de dea fan mefrou Black. De beskuldigingen geane oer en wer. De ferhâldingen wurde hyltyd skerper en de taskôger wurdt ek tige meisleept yn de ferwikkelingen. Dizze echt-Ingelske skriller is in tige spannend stik mei in ferrassend ein.