Twa

It stik spilet yn de taap fan in doarpsherberch earne op it Fryske plattelân. Ornaris is it in rêstich kafee mei gemiddeld sa’n seis, sân klanten. Drokte is der mei de jierlikse toanieljûn en fansels mei de merkedagen. Freed- en sneontejûn wurdt der oanstutsen troch de jongerein, dy’t nei tsienen syn heil fierderop siket. Mar der binne ek jûnen dat de doar om healwei tsienen op slot giet. Jûn is it lykwols ûnferwachts tige drok. It rint de kastlein en it kastleinske Klaas en Jantsje van der Zee-Sikkema suver wat oer de fûst.

Winkeldochters

In húshâlding mei in winkel yn de benearjende jierren fyftich, earne yn Limburch.
It stik giet oer de swierrichheden dy’t him foardogge yn in húshâlding wêrfan ’t de leden by elkoar wenjen bliuwe, wylst se mekoar neat mear te sizzen ha.

Wy nimme noch mar ien net?

Harry hat yn in hotel Paula moete en traktearret har om har mei nei syn keamer te krijen. Dan komt Paula har kollega en dat makket it der foar “troude Harry” net makliker op. Hy giet no safier, dat er de kaai fan syn hotelkeamer op ‘e tafel leit en Paula oantrunet om dy mei te nimmen. Wylst Harry op syn keamer op har sit te wachtsjen, jout Paula de kaai oan ‘e betsjinner en giet mei har kollega fuort…..

Dwaan wat ik sis, hear

Harry Telinga besiket tillefoanysk wer kontakt te krijen mei syn frou, dy’t mei twa lytse bern troch him yn ‘e steek litten is. Sy wol lykwols neat mear fan him witte en lit de tillefoan rattelje. De buorfrou dy ’t wol fielt dat der wat mis is, komt ris te pinfiskjen, mar sy wurdt net folle gewaar. As buorfrou har man der ek noch by komt, krijt men in sêne te sjen dêr ’t de minne ferhâlding tusken de beide buorlju út nei foaren komt.

In wyntsje liket my wol lekker ta

Dizze ienakter spilet yn ‘e ytseal fan in klasse-hotel. As Marten en Jelly Huizinga binnen komme, sjogge se dat der al ien tafel beset is, en dat dêr Marten syn baas en de frou sitte. Dy beide fernimme neat en Marten en Jelly groetsje harren ek net. Ut de petearen dy ’t dêrnei oan beide tafels holden wurde, docht stadichoan bliken dat der net allinne saaklike ‘ferbiningen’ binne tusken de beide pearen. De mânlju lykwols wegerje, tsjin better witten yn, om dat ûnder eagen te sjen…..

Leave santjin

Op in doarp sil in grut feest holden wurde omdat der in nij ferieningsgebou iepene wurde sil. In fertsjintwurdiger fan ‘e gemeente, muzykkorps, gymnastykferiening, alles sil der oan meidwaan.
Spitigernôch wierret it harren oer alle boegen tsjin. Reine dat it eazet, tsjinslach mei it opbouwen fan ‘e tinte en it poadium en ek de lûdsynstallaasje lit it ôfwitte. As dan de ynstallaasje àl lûd jout komt it publyk te hearren dat Bauke syn faam yn ‘e kream moat fan de behearder fan it doarpshûs…….

Om in praatsje ferlegen

Fjouwer minsken sitte elk op ien fan de banken yn it park. Nûmer fiif giet by A sitten, mar praat sa lang en ferfeelsum foar A, dat dy nei B ferhuzet en sa giet dat it rûntsje om. Elk is mei syn eigen dingen dwaande en siket rêst, mar ûndergiet it tsjinstelde. Nei de lange ferhalen dy ’t se om bar dien ha, rint it stikje yn koarte sintsjes ôf.

De kontrabas

In man (35 jier) fertelt oan in imazjinêr persoan (dat kin ek it publyk wêze) syn ferhaal oer it ynstrumint dat hy bespilet, de kontrabas. Under it ferhaal makket hy in soad sydsprongen; hy fertelt oer de leafde, oer bekende komponisten, oer klassike muzyk, oer it bestean fan in musikus, oer de sin fan it libben en noch folle mear.
KOMMINTAAR:
In prachtich skreaun stik mei ferskillende lagen. It ferhaal oer de kontrabas is de boppelaach, mar dêrûnder fertelt hy syn filosofyën oer it libben en de leafde. It is in frij lange monolooch mei in hiel
soad tekst. De tekst fariearret fan serieus oant humoristysk en fan poëtysk oant muzikaal.
It soe in goed ding wêze dat de akteur in tal elemintaire feardichheden yn it spyljen fan in kontrabas yn ‘e macht hat.

DS

De keardels fan ’t kastleinske

It ferhaal giet oer de libbenswei fan in doarpskafee, fan it begjin oant it tryste ein. It ferhaal rint net syngroan, it befettet in soad flash-backs.
Juffer Amalia trout mei Marvin Macy, in eks-finzene dy’t syn libben bettere hat. Hy jout har syn hiele besit om syn leafde foar har sjen te litten. Amalia bliuwt ek as hja troud binne in kâlde kikkert en slacht nei in houlik fan tsien dagen him de tosken út ‘e mûle. Op dat stuit hat Marvin syn nocht en beslút om fuort te gean. Marvin swart dat er wraak op Amalia nimme sil.
Nei in tal jierren giet hy werom nei it stedsje. Underwylst hat Amalia de soarch fan Lymon, in bochele dwerch, op har nommen.
Lymon giet fuortdaliks nei Marvin ta en lit Amalia yn ‘e steek. Elke dei liket it op in fjochtsjen út te draaien tusken Marvin en Amalia, mar earst nei trije moannen is it sa fier.
Troch de help fan Lymon wint Marvin it gefjocht. Se ferneatigje it kafee en geane fuort.
Amalia slút it kafee en lit har nea wer yn ‘e sted sjen. Allinne sa no en dan kin in foarbygonger dy’t der goed om tinkt, in ûndúdlik gesicht efter de lûken wjerkeatsen sjen.

Kommintaar:
In útsûnderlik stik mei as sterkste punt de sfear. Der is kontinu sprake fan spanning yn it stik. De rollen binne prachtich en skerp.
It iennige neidiel fan it stik is dat de ‘cast’ grut is en dat it dekor in soad tiid en romte ferget.
Nettsjinsteande dat is it in absolute oanrieder.

DS